nenstêd dy't okkerdeis ek nochris te hyt wosken is en dy't no geskikt is foar in famke fan seis of sân. Se sil der fêst yn passe as har kutlippen teminste net te grut binne, want wat ek meager wurdt oan froulju dy't net mear ite, de lippen fan it tredde each en de titen bliuwe fakernôch gelyk. De Grutsk hat ek noch in pear sokjes fûn dy't lykas it broekje te hyt wosken binne. Ek tige geskikt yn dit gefal. Sa sjogge je mar wer, fuortsmite is der wat him oanbelanget yn dizze fuortsmytwrâld net by. Alles kin syn plak wer krije. Yn de kast hat er ek noch in swart tysjut fûn fan himsels dat se wol as jurk brûke kin. De gele sprei kin der dan oerhinne teard wurde as in soarte fan stola. En as lêste hat er in âld mûtse opfandele. Dy is fergetten troch in freon dy't bulten mûtsen hat, omdat er ek mei in keale kop rint. Dy moat se mar op har holle sette, want De Grutsk kin út soarte net tsjin keale koppen. It is krekt oft sokken har harsens dan te opsichtich toane, en dan fielt er te gau wat se tinke en wat se wolle. Foaral as der neat yn sa'n kop sit hat er yn 't foar al de grutste argewaasje. Hy kin der absolút net oer. Allinne dat is al genôch foar syn kul om noait wer omheech te kommen.
Nei in pear minuten hat it frommeske de klean om de lea hingjen. Se liket wol in fûgelferskrikker sa't De Lep dy altiten yn de weetfjilden stean hie. Mar hawar, der is no better mei te praten. Op in bonkerak kitse alle wurden ôf.
Nachts - of leaver de moarns betiid - lizze se dan dochs noch nêst elkoar op de matras. Under de sprei. De frou hâldt de mûtse op, want dy keale kop krijt De Grutsk de senuwen fan. Se wol graach dat er har neukt, want hy hat har dochs mar fan in wisse dea rêden. De Grutsk lek har út, dat er gjin nocht hat. Hy besjocht har wol even fan tichteby. Foaral har kut, want hy is benijd hoe't sa'n Filipynske kut der útsjocht. En syn psyk sil ek wol benijd wêze. Se hat him ferteld dat se dêr wei helle is - yn feite opkocht - en no yn de toer op seis heech har wurk docht.
De Grutsk skrikt fan de krater tusken har skonken. Sis mar, tusken har noch krekt mei fel bedutsen bonken. As it frommeske meielkoar in sechstich pûn is, is it in soad. Allinne har kut liket normaal, dat wol sizze, dy is net lytser wurden en liket troch dat meager liif ferskriklik grut. Krekt wat foar dy hingsten dy't oan al dat oare dochs gjin boadskip hawwe.