Godferdomme!
De Grutsk tapet in heal glês jenever yn en rommelet noch wat yn syn papieren. It proses tsjin syn eks rint no op alle dagen. Syn adfokaat lit tige positive lûden hearre. It sil fêst wol in geld aai wurde foar de oare partij. Syn ferdigening lêstendeis mei de sinnebril op - en foaral it foarlêzen fan stikken tekst út syn boek op priemmen - hat fertuten dien. Hjir wurdt ommers in yn oanlis skeppend artyst nei de kloaten holpen. No, dat sil de wet dochs noait bedoeld hawwe mei de klam op de prinsipiële gelykberjochtiging tusken man en frou. De Grutsk lêst mei niget it ferslach fan syn adfokaat. It giet noch in tal kantsjes troch. Wat in adfokaat oars! Hy giet sa stadichoan helendal foar Roomsk. Al dy fine ikels en ikelinnen op dy rjochtbanken kinne wat him oanbelanget kastrearre wurde en de klitoris ôfsnijd.
De Psyk wol mear ferhalen lykas dy fan de geile aap. Hy krijt al in aardich idee fan it gekul. De Grutsk gniist. Dy bal gehak liket wol in rinnende neurose. Sadree't der miigd, sketen, masturbearre of naaid wurdt yn syn ferhalen reagearret er mei kearende post. Prachtich. Hy fret it as fette hamburgers. De Grutsk twifelet oft dy ikel oait sels oan publikaasjes takomme sil. Der sit ommers gjin ienheid yn, en ek de styl fan elk stik ferskeelt moai aardich fan oare Stilen. Hawar, eroatyske ferhalen genôch. Moarn mar wer twa op 'e post. Dan in brief foar de ombudsman, dy't er ynskeakele hat oangeande dy belêstingbal, yn konsept klearmeitsje. Mar dat kin ek noch wol in pear dagen wachtsje. Hy rommelet fierder.
Dan fynt er in briefke út de Regearingsstêd dêf't se neier ûndersyk tasizze oer it learfabryk, dêr't foaral de ûnbekwamens fan de baas oan de oarder komme sil. It is ek net neat wat der bard is. Twa kollega's dy't harsels ophongen, en trije bern dy't harsels ek tekoart dien hawwe. Se krije dêr op it plús wat troch. En dan, tsjonge, tsjonge, in briefke fan De Frou út de binnenstêd! De Grutsk skuort it kefert iepen en skrikt him hast dea. Der wurdt lûd op 'e doar slein en de bel hâldt mar oan. Fjouwer oere nachts. No skoppe se sels tsjin de doar oan. Hy smyt de brief op 'e flier en springt omheech.