| |
Haadstik 123
Wy plantsje in beamke foar dy yn in nij Snyp
- De wûnderlike reis fan De Fil en my. -
In skoft lyn haw ik dy ris skreaun oer in reiske yn in blyndearre auto dêr't yn it foarrút ien lyts gatsje útsparre wie. Troch dat gatsje koe de wrâld nei binnen komme. It is in idee fan in freon út Berlyn. Hy neamde it ‘Reizgje yn de kamera’. Sitst dus eins yn it tastel sels. Yn dat earste gefal yn de auto.
Doe't er it ferhaal yndertiid fertelde koe 'k my der wol wat by foarstelle, mar de wurklikheid sloech dêrnei alle foarstellingen nok-út. De ûnderfining en it belibjen oertreffe it ferhaal folslein. Jo reizgje sûnder distânsje fan de wrâld om jo hinne. Jo binne in part fan de bewegende wrâld wurden. Dat kaam noch sterker nei foaren doe't De Fil en ik in pear wiken lyn mei de trein ôfreizgen nei Antwerpen.
Sasto fêst lêzen hast ried dêr in wike lang in trein fan de Grutstêd nei Antwerpen mei twa blyndearre kûpees, elk mei in útsparre sjochgatsje yn ien fan de ruten. Dat wiene fansels de linzen. Yn de kûpee sels wie alles wyt kalke. Stuollen, flier, sydkanten, finsters en dak. Troch dat iene gatsje fan presys ien komma ien sintimeter trochsnee koest nei bûten sjen. Mar dêr gong it net om. Dat gatsje foarme yn feite sa't ik al sei de lins fan de ridende kamera. Alles wat bûten wie kaam dêrtroch yn de kûpee. Op syn harsens. Mei't de trein ried ferskynde de wrâld oan de bûtenkant yn beweging op de sydkanten en it dak fan de kûpee. Dêr sieten De Fil en ik middenyn. As waarden wy fan bûtenôf yn de kûpee delset.
| |
| |
Yn de trein krigest it gefoel, datst it middelpunt fan de wrâld wiest dêr't alles om hinne draaide. Yn in soarte fan sirkelrefleks fan in sintrifugearjend geheel.
Yn dy aparte wrâld bestiene gjin saken dy't normaal wol opfoelen en jin ôflieden fan it wichtichste. Der foel jin neat yn 't each, dat der útrûn, frjemd beweegde of miskien apart rûke koe. Nee, bysaken kamen net oan 'e oarder. It wie allinne de bondel ljocht troch it lytse kameragatsje - yn feite de ferljochte Objekten bûten de trein - dy't yn ús kûpee kaam. Dy wrâld ferskynde op syn kop om ús hinne, mar dat niest nei in skoftke net iens mear yn 'e rekken. Miskien wie it ek wol sa, dat wy alles daalk yn ús holle wer op syn poatsjes delsetten, of omkeard sjen as gewoan beskôgen.
Op dat punt twifelje ik, want wa seit my dat ik sjoch wat ik sjoch, dat ik sjoch wat ik al wit, dat ik sjoch wat ik sjen wol, dat ik it byld dat komt net oerset yn in oar byld dat bekender is, of, om it noch yngewikkelder te meitsjen, dat ik útselektearje op grûn fan min-bylden (minne ûnderfiningen) en plus-bylden (positive ûnderfiningen). Mei oare wurden, it op dizze wize ûndergean fan de wurklikheid om dy hinne slacht dy werom op dyn eigen observaasjes en op al datjinge dat al opslein is yn dyn holle.
Foar my betsjutte it reizgjen mei dizze kameratrein in ûntdekkingstocht troch ûnderskate wurklikheden, sawol direkt fisueel as ynterfisueel yndirekt, omdat it my in each joech foar de oerflakkigens fan it deistige sjen as sadanich (en it eventueel opskriuwen fan dat watst sjochst), foar it bewust sjen, foar it waarnimmen en foar it ûndergean fan de wrâld yn syn eigen totaliteit. Ien fraach kaam eins daalk al foar it ljocht en dy hat te krijen mei de funksje fan it ûnthâld. Better sein, ik set fraachtekens by de funksjes fan de ûnderskate ûnthâlden yn de holle fan in mins. Ik haw it dan noch net iens oer de ferskillen yn ûnthâld fan elk mins op himsels. Dyn ferhalen oer De Lytsk bygelyks rinne net altiten parallel mei mines. Ik bin in oare ik.
As ûnthâlden foarme wurde troch de fermogens, en by it weromroppen fan in oantinken ek soms twa- of mearsintúchlik binne, dan spilet dat wis en wrachtich as men yn in kamera rydt. De paradoks is dat it tagelyk mear èn minder nei foaren komt as yn de gewoane sjochwurklikheid, dêr't fielen, rûken, priuwen en harkjen fakentiids yntegrearre
| |
| |
binne yn dat sjen. It oanreitsjen lit ik even lizze.
Oan de iene kant krijst datjinge projektearre dêrst gjin ynfloed op hast, want it each fan de kamera bepaalt op grûn fan de snelheid en de rjochting fan de trein wat yn de kûpee komt, sadatst skynber minder sjochst, mar oan de oare kant ûndergiest dat projektearre wrâldsje better en sjochst dus mear, omdat it allegearre mei klam op jin takomt. En dat waard dan ek noch fersterke troch De Fil dy't as ien mûle en kut yn dy wrâld omstapte. Se waard in ûnderdiel fan dy draaiende panorama's fan bûten. Se paste deryn, en dat soarge foar noch mear bewustens oer it ferskil tusken de saneamde echte wrâld en de projektearre (ûnechte?) wrâld. Dat is eins ek net te beskriuwen, en it oertsjûge my wer fan it ûnsinnige idee ferhalen te meitsjen. Om mar net te praten oer in roman (in idee dat my echt oait yn myn kop omtoarke).
Dy earste konfrontaasje neam ik de earste laach fan it sjen, it ûndergean fan in wrâld dy't om jin hinne draait. Op himsels is dat fansels al in paradoks. In twadde tsjinstridichheid sjoch ik yn dy dan oanwêzige wrâld dêrst letterlik in eksintrysk middelpunt bist, omdatst dêre de meganismen opkommen sjochst fan folslein oarssoartige seleksjes sa't ik earder al omskreaun haw. Hjir hast te krijen mei in mearwearde. Dat mear komt nei foaren yn de twongen eksplisite útfergrutting fan de realiteit dy't heel eksplosyf op en yn jin delfalt (sjoen fan bûten de kamera is it in útferlytsing, mar dat is no krekt de ferneukerative wrâld dêr't men elke dei yn omrint, letterlik ferlytse en oerflakkich makke, ek al om jinsels te beskermjen, want oars soe men yn in omsjoch mataklap wurde, om mar ris in wurd fan De Fil te brûken).
It saneamde beheinde binnen dy útfergrutting - yn de kûpee mei De Fil en mysels as statyske middelpunten, (ek al rûnen wy wolris hin en wer, ek al hawwe wy in pear kear kopulearre as hûntsjes en ek al hat De Fil in pear kear hynderkeriden) - ûndergean ik as de subjektive en strangere seleksjes oangeande de ‘dingen’ yn de wrâld, omdatst yn it relatyf oerfloedige no krekt tiid hast foar it kiezen fan de echte ferbiningen mei dysels, dyn eigen estetysk bewustwêzen oangeande foarmen, bylden en betsjuttingen. Kopulearjen yn in draaiende wrâld om dy hinne - leist by wize fan sprekken yn in greide of yn in weetfjild - krijt dan diminsjes dyst net foar mooglik hâldst. Grinzen en swiertekrêften besteane net mear. De gjalp fan De Fil yn de lytse dea gong
| |
| |
folle fierder as de gjalp op it skilderij fan Munch dat ik yn Kopenhagen seach. De Fil feroare hast yn ien fan de seinpeallen (bûtendoar yn de saneamde konkrete wurklikheid) dy't nei binnen strûsden en ek in bredere betsjutting krigen, want se dûnsen lykas De Fil op en del op de wite lewanten fan de kûpee. Dy peallen soargen ek foar it tafal en de ferrassing (sa't it bern, de naïve en de net foarynnommen persoan dat sjocht), en feroaren yn spilers mei in eigen rol yn it teater fan de kamera.
