Haadstik 125
Remise jout libben en geniet
De Grutsk is bliid dat er ôfskie nimme kin fan syn freon, maat en oare ik yn de binnenstêd. Hy fielt dat er wer folslein mei beide skonken op 'e grûn stiet, dat er wer frij sykhelje kin no't de striid op libben en dea eindige is yn in soarte fan remise. Eins hat de tsjinpartij opjûn, mar it bliuwt ek in gelykspul. No't syn maat oare stikken brûkt, en in oar fjild foar kar nimt, leit foar De Grutsk de echte wurklikheid foar him. Syn eigen wrâld. Hy kin de iene foet wer sûnder stroffeljen foar de oare sette, en wit op dat stuit presys wêrt er weikomt en wêrt er hinne giet. It liket wol oft der mear soerstof yn de loft sit. As er djip sykhellet fielt er hast in gefoel fan lok, omdat er him no allinne rêde moat mei de ferhalen en alles wat der meireizget, bestiet en libbet. It liket wol oft er yn harmony rekket mei de wrâld, omdat er him libjen fielt yn it no, dat om him hinne giselet en him troch it liif skuort.
Dat gefoel sjit sa sterk troch syn lichem, dat er ynienen yn 'e rekken krijt dat er ferdomme libbet as in fisk. It útprebearjen fan de teksten op dat kadaver yn de binnenstêd hâlde him eins fier fan libjen en geniet. Ofremje, dat koe dat stik dweil, en foaral de ekstatyske gefoelens de deastek jaan. Kristenmesiele! Wat in pracht fan in wurd oars.
De Grutsk ûntdekt foar de safolste kear dat er libbet. Miskien is it net