Haadstik 92
In granaat yn de reet
It is sawat twa oere as de bel giet. It skarminkel is yntusken foar de twadde kear wekker wurden. Se leit foar de televyzje en freget De Grutsk it himd fan it gat. No, by deiljocht, liket se noch meagerder. As de sinne troch de finsters skynt kin er gewoan troch har hinne sjen.
De Grutsk docht de doar iepen, en begroetet de freondinne fan De Fryd. Ek in pracht fan in ropfrommes. Se liket op in dichteresse út it âlde lân dy't der ek útrint, kwa persoan en wis wat de gedichten oanbelanget. De frou rint daalk nei it skarminkel en jout har de klean. Der sit ek in lyts huodsje by mei in brede râne. Se besiket út te finen yn hokker kit it skarminkel wurke hat.
De freondinne fan De Fryd flokt út en troch ferskriklik, want it is allegearre by de beesten ôf. Se is yn feite opkocht troch de geile maffia, it paspoart hawwe se ynnommen, en doe moast se tsjinst dwaan foar âlde en nije esemmers dy't noch altiten kikke op de ferhalen út de kampen. Dêrom wie se ek kealskeard. Oaren waarden helendal kealskeard, ûnder en boppe. Dy moasten har folslein foardwaan as lytse famkes. De figueren dy't derop foelen hearden by de pedofammefylgroep. Doe't De Grutsk dat hearde bewearde er dat se wat him oanbelanget by sokken de hele rotsoai der ôfsnije mochten. Se moasten se in granaat yn de reet stekke en it soadsje ta ûntploffing bringe. Dat soe de iennichste remeedzje wêze. De freondinne fan De Fryd gruist om syn wurden, en dan seit se dat se eins oars net as gekken tsjinkomt yn dy wrâld. Neffens har steane de trije toerflets stiif fol fan soksoarte fan aktiviteiten.
It Roekenêst dêr't De Grutsk sels wennet herberget de studio dêr't it skarminkel yn wurke, en der moat ek noch in romte wêze dêr't se de sintrale fan de praatboksen en de hite telefoannûmers in plak jûn hawwe. Dêr wurde ek films makke, en fideo's net te ferjitten. De