Haadstik 82
In rem op 'e kul
Nei it foarlêzen fan ‘De geile aap’ fal ik nei de siken gapjend yn in lisstoel. It hat miskien wol mear as in healoere duorre, en ik leau bêst dat it in stik toaniel is dat sa op 'e planken kin. Mar wat it yn 'e goedichheid mei literatuer te krijen hat begryp ik net.
Hy stjoert my ek ferhalen oer De Tjemsk - dat tusken skrapkes yn in oar doarp bard is - oer De Popsk en De Harch, en yntusken skriuwt er toaniel. Op syn wize. Hy jout my ynformaasje dêr't ik soms wat mei kin, hy skelt my de hûd fol as ik net adekwaat reagearje, en tagelyk seit er dat myn ferhaaltsjes de snobberijkes fan it deistich bestean foarmje.
Myn ideeën oer literatuer wiist er ôf. Sterker, hy spotgnysket om alle serieuze bedoelingen fan skriuwers, kