Haadstik 103
Bolle oan izeren pyst
No't ik sa mei De Fil yn dizze omkearde treinkûpee sit komt der samar in fers omheech, dat ik oait ris lêzen haw. Miskien stie ik doe ek wol op 'e kop mei't ik in skoftke joga dien haw. Yn elk gefal hat it te krijen mei de omkearde wrâld dêr't wy yn ferkeare.
Dat fers giet oer it âlde doarp, mar eins ek wol oer sa'n skoalle dêr't ik no al wer in tiid los fan bin. Ek sa'n skoalle is in soarte fan doarp, ek dêre kin men it stjonken fan it fatsoen en de goeie oarder tsjinkomme. Ik skriuw it even op, want ik wol it oan De Grutsk stjoere as ik him it ferslach fan dizze treinreis takomme lit. Miskien werkent hy no wat, dêr't hy al tiden dwaande is mei dat âlde stee:
fan biggen en kastrearre boarren
fan rabberij en swiere oergeunst
lannelik doarp fol begearjen
nei macht en domme húchelderij
lannelik doarp fol libben
mei sâlte tsiis en soere rjemme
en de bolle oan de izeren pyst