studearje. Dat hie se net ôfmakke. Se wie nei Israël gongen, nei in pear jier weromkommen. Yn it eigen lân hie se wurke as oersetster. Se behearske in fiiftal talen. Op in stuit hie se in bern oerwûn, of se woe net mei de heit trouwe, miskien woe se ek wol allinne mem wêze, - De Grutsk hie dat net goed yn 'e rekken krigen, - mar yn elk gefal wie se dêrnei yn it sirkwy kommen. As selskipsdame op bûtenlânske reizen. It waard heel goed betelle, omdat se har yn heel wat talen rêde koe en elke sitewaasje de baas wie. Boppedat seach se der prachtich út. Ut en troch pikte se der thús ek noch wat by. As se tocht dat it nijsgjirrich wêze koe. Se soarge goed foar har dochter. Fereale wurde woe se noait wer. Dat koe se ûnder kontrole hâlde. Yn njoggenennjoggentich fan de hûndert gefallen. Mei De Grutsk rûn it hast fout. Se hie dat earlik tajûn.
De Fryd hie him har priveeadres jûn, har eigen namme en har telefoannûmer. Se fûn it wol aardich as er ris delkaam. Ut en troch iet De Grutsk dêrnei by de Fryd. Soms wiene se tegearre, mei har dochter, soms kamen der ek freondinnen fan De Fryd dy't yn itselde fak sieten as sij. Se wiene allegearre opropfroulju fan topkwaliteit. Dat seine se sels, en De Grutsk twifele der net oan. De measten hiene gjin hege pet op fan de minsken. De manlju rûnen achter har kul oan, en de froulju fûnen se foar it measte part ek mar trutsjes dy't benaud wiene foar har eigen lichem.
De Grutsk genoat fan de ferhalen fan de froulju. Ut en troch brocht er wolris ien thús. Hy mocht dy Mata Hari-typen wol. En mei't er dat tinkt sjocht er it skarminkel wer lizzen. Under de sprei, en noch altiten yn 'e sûs. It wurdt tiid dat har klean komme, want hy moat noadich oan 'e gong.
De Grutsk beslút dat de Filipynske mar nei syn konfrater yn de binnenstêd moat. Se kin út soarte net werom nei har âlde stee, en sa op strjitte sette is ek wat grouwélich. Hy sil der in briefke by dwaan, dat syn maat dêre mar in oplossing sykje moat. Miskien kin er de hele sitewaasje noch brûke foar syn wurk, want der sit samar in ferhaal yn. Faaks ek noch op in oare wize. Hawar, dat is yn saak. De Grutsk gniist lûd as er betinkt wat dy ikel wol net tinke sil. Briefkes, bakkerts. Teoryen oer literatuer en no stjoert er him sels al foar de twadde kear in libjend wêzen. Hy moat wol tinke dat er oer liken giet. Oan syn psyk