pear famkes strike oer har eigen titen, om te fergelykjen tink. De Fil dêre op 'e tafel, in nust bonken mei twa titen. Ik ferjit it noait wer. Dit is maatskippijlear sa't it wêze moat. Klasse en kwaliteit, mar foaral opwinend en eroatysk. It ûnderwiis hat fakentiids te min erotyk, en de dea yn de sek slacht meastens foar master op.
Yn it middeisskoft is it in drokte fan belang yn de leararekeamer. Kollega's dy't oars altiten nei hûs geane om har ierappels op te fretten bliuwe no in oere oer. Oaren wolle kennis meitsje mei De Fil. In pear sitte mei lilke koppen yn in hoeke. Ek de learlingen fleane yn en út. De skoalle is tige demokratysk, sadat elk bern op elk momint syn lesjouwers opsykje mei. Mar no hawwe de measten niget oan De Fil, dy't lykas De Tyn yn eardere tiden wat knoopkes loslitten hat, mar dêrmei wol folle mear effekt berikt. It is in gean en kommen. In pear learlingen út klassen dêr't De Fil optreden hat wolle in hântekening. Se fynt it prachtich. Soks hat se noch noait meimakke.
In kollega Nederlânsk warskôget my dat der praatsjes rûn geane, en dat in pear seksjes klachten yntsjinje wolle by de baas. De klassen dy't dy moarns by my west hawwe kinne se neat mei begjinne. It is allegearre smoarch praat wat de klok slacht. Myn eigen klasse wurdt al it bordeel fan De Ika neamd. No ja, se dogge mar. De Flaamske skriuwer is my al foargongen, en wat dat oanbelanget sit ik dus yn goed selskip.
De Hers en De Mof steane noch net yn it lokaal of De Mof begjint al te razen. Hy imitearret De Hittel dy't er altiten graach hearre litte mei as er sa út en troch wat Dútsk of skiednis jout. Ik wit net mear oft er ek yn it Dútsk raasde. It kin bêst, want De Fil skrikt har in ûngelok. Se knikt him ta. Se stiet healneaken foar de klasse. Se wie noch mar krekt begûn. Alle learlingen fan de fjouwer Mafû binne oanwêzich. Dat is tige bysûnder, want dat is oars noait it gefal. Sterker, op 'e gong steane ek noch wol in lytse tweintich út oare klassen. It is stjerrende drok. De tamtam oer striptys hat syn wurk dien. It is feest by maatskippijlear, en it is dûbel feest mei't De Hers en De Mof om bar út har fel springe. De Hers docht dat tige hoeden, hy hat der eins gjin ferstân fan. Yn syn saneamd aristokratysk bewustwêzen past ditsoarte fan optreden net. De Mof leit it better. Eins krûpt De Hers wat nuet gnizend achter De Mof. Dan betsjut De Hers my dat it ôfrûn wêze moat. De namme fan de skoalle rekket op dizze wize yn diskredyt, en it is net de earste kear dat