It gewoane fan de seinpeallen wurdt troch dy kamerawurking feroare yn de mearwrâld fan de projeksje, in djippere ûnderfining. Dat is foar my de twadde laach (fan sjen: it fergelykjen, it stellen fan fragen, it selektearjen, it idintifisearjen, it ferwûndere wêzen, de spanning, de opwining, de feroaring fan perspektyf, it op 'e nij beneamen fan de gaos, it negearjen fan elk fêstlein en net-fêstlein systeem, feitlik it op 'e nij kreëarjen fan de wrâld). Eins is it in soarte fan orgasme, en kinsty miskien yntinke hoe't De Fil en ik ús orgasmes yn dat grutte orgasme fan de kamera ûndergongen en ûnderfûnen. It wie in kaleidoskoop yn in kaleidoskoop.
As wy op dat stuit fan de lytse dea yn de grutte fersyld rekke wiene hie it in prachtige dea west. Mei it skriuwen haw ik dat noait meimakke. Do wol sasto wolris tsjin my sein hast, en dêr moatst it dan ek mar mei fergelykje. Al wer in reden om neat mear op papier te setten, en it oan dy oer te litten.
Sasto wist bin ik moai aardich fisueel ynsteld, en as skriuwer woe ik daalk elk byld oersette yn wurden wylst ik op dat stuit ek ûnderfûn, dat de taal dat net koe. Of ik net fansels, en dat jout tagelyk oan hoe't myn beslút om dy alles te stjoeren op ûnderskate grûnen ta stân kommen is. Mei dat fisuele aspekt yn my haw ik besocht alles sa objektyf mooglik te observearjen. No't dat taaltekoart, of it tekoart fan de taal, heel skerp opfoel haw ik besocht de bylden net daalk oer te setten yn wurdsinsaasjes (miskien is it sels wol sa, dat ûnderfiningen en bylden jierren lizze moatte foardat se yn wurden beskreaun wurde kinne).
Ast soks te gau omsetst wurde der oan de iene kant fasetten fergetten en oan de oare kant kin der troch de assosjative krêft fan de taal tefolle oan tafoege wurde. Fan byld-1 komst op wurd-1, dat byld-2 en wurd-2 opropt, dêr't maklik wurd-3 of byld-3 út fuortkomme kin. En dizze
| |
| |
rige kinst sa lang meitsje ast wolst.
Foar my moast it tafallige safolle mooglik it tafallige bliuwe. It ûntstie en ferdwûn wer, hoewol't der fansels stikjes byld yn de holle achterbleaunen. Ik frege mysels ôf oft ik sjen koe sûnder wurden, sûnder daalk alles om te setten sa't de skriuwer docht. Ik praat hjir net oer keunst as sadanich - lit ús sizze literêre keunst - mar ik bedoel hjir mear it flechtige fan it waarnimmen, dat fongen wurdt yn wurden. As men der fanút giet dat statyske keunst net bestiet, dat de taskôger (de lêzer yn dit gefal) elke kear op 'e nij syn eigen keunstûnderfining hat - it momint súprêm - dan tink ik, dat sa'n reis yn de kamera dy momintsinsaasje fan lok, ferbazing, feroaring, fraach, tafal of skok dè ûnderfining is dy't it dynamyske yn keunst stal jout. In skriuwer soe dat dynamyske ek foarrang jaan moatte. Dêr twifelje ik oan myn eigen mooglikheden. Ik tink datsto dat better yn 'e fingers hast. In reden om dy alles te stjoeren.
Ik fyn eins dat dit eksperimint in bern fan dizze tiid is, omdat de metoade fan it reizgjen yn de kamera de tiid sels brûkt. It flechtige momint wurdt projektearre lykas op de televyzje. It liket yn earste oanlis oerflakkich, mar yn twadde ynstânsje dolt it djipper en klaait it de wurklikheid út. It bewustwêzen, it tinken, de gaos en de sinleazens fan alles wurde op 'e nij oan de oarder steld. Yn diskusje setten wat my oanbelanget. En dat is foar my de tredde laach dy't skûlet yn dat fenomeen fan tiidleazens en flechtichheid. Dat soe nei en yn de wurden oerset wurde moatte. Dat aspekt hat te krijen mei de betsjuttingen dy't wy altyd jaan wolle. It is noch de fraach oft dat perfoarst moat, mar men ûntkomt der meastens net oan.
Hoewol't ik wurdleas en sprakeleas alles yn my opnommen haw, ûntstie der dochs in fêsthâlden oan en fêstsetten yn it ûnthâld troch taal, yn poëzij hast, omdat ik dat sa njonkelytsen wend wie. Yn dy dûbele kontekst belibbe en ûndergong ik de wrâld. Ik konstatearre dat ik de bylden oersette en opsloech yn it reële wurdbewustwêzen fan it djippere surreële konsept. Lit ús sizze, it alternative taalbewustwêzen dat fakentiids ûndersnijd of beferzen leit op de boaiem fan de siel.
De wurklikheid sa't dy yn de kamera ferskynde waard net allinne oan de bûtenkant op syn kop setten, mar ek figuerlik oan de binnenkant. Dat levere fragen op oangeande it oardiel oer en de wierheid fan de (of
| |
| |
mear) wurklikheid(-heden). Wat is dyn miening bygelyks oer alles watst om dy hinne sjochst? De projeksje lei ek de finger op de foaroardielen en de partidigens oangeande de wrâld en de mins. Der ûntstie gjin kommunikaasje tusken De Fil en my yn dy kamera sa't wy dat ornaris wend binne, mar earder in petear mei de ik (ikken) yn dysels oer de ik (ikken) of do (do's) bûten de kamera. It each fan ien sintimeter komma ien lit de bylden troch en dan sjochst se sels as personifikaasjes om dy hinne sitten. Soms mei de sinne mei, soms yn tsjinoerstelde rjochting. It is mar krekt hoest se sels yn dyn holle oersetst en ferbynst mei de wrâlden yn dysels. De trein beweecht en dêryn beweecht de wrâld dêrst sels stil sitst.
Dat is dus hûndert persint mear as yn in gewoane trein, dêrst de yllúzje hawwe kinst dat bûten alles beweecht en datst sels mei de trein stilstiest. Mei oare wurden, in bewegingsleaze romte yn de beweging fan de trein liet troch dat kamera-each alles passyf op 'e muorren, it dak en de flier bewege. De ferbining fan en de ferhâlding tusken dat wat bûten is (mei ynbegryp fan de trein) en dat wat binnen barde wie gjin direkte mar in yndirekte oerienkomst.
It byld stie stil as ik mei de holle (de eagen yn feite) de beweging (it byld) folge op ien punt yn de beweging. Lit ús sizze it persleinen wite potsje op in seinpeal. As ik myn holle bygelyks fêstsette op in kapstôkheak oan de kûpeewand, dan reesde it byld lykas de trein fierder. Ik nim oan ek mei deselde snelheid.
It begûn in film te wurden dêr't ek hûnderten foto's achterelkoar yn ien sekonde foarbygiselje. Myn eigen kamera's (de eagen dus) yn myn holle registrearren beweging of stilstean, dêr't se ôfhinklik wiene fan tiid en diafragma's. Ek de ôfstân tusken de lins en de projeksjes spile in roi. Soms wie dat mar in fyftjin sintimeter, dan wer in trije meter. Ek dat makke ferskil yn it opnimmen en yn de djipte fan de sinsaasje. Silsty yntinke kinne hoe't de seinpeallen folslein feroaren doe't De Fil sels in soarte fan seinpeal waard mei't se op my hynderkeried. As in floeistofdia skeaten de kleuren útelkoar en ynelkoar, omheech en omleech. It wie in beweging yn in beweging yn in beweging, dêr't de liven ek noch har eigen ritme hiene.
Dit útfergrutsjen en ferlytsjen brocht my nei de kleare poëzij (lit ús sizze ‘poésie pur’) dy't ritmysk streamt en boud is op suvere assosjaasjes
| |
| |
fan klank, ritme en byld. Dat hie ik noch nea op sa'n wize ûnderfûn en meimakke. It each spile hjir foar it earst in wichtige rol en it ear wie sekundêr wurden. Fansels, ik haw wolris op in assosjative wize in fers skreaun, sasto dat ek wol dien hast. De lins is dan in neibinnen rjochte each, dat projektearret yn wurden en searjes fan wurden. Dat bringt ek in ferfrjemdzjende wrâld op it kleed, mar bliuwt as sadanich trou oan de wierheid fan de wurdewrâld. Wierheid bedoel ik hjir as in útdaagjend begryp dat it tinken op gong set.
‘Wierheden as kij’ leau ik net yn. Wierheden jouwe ommers gjin molke op fêste tiden, hoewol't guon lju dat wol miene. Kinsty begripe dat de poëzijûnderfining yn dizze kamera alle oare soarten fan poëzij - ek wat ik sels skreaun haw - op punten fersloech. Miskien wie it ek wol mei in nok-út. Foar my hie op dat stuit skriuwen gjin doel mear. Of ik bin tefolle in skoalmaster lykas de measte skriuwers, of ik krige te goed troch dat skriuwen as keunstfoarm mar foar in pear lju weilein is.
Ek poëzij is neffens my tagelyk in ferlytsing en in útfergrutting, mei dit ferskil dat wurden op papier fêst fiksearre objekten wurden binne, neidat se oanelkoar laske en opskreaun binne. Hawar, oer dat aspekt fan de poëzij en oer it ferskil tusken skilderkeunst en wurdkeunst (èn de oerienkomsten) hawwe wy it al ris hân. Wat yn de kûpee barde kinst miskien omskriuwe as in soarte fan bewegende skilderkeunst dy't dynamysk is en elk momint feroaret. Yn dat opsicht is it skriuwen folslein achterbleaun. Ik sjoch ek gjin mooglikheden om soks te feroarjen. It statyske fan de measte ferhalen en romans is net mear fan dizze tiid. Dêr't de wrâld ien gaos is liket it wol dat yn de wrâlden fan de literatuer oarsaak en gefolch wetmjittige útgongspunten binne. Ik leau dêr net (mear) yn. Miskien kinst ek dêr in oplossing foar fine.
Konstante yn dizze binnenwrâld fan de kamera is it tafal en it logyske fan it net-logyske. Mei oare wurden, op in stuit wurdt alles normaal, en docht bliken dat it bedimjen fan de gaos dêr't de hele wrâld mei dwaande liket te wêzen allinne mar keunstmjittigens op it kleed bringt.
De Fil en ik pasten presys yn dy omkearde wrâld. De beweging om ús hinne joech ús de krêft, it tempo en it ritme om wer ris frij te sykheljen. It liket wol dat al dat stribjen bûten dy kamerawrâld ûnnatuerlik wurden is.
De Fil is foar my in soarte fan byld fan Niki de Saint Phalle. Ik kin der
| |
| |
helendal yn ferdwine. Ik wit net hoe't en wêr't dit eindiget. Ik wit wol dat ik dit wol. It kontakt mei dy hat der ta bydroegen. Ik tocht datst moaie ferhalen foar my hiest, dêr't ik in wrâld mei meitsje koe. It is in oare wrâld wurden. In taastbere en net in fiktivenien. Dy lêste moatsto dy mar mei rêde. Ik stap op in oare trein. Hast my út de âlde wrâld skuord en sicht jûn op in oarenien. Miskien moetsje wy elkoar nochris. Ik hoopje te lêzen watst der fan makke hast. Ik bin benijd. Sterkte, ik bin der fan oertsjûge dat it dy slagget. Ik stjoer dy de groetnis, ek fan De Fil (no al foar de twadde kear). As wy ús stekje fûn hawwe sil se in beamke foar dy plantsje sa't se oait ris yn Israël in beamke foar dy plante hawwe. Wie 't net De Ruth? Tabee fan De Fil, it bêste fan my.
i.k. (net yn in bordeel, wol yn in waarm nêst fol estetyk)
|
|