giet er nei de telefoan en skillet De Fryd.
De Fryd gniist har slop. Se fertelt dat se gjin tiid hat, mar dat se in freondinne stjoere sil mei klean. Neffens De Fryd tilt it op fan dy meagere skarminkels út it easten. Se bedjerre de merk, want se wurkje foar in prikje en se binne ree om oan alle winsken te foldwaan. Se noadiget De Grutsk út wer ris del te kommen, want se hat it ferhaal heard, dat er in skoft lyn yn ien kear njoggen kollega-opropfroulju besteld hat. Se wol graach witte wat er der mei op it each hat. Se begrypt it net, en se fielt har in bytsje misledige dat er har net skille hat. Dan hie er de topfroulju krije kinnen. De Grutsk fertelt, dat dit eksperimint heel wat oars is as wat se tinkt. Hy seit har ta dat er ferslach útbringe sil nei de sesjes.
As De Grutsk mei in kop kofje yn 'e hân de keamer ynkomt leit it frommeske noch te sliepen. Se hat in tomme yn de mûle. Se sobbet út en troch as in wyld. Hy smyt de sprei oer har hinne, draait it skerm fan de televyzje en sjocht nei de hurddraverij. Frjemdernôch hat er De Fryd kennen leard troch sa'n fideo. Dat is al wat oars as sa'n bonkerak.
Hy sit noch mar krekt te sjen of de trije dochters fan De Pos rinne troch it byld. It binne de âldere susters fan syn freon út syn bernetiid, De Kid. De Grutsk fûn se altiten prachtich. Sneontejûns ferklaaiden se har faak, omdat se te dûnsjen gongen yn Dryhús. Dêr wurken se ek. Yn 't gesticht dêr't de gekken sieten. Dat spruts De Grutsk oan. Guon út Snyp wennen dêr ek al tiden. In pear kear jiers ferskynden se yn it âlde doarp. Faak bleek en mei it hier wyld om 'e harsens. Soms beweegden se ek wol wat houterich. Nachts kamen sokken gauris werom yn syn dreamen, en sieten se him achternei.
Foaral De Sjok fûn de Grutsk skitterjend om te sjen. Dy waard ek wol thúsbrocht troch in fint yn in auto, en dan sieten se skoftenlang oanelkoar te plukken. De Sjok sliepte nêst it keammerke fan De Kid. Dy hie him ris in kear meinommen nei boppen en him troch in gatsje sjen litten yn de tuskenmuorre. Op in woansdeitemiddei. De Sjok hie nachttsjinst hân en sliepte meast oant in oere of twa. Doe't De Sjok wekker waard stapte se yn ien kear út it bêd nei de spegel oan de kast. De Grutsk hie noait tocht dat in frou der sa útseach. It wie noch fier foar De juf Annach. Dy De Kid hie it mar troffen, hy hie noch twa fan sokke susters. De Grutsk net ien. It wie hast om oergeunstich fan te