like wol merke yn de bioskoop. In pear smookten in sigaret of in segaar wylst der dochs dúdlik stie dat smoken ferbean wie.
De Grutsk fûn it in tige aparte seal, sa'n bioskoop. It hie wol wat fan in oare wrâld, sa't soms yn ferhalen nei foaren kaam. Ek hjir klonk muzyk, lykas yn it sirkus. Dêrby fergelike wie in radio mar in boartersdinkje. Hjir siet er midden yn de muzyk, it like wol oft it oeral weikaam. Syn omke stampte mei in foet op 'e flier, as dûnse er mei ien skonk. Syn neef trommele mei de fingers op it bekling fan de stoel foar him. Hy wie al fjirtjin en makke thús mei freonen muzyk yn in houten wasktsjettel en op in waskboerd. Mei syn fjouweren hiene se in orkest.
De Grutsk fûn dat prachtich. Yn syn doarp hie nimmen in orkest. Ja, yn Dierking bestie in muzykploech dy't wolris spile as der feest wie. Mar dat fûn De Grutsk gejank. Allinne de grutte trommel fûn er moai. Hingste mei in stik hout op sa'n strakspand fel like him geweldich.
Ynienen gongen alle ljochten út. Neffens syn omke begûn de haadfilm. En doe seach er foar it earst yn syn libben in film. Twa manlju - in grouwenien en in meager mantsje - belibben de frjemdste saken dy't er net foar mooglik hâlden hie. De fette miende dat er alles better wist, en de meagere like sa dom as in ko. Se belânen tegearre yn de brykste sitewaasjes. Eins diene se itselde as de kloons yn in sirkus. Allinne, dizze twa liken folslein echt.
De Grutsk gniisde him hast dea, hy skuorde him de bûsen út, en op it lêst koe er net mear yn syn stoel sitten bliuwe. Hy gong stean. Hy hie noch noait sa lake. Letter fertelde syn omke dat guon lju yn de bioskoop hast mear om him laken as troch de brike setten fan de fette en de tinne. It koe De Grutsk neat skele. Wat him oanbelange gongen se elke jûn nei de bioskoop. Hy genoat fan de grapkes fan dy twa spilers, hoe't se praten, en wat se belibben tegearre. Se praten folslein byelkoar lâns. As de iene it oer in do hie - de fûgel dus - dan tocht de oare dat it oer himsels gong. De Grutsk dreamde noch nachtenlang oer de aventoeren fan dy twa, en dan lake er lûd yn syn sliep, sadat syn muoike ûngerêst út har bêd nei him ta kaam.
Dat sjit De Grutsk no allegearre troch syn holle, dêre op 'e kop hingjend yn syn keamer. It liket wol oft syn holle better wurket no't syn kop fol mei bloed rint. As sit er wer yn it sirkus nei de akrobaten te sjen dêre boppe yn de tinte, sa skerp sjit alles foar syn eagen lâns. Hy wurdt