derige eagen. De Jap. Mar dêroer waard net praat. De Lytsk stoar hast fan de senuwen, syn knibbels trillen ûnder de tafel en hy besocht syn hannen yn de bûsen te hâlden. Oars soene se it ommers miskien rûke kinne. Miskien hie De Dil wol in apart noasgat dat it rûke koe. Hy hie op it lêst de auto fan De Nus leech helle.
De Lytsk koe der nachten net fan sliepe. Soms foel er wol yn 'e sliep, mar dan seach er de meast ferskriklike saken. By it wekkerwurden moarns wie er soms noch wurger as jûns by it op bêd gean. It hâlde net op. Ek op skoalle net. Dêr waarden guon jonges út de klasse helle en meinommen troch De Dil nei it lyts keammerke dêr't De Fer as in omkearde baarch op de tafel lein hie. Neaken, fet en glibberich. Op sokke eagenblikken winske De Lytsk dat er in famke west hie. De Nus hie him noait mei famkes ynlitten, en de snaffelfingerman taalde ek net nei famkes. De Lytsk fûn famkes ornaris ek moaier.
Op in nacht sylde De Lytsk it kajút fan syn keammerke út en belâne yn in daam fan in greide. Dêrnei klom er op in hikkepeal sa't er ek wol die as er oan it aaisykjen wie. Om him hinne stridden de greiden mei har fûlgriene kleuren. Ut en troch run der in hynder, in ko of in skiep. De hikken en de peallen wiene wyt ferve, sa fier as er sjen koe. Se foelen skerp op tusken de griene fjilden. Boppe alles út tuorken de mêsten fan de heechspanningstriedden. Se ferdielden de greiden yn ûnderskate lânskippen en tafrielen. It like wol oft doarpen midstwa of yn trijen snijd waarden. De Lytsk koe dy doarpen allegearre: Rypslop, Tilleterp, Gumschal, Dumengel, Wardenkum, Umdein, Dierking, Dronleeuw, Beetschin, Genmars, Gumberly, Nekernal, Mefranum en Mazwein.
Yn al dy doarpen hie De Lytsk wol west. Mei de heit fan De Kid dy't boadskippen en branje útsutele. Ek in pear kear mei syn eigen heit of mei syn mem, omdat yn guon doarpen famylje wenne. Syn pakes en beppes leine yn ûnderskate doarpen op de tsjerkhôven. Dêr't se berne wiene woene se ornaris letter ek dea lizze. Dêr hearden se thús, omdat se dêre ek de kop foar it earst boppe it gers útstutsen hiene. Dat gers wie bekend, nei dy rook woene se werom.
Ien fan syn omkes - eins in âldomke, omdat er de jongste broer fan in pake west hie - ferklearre foardat er stoar, dat er noait wer wat mei hokker famyljelid te krijen hawwe woe as er op in stuit dea wie. Hy hie it fêsdizze litten yn syn testamint. Dy âldomke lei dan ek moedersiel