touwen en rimen snijden de ieren ôf. De Lytsk rydboske en fielde dat syn hele lichem ôfstoar. It swit rûn him út syn hier by syn gesicht lâns. As stie er ûnder de brûs yn it swimbad, want it sâlte switwetter fersprate him oer syn earmen en skonken. It like wol oft der spjelden yn syn fel stutsen waarden.
Neidat de lju in skoftke oerlein hiene sjouden se De Lytsk oant de midden fan de brêge. Dêr hâlde de optocht stil. De Lytsk seach reade en ferwrongen gesichten. Se seagen him agressyf en wraaksuchtich oan. It like wol oft se him útelkoar skuorre woene.
Doe't De Lytsk tocht dat se syn skonken en earmen út syn lichem skuorre soene, lykas se dien hiene mei de moardner fan de prins fan Oranje, seach er ynienen allegearre katten yn allerhande kleuren en maten foarby kommen. As op in kommando besprongen se de lju om him hinne. Se fleagen streekrjocht nei de hite en opblaasde gesichten. Der waard raasd, der waard flokt, der waard jankt fan pine, mar de katten kamen en sprongen. Gjin ferdigening wie by steat en hâld se tsjin. Rezjiminten katten klommen omheech.
De Lytsk koe syn holle hast net bewege, mar doe't er him op it lêst in bytsje omdraaie koe, seach er de marmerentafelfrou yn har hele lingte en omfang oan it begjin fan de brêge. As in mânske goadinne stie se dêre mei sprate skonken oer de folle breedte fan de brêge. De katten sprongen as lytse poeskes út har liif, setten de gong deryn en groeiden yn in omsjoch ta de grutte fan de meunsters dy't syn fijannen besprongen en dêr midden op de brêge harren ferneatigjend wurk begûnen. En noch altiten kamen de lytse fjochters út it liif fan de frou sjitten. De brêge wie bedobbe mei katten. It skimere De Lytsk foar de eagen.
De gesichten waarden iepenskuord. De Lytsk seach hele eagen op de brêge stuiterjen en dûnsjen. Dêrnei ferdwûnen se meastens oer de râne fan de brêge yn it wetter. De sinne stjoerde kloften kleurige fleisfrettende fisken nei de brêge. Se fleagen soms einen de loft yn om mar net te let te wêzen by in wapperjend each. It wetter gûnze en buorrele.
Lju mei djippe gatten yn de kop, en opferve as yndianen, swaaiden mei de earmen yn har tsjustere wrâld. As bline mûzen fleagen se opelkoar. Dan ramden se elkoar fansiden. Unwaar, tonger en fjoer hongen op en boppe de brêge. En noch altiten kamen de farske krêften oanstoarmjen. De Lytsk frege him ôf oft de katten him net yn 'e rekken hiene. Hy