Haadstik 88
Foar dizze kul gjin polonêze
De Grutsk seit tsjin it frommes dat se wol op syn matras sitte mei. Of lizze, want se sil wol wurch wêze nei alles wat der bard is. It is mar krekt wat se wol. De frou begjint te laitsjen. Se sjocht nei it matras, en dan stekt se twa fingers yn har kut, dêrnei yn har mûle, en dan wiist se mei dy fingers nei him. Se laket fluensk. In matras betsjut foar har fêst allinne mar neuken. Se tinkt miskien dat er har even pakke wol, en dat se dêrmei har ferbliuw yn syn flet feilich stelle kin. Miskien is it ek wol it iennige wat it bern meimakket.
De Grutsk skoddet mei de holle en rint nei de fideokast. Der moat earst mar wat beweging en lûd yn de keamer komme. Hy nimt de fideo fan de hurddraverij. Se sil wolris hynders sjoen hawwe, en dy hingsten hawwe ek wol wat te krijen mei har wurk, nimt er oan. It kinne ommers allinne mar hingsten wêze dy't yn sa'n bern omdolle wolle. Mei ôfgriis sjocht er har op de matras lizzen. It is echt allinne mar fel en bonken. En dan dy keale kop. It koe ferdomme wol in kampslachtoffer wêze. Hy moat aansens mar ris freegje wêr't se thúsheart. It is eins in libben lyk.
Allinne har boarsten binne normaal, mar dy sille fêst opblaasd wêze. Mei lucht of silikoanen. Se passe net by sa'n skraal lichem. Miskien hat