en medisinen dan wiest oan it opruien. Hawar, soksoarte fan saken hearden by it fak.
Ien kear rûn de tolerânsjemeter stikken. Ik hie my net kollegiaal opsteld. Seine se. Der waard sels in plenêre gearkomste oan wijd dêr't al de hûndert en fyftich kollega's bywêzich wêze moasten. Mar in inkeldenien die syn bek iepen, want it ûnderwerp wie sa glêd as sjippe. It siet sa.
Op in stuit komt in hele klasse fjouwer-hafû oerémis it lokaal yn. Raze, flokke, skelle, op 'e tafels slaan en op 'e flier stampe. As wie de oarloch útbrutsen. No, dat wie dan ek yndied it gefal. Net troch har, mar troch in kloat fan ekonomy. Poer wiene se. Se woene der oer prate. It gefal hearde neffens har spesifyk by myn fak. Dat wisten se al gau oannnimlik te meitsjen. De reboelje hie te krijen mei de maatskippij yn it lyts. Ik koe it moai brûke as foarbyld hoe't macht mei ûnmacht miende om te gean.
De Huk - akkoart, in beest, mar dat wiene de measten yn dy klasse - krige rûzje mei De Rino. De bern seine ek wol fan De Dino, omdat er yndied wol wat hie fan in dinosaurus. In útstoarn ras fan skoalmasters of leararen. En dan spile syn kop ek noch in grutte rol, foaral as er dy iepen die. Ik koe my der wol wat by foarstelle, hoewol't ik ek noch noait in echte dinosaurus moete hie.
It wie hast hjerstfakânsje en De Huk nie by De Rino oant dat stuit allinne noch mar ienen skoard. De Dino seach syn wurk net mear nei, omdat De Huk altiten oan it ouwehoeren en rotsoaien wie. Neffens De Dino dus. Op it lêst nie er De Huk foar de klasse ûnder it boerd setten, en De Dino hie him ferge om út dy posysje wei op te lêzen wat hy, De Dino, op it boerd skreaun hie. De Huk koe fansels neat sjen, en begûn doe de tafels fan ien oant tsien op te dreunen. De Dino razend, de klasse gnize, en De Huk wer de held fan de dei. Doe smiet De Dino in skjinmakboarstel foar de skonken fan De Huk, en De Dino raasde dat er dy by him werom bringe moast. De Huk knibbelet en beslút dy boarstel mei syn tosken op te pakken. As in goed ôfrjochte hûntsje sa't syn heit, in marineman, sneons die mei har hûn. It slagget De Huk en set de tosken yn de boarstel. Dan bringt er as in hûntsje dy boarstel by De Dino. Mei syn rjochterhân docht er oft er mei syn sturt kwispelet. Foar de fuotten fan De Dino lit er de boarstel falle en blaft in pear kear.