Haadstik 117
Reynkarnaasje fan fleis en bloed
De Kat giet útdaagjend foar De Grutsk stean. Sa liket se noch grutter, en foaral breder. Dit is in Rubensfrou mei de groeden fan in kristusfiguer. Hjirby fergelike falt De Het yn it neat. Dit hat gjin grevel mear te krijen mei in foege amateur, dit is folslein profesjonalisme. Dit is in stânbyld út de âldheid, dit is de reynkarnaasje fan it prachtige byld fan Niki de Saint Phalle dêrst op in tentoanstelling troch de kut nei binnen kinst neidatst in kaartsje kocht hast.
Dy groeden - echt of ûnecht - jouwe de rûte oan fan in reis nei de finisterre. Dit is in folsleine harmonije. Dit is keunst mei in grutte K. Dit is godferdomme it ultime byld, dat ek noch sykhellet.
De Grutsk klapt yn 'e hannen, en syn applaus bringt him werom nei it âlde doarp dêr't inselde libben byld ienris op hannen en skonken yn it plantsoentsje stien hie. De Ren. Ferdomme, De Kat is De Ren. Doe't er De Het foar eagen hie spile De Ren al in grutte rol.
De Grutsk giet stean en begjint mei in ferske út syn jeugd. Hy rint nei De Kat en nimt har lofterhân yn syn rjochter. De Kat beweart dat it itselde ferske is dat syn freon altiten sjongt mei har heit. Ek sij begjint te sjongen sa't har heit meastens syn maat begeliedt. It is ek in operafragmint dat djip út De Kat omheech komt. Wat in stim, wat in frommes!
Sjongend rinne se nei de flesse op de tafel. Se skinke de glêzen fol en klinke, en proaste. No sa! Op it heil fan de groeden, op de rjochtfeardigens yn de sikehûzen en op de prosessen foar de dieders en de spuitsjende sadisten. Dan falle se tegearre op de bank. De Kat triuwt him in mânske spien yn de mûle, en seit: