klanten krije koe. Mar ik wit ek net sa'n soad fan dy wrâld. Dat jou ik daalk ta. De oare wie fansels ek ien. Ik hie nea tocht dat se der sa útseagen.
De boadskiprinster sei my ta dat se soargje soe, dat de meagere in paspoart krige, en dat se plak foar har sykje soene. As ik der in pear wiken foar stean woe soe dat prachtich wêze. Hjir soe se ommers feilich wêze, want nimmen soe har hjir sykje. Hjir by in fatsoenlik lid fan de maatskippij.
As fatsoenlik man fan dy maatskippij koe 'k fansels net wegerje, mar ik hie wol goed de smoar yn. Fierder seach ik ek wol wat mooglikheden sa't De Grutsk yn syn wylde fantasijen oanjoech. Dy klassen hiene yndied miskien noch noait mei in libbene hoer praten. En wat dat oanbelanget koene der fêst wol wat lessen oan wijd wurde. Miskien soe it ek foar de kollega's wol ferhelderjend wurkje.
Nettsjinsteande al dy mooglikheden stjoerde ik De Grutsk in briefke, dat ik goed de balen hie en net ynteressearre wie yn syn priveelibben. Skriuwe wie ien saak, mar soks hie oan de oare kant neat mei myn eigen libben te krijen. Elke folgjende hoer krige er streekrjocht mei kearende post werom. As hy allinne mar skriuwe koe mei in neakene hoer tusken de skonken wie syn saak. Ik die dat oars, en woe dat ek sa hâlde.
Doe't ik ‘de geile aap’ foar de safolste kear lies krige ik troch dat der in line sit tusken dat ferhaal of teaterstik en dy stjoerde hoer. Yn dat stik jout er ommers al in performus mei in hoer. Dêr bemiicht er alles wat him net oanstiet. Dêr lit er dúdlik blike hoe't er oer my as boargerskriuwer tinkt. Dêr hinget er de artyst út. En dan is er ek noch ferûntweardige, dat it iennige blêd yn de memmetaal fan it âlde lân it stik net doart op te nimmen. Hy kotst ek op my, en hy belazeret my dêr't ik bystean.
Ik moat ôfstân fan him nimme. Syn opfettings oer literatuer binne net mines. Hy brûkt my as skoppeal, wriuwpeal en hast as in húsketonne. Hy leaut net yn lju dy't foar har brea in normale baan hawwe en yn de jûnsoeren ferhaaltsjes skriuwe. Ik moat myn eigen paad gean. En leafst sûnder huorren.