Haadstik 87
Film mei peroskoop út de earste wrâldkriich
De Grutsk sjocht no noch folle mear minsken. Underskate doarren op de galerij steane iepen. Lju fleane út en yn de flets. Mar it frommes komt fansels net foar it ljocht. Ynienen sjit de doar njonken syn eigen flet iepen en sjitte der fjouwer fjoerstrieltsjes en fjouwer skotten troch de galerij. Se begjinne wer. Hoe soe 't ek oars. Se skeaten njonken him al moannen yn de muorren. It makket blykber foar dy lju gjin moer út, as der mar sketten wurde kin.
De manlju op 'e galerij fleane fansiden. Achter de lift, op de needtreppen en fierder tsjinje trije rûne pylders as dekking. Achter de lift wei sjitte se no op de doar fan syn buorlju. In inkeld skot slacht op syn eigen doar te pletter. De buorlju anderje mei nije skotten. Dit spultsje herhellet him wol in lyts kertier. De ljochten yn de galerij hawwe se al stikken sketten. Allinne yn de lift baarnt noch in lyts lampke. Dan swaait de doar fan de lift iepen en rôlje der in stikmannich swarte figueren de flier fan de galerij op. Nei alle kanten. Ut en troch sjit der in bondel ljocht oer de souder. Soms klinkt der noch in skot.
In pear lju ferdwine yn it gat fan de needtreppen. Dan bliuwt it in skoft stil oant der wer fûleindich op de hûsbel fan De Grutsk drukt wurdt. Hy twifelet. Wa't it ek binne, hy moat mar net iependwaan. Sels de plysje hat hjir no neat te sykjen mei't der in neaken frommes yn syn hûs omstrúnt.
In pear minuten letter giet de ynterkom oer en heart er in manljusstim dy't seit dat se fan de MI binne en graach witte wollle oft der ek immen thús is. De Grutsk reagearret net. Hy kin noch altiten op bêd gean mei