Haadstik 86
In keale poppekop mei in neaken frommes
De Grutsk timperet it ljocht en draaft nei de doar. Hy sjocht troch it spykgatsje en falt hast achteroer fan ferbjustering. Op 'e galerij stiet in neaken frommes mei in folslein keale kop. It gesicht is ien razende mûle wurden. Dêr sjocht er lyk yn. As wie it in iepen kut mei tosken. It frommes skopt noch hyltiten tsjin de doar, drukt op de bel en raast as in beest. De Grutsk draait de kaai yn de doar trije kear om, skoot de twa skoattels nei lofts en draait de doar iepen.
It frommes stoot it hûs yn en raast yn brutsen Ingelsk en Dútsk dat er de doar sa gau mooglik op slot draaie moat, en dan âlet se troch yn in taal dy't er net ferstiet, mar it liket wol oft se oansketten is. De pine fljocht de keamer yn. De Grutsk keilt de doar ticht, draait de kaai wer trije kear om en skoot de skoattels derfoar. Mei't de lêste yn syn hâlder sjit sjocht De Grutsk troch it spykgatsje trije manlju de galerij opstowen. Op sokken, op gympy's en ien op learzen. Ien hat in revolver yn de fûst en in oarenien in soarte fan jachtgewear. Godferdomme, dit giet need. Hy sykhellet djip en is bliid dat de doar krekt op tiid wer op 'e skoattels sit. No mar ris even sjen wa't syn hûs yn stood is. As in stoarmwyn fol mei parfum stode se him foarby. Neaken, lyts en foaral frekte meager tocht er.
As de Grutsk de keamer ynkomt, stiet it frommeske te hymjen foar de glêzen fan it balkon. Troch it bytsje ljocht kin er har mar kwealik sjen. Se sjocht nei bûten dêr't it ljochtoargel in opera spilet. Har rêch trillet en har smelle broadsjes rydboskje mei. It liket in famke fan in jier of fjirtjin. It is hast net te leauwen.
De Grutsk rint op har ta, en as er hast by har is giet de doarbel op 'e nij. Ek no wurdt der wer omraak tsjin de doar skopt en hingst. Ek raze se as gekken. As wie it folslein oarloch. It fanke sjocht oer har skouder en skoddet heftich mei de holle. Fan klearbere senuwen, en miskien skoddet se ek wol fan nee, net iepenje. No, dêrfoar hoecht se net bang te wêzen. De Grutsk iepenet foar gjin leger de doar. Dochs rint er werom. Dan klinkt der in skot. Se sjitte ferdomme op de doar. Mar goed dat er de skoattels der foar hat, en gelokkich ek dat er de doar in pear moannen lyn ekstra befeilige hat mei izeren platen oan de bin-