kop stiet kinst slim wurden op in rychje sette, of moatst in hele nije taal útfine.
De Grutsk gniist en slacht him dan foar de kop. Dat er dêr net earder oan tocht hat. Hy moat it earst sels útprebearje, en dan kin er pas in oardiel jaan. Miskien kin er dan sels de hâlding en it gedrach fan syn konfrater begripe. Dy wrâld op syn harsens. Hy wol witte wat syn oare ik beweecht. Dan kin er akseptearje, of better oanfiele, wêrom't er ferdwûn is, en him sitte lit mei it boek, de ferhalen en it âlde doarp.
Yn wêzen docht syn maat wat al ieuwen tradysje is. Ast gjin ferantwurdlikheid nimme wolst draaist de wrâld om, of giest sels op 'e kop stean. Yn dy kontekst sjocht De Grutsk ynienen de died fan syn freon. Gjin konfrontaasje, gjin likwydaasje, nee, de wrâld op syn kop sette en ferdwine yn de taal dy't by dy wrâld heart. In eigen Niki de Saint Phallus skeppe, dêryn skûlje, en lit Roaske fierder mar de brot opromje. In leffert dus, en miskien moat er wol bliid wêze dat dy ikel opskrast is. Miskien hie er him al tefolle oan syn maat bûn. Lykas oan dy tal, oan dy ferdomde eksen of oan oaren dy't fan alles taseine, mar meastens net thús wiene as er skille, op besite kaam, in brief skreau, telefonearre of wat dan ek.
De Grutsk sykhellet ferromme. Hy hat fêst de oast fûn. Elke ferbining is in kompromys, en skriuwen is wol it lêste dat kompromissen ferneare kin. Twa yndividuele skriuwers byelkoar opteld jout by definysje deabier. In skriuwer wurket sûnder kontrole, sûnder konsesjes, sûnder noarmen, sûnder wearden, want de wetten fan de literatuer bepale wat der bart.
De Grutsk reest nei de fideobak, skuort de keatsfideo derút en klapt him op it fd-plankje. Dit is ommers it grutte foarbyld. Trije atleten dogge oft se meielkoar oparbeidzje yn ien partner, mar úteinlik keatst elk foar himsels. Der kin mar ien kening wêze. Hy set it tastel oan en sjocht daalk al in meunsterachtige herkules. Wham! Prachtich! Slaan se godferdomme de wrâld út! Bam, al wer ien. Krekt, dêr giet it om. Skriuwen is yn feite in foarmfariant fan it keatsen. It giet om de krânse fan de Parnassus.
De Grutsk is ûnwennich fan syn maat, mar tagelyk wit er, dat er de foarminst opslach der ek wol by nimme kin. Wat sille wy no beleve. Al dat morele geïkel en gelazer. Boppe hingste dy rotsoai, en skroeiers nei