weifoelen, mar eins folsleine toanielgerdinen. De wrâld stie op syn kop. De nije sosjalisten skammen har foar it folk.
Doe't se ienkear trochkrigen wat sa likernôch myn wrâldbyld is, en wêrom't ik dat ferdigenje, hiene guon fan dy figueren soms fan dy frjemde opmerkingen, dy't se mei in laitsjend gesicht formulearren. In âldfreon fan dy talhelte bewearde op in kear, dat ik my mar moai de famlyje ynneukt hie. Ik gniisde mar wat werom, want dat wie de gewoante yn sokke kringen. Laitsjend de meast ferskriklike dingen sizze, en dan as grapkes ferkeapje. Soks hyt beskaafd. Nee, it is echt oars as dy relaasje fan De Grutsk, mar oft it in jubeljende relaasje neamd wurde kin, kin ik ek net folslein ûnderskriuwe. Ut en troch hawwe wy it wol aardich tegearre. Gesellich en sa. En wat wol in mins yn de goedichheid noch mear.
In pear kear hat se raar guod spuid. Dat kaam sa. In freon fan my - ek sa'n healbakken skriuwer út it âlde lân, sis mar - skille in kear oan de doar. Der stie in swart frommes njonken him. Dy hie er hierd foar in wike. Hy socht sliepromte. No ja, dat koe ik fansels net wegerje. Elk syn meuch. Se seach der goed út, en alles siet op it goeie plak. Hawar, de fiifde dei skille er, dat it hûs wer frij wie, want se wie him smeard mei't se tegearre syn lêste bankje der troch jage hiene yn in kroech. Ik koe wer nei myn eigen nêst.
In pear dagen letter, nei't ik wer ris tald hie, skille myn talhelte dat se oeral jûkte hie. Foaral om 'e kut hinne. Net dat se dat wurd brûkte, mar dêr kaam it wol op del. Om in lang ferhaal koart te meitsjen, wy sieten tegearre ûnder de luzen, en dat kaam fansels út dat bêd fan my. Myn freon en syn freondinne-foar-in-wike hiene yndied libben spul achterlitten. Doe sei myn talhelte it raar op, en se bewearde dat ik mear fan dy asosjale freonen hie, en dat se dêr neat mear mei te krijen hawwe woe. Ik murk noch op dat dy freon in echte sosjalist wie, mar dat er tydlik even weromlutsen wie út de frondiny's. Dat ynteressearre har gjin miter, en ik wist ommers wol dat der sosjalisten en sosjalisten bestiene. Luzige sosjalisten sûnder beskaving hie se gjin boadskip oan en gjin ferlet fan. Ik frege noch nei de definysje fan it wurd ‘beskaving’, mar doe sprong se hast helendal útelkoar. Sok praat roaide nearne nei. Hawar, dat wie dat. Mar it tekenet wol wat de sfear fan dy tal. No belle ik har oer de Filipynske, en it earste wat se sei hie fansels mei