kontrole hâlde, en se woe foar gjin goud út harsels slingere wurde. Dy rimen hâlden har blykber yn de skroeven.
Nei dat hynderkeriden gong se op 'e rêch lizzen en knibbele ik njonken har. Se sobbe dan wat op myn kul om, en ik moast har skamlippen wat opstrike. Har knopke fan geniet mocht ik net te lang leavje. Dêr koe se net oer, mar eins doarde se har net oer te jaan oan dat knopke fan geniet. Der siet in ferhaal achter - dat hie se al ris falle litten - mar it krekte woe se net fertelle.
As dat allegearre lang genôch duorre en se de kul op spanning brocht en pears makke hie, moast ik tusken har skonken komme. It machtsspultsje dat se altiten wûn koe begjinne. Ik moast har naaie as in beest. Dat sei se elke kear wer, dat fûn se fijn. Wat wylder en wreder, wat better. Se sloech har hannen om har titen en seach my oan. Wat rûger ik tastjitte, wat gleoner har eagen, wat mear se raasde. Mar se bleau op ôfstân. Op it eagenblik dat ik kaam seach ik it oerwinningsfjoer yn har eagen. De macht dy't se mei har kut en lea oer my hie geniete se fan. It wie gjin jaan of útwikseljen, nee, it betsjutte fan har kant it fernederjen fan sa'n gek dy't se der mei har liif en wiete kut ûnder hâlde koe. Se woe in slaaf dy't har wreed naam, mar dy't se de baas bliuwe koe mei't se har ûnderliif skiede fan har boppeste part. De harsens dus. Ik wit net oft soks sadistysk neamd wurde kin, mar it hie der in soad fan.
Demokratysk frijen hie se noait fan heard, of woe se neat fan witte. De bolle moast oan 't tsjoar en oan de rimen bliuwe. Der siet sadisme yn har holle, en der rammelen kopspikers yn har kut. Nei ôfrin fan de sesje - sa neamde se it - fielde ik my altiten belazere, en de ferliezende partij. Neffens my mocht sa'n spultsje net útrinne yn in striid om de macht. Ik haw my dêrfan losskuord sa't ik my fan mear saken losmakke haw. Ek fan it skriuwen bygelyks.
Oer in pear dagen krijst alles tastjoerd, wat ik oant no ta makke haw. Ik hâld der mei op. Ik hingje de pinne yn de lantearnepeal. Miskien kinst guon fragminten brûke, sjochst mar. Ik sit yn in oare wrâld op dit stuit, en it doel fan it skriuwen - dêr't ik altiten al oan twifele - haw ik nei alles wat der bard is de lêste moannen op in pypfol. Ik stap út dy âlde wrâld en begjin in oar libben. It âlde doarp ynteressearret my gjin moer mear. Ik tocht dat ik fan dy yn myn roman myn held meitsje koe, mar it docht bliken dat ik earst myn eigen held wêze moat. Honni soit qui