Haadstik 101
In krat pils foar in tyt
Ik nim de Filipynske mei as ik in hele dei les haw en hast alle soarten fan klassen krij. Ik wol besjen hoe't se der yn de ûnderskate sektoaren op reagearje. Fêst sit der in ferskil tusken de Mafû-ers, de Hafû-ers en de Fwû-ers. Ik tidigje op in nijsgjirrich ûndersyk, en in soad wille.
De Fil sit aardich yn de klean nei't se mei har besoargster foar't se by my kamen allerhande spul kocht hawwe. Ik hoech allinne noch mar foar in prúk te soargjen. Sa'k al sei haw ik in ôfgriis fan in keale kop, en twad moat it ek net te mâl by de bern.
Moarns betiid stel ik har foar oan De See dy't der wol aardichheid oan hat. Hy is eins de iennige konrektor dy't syn fak yn 'e macht hat. Hy jout ek noch wat oeren Dútsk en freget De Fil wat oer har ûnderfiningen. Se hat yn Hamburch en Berlyn wurke, dat sadwaande kin se dy taal moai aardich brûke. De helte fan de bern hat ek Dútsk, sadat ik net yn de ivichheid hoech oer te setten. De See ynformearret noch oft ik it lesbesyk oanjûn haw by De Hers, de rektor, mar ik sis dat ik har gewoan as oanskouwelik materiaal beskôgje. Lykas films, gastsprekkers, figueren fan ynstituten en soms asylsikers. Eins is se gewoan in gastsprekster. Boppedat tink ik dat De Hers net sa maklik kommuni-searret mei in ropfrommes. De See gniist. Hy wit wat ik bedoel.
De earste twa oeren giet alles as it slydjaget. De bern binne optein en freegje de Fil de klean by wize fan sprekken fan it liif. De Fil bestekt alles mei spjelde en nulle, foaral oer har âlde lân, de earmoede, de fjochterijen, en dan benammen oer har wurk yn Hamburch, Berlyn en Antwerpen. Ek oer de Grutstêd, en de hege nêsten dêr't se wurkje moast. Se beskriuwt klanten, pooiers en oare kriminelen. Yn 't koart, de hele wrâld fan de nacht, en de ûnderwrâld fan de dei.
In pear jonges kinne it net litte en freegje har oft se net te meager is foar dit wurk, en oft se miskien net siik is. Se hat it krekt oer feilich neuken hân, eeds en oare neuksykten. It binne deselde figueren dy't