Haadstik 97
It lichem is tiid want it wurdt âlder
Ik sit yn de trein nei Antwerpen. De Filipynske sit tsjinoer my en sjocht om har hinne. It is in spesjale trein mei swarte ruten oan de bûtenkant dêr't in rûn gatsje fan sa'n twa sintimeter yn útsparre is. De kûpee is helendal wyt ferve. It effekt is ferbjusterjend. It past aardich by de sitewaasje dêr't ik mei te krijen haw. Alles stiet eins op syn kop. De wrâld, iksels en de kûpee. Mar dat sil ik noch útlizze. Ik moat earst werom, want der is in soad bard de lêste dagen en wiken.
De Filipynske glimket út en troch. Se hat in prúk fan my krigen, want ik kin ek net oer keale koppen. En mûtsen fyn ik helendal ferskriklik. De prúk stiet har goed, foaral as se glimket mei har brede mûle. Eins is har holle ien mûle, dêr't har kopke sa ûnbidich lyts is en allinne mar bonken sjen lit. Har lippen sit noch wat fleis oan. Se binne read ferve, en yn de wite kûpee springt dat fûl nei foaren.
Ik fiel myn bealch. It liket wol oft alle ellinde yn de spieren sammele wurdt. Ik wurd âlder, en de tiid hâldt gjin skoft. Ik sjoch nei de boarsten fan de Filipynske. Eins is se allinne mar in mûle mei twa boarsten. Se soe reklame meitsje kinne foar sigaretten. Lykas eartiids Miss Blanche op 'e bûtenkant fan in sigarettedoaske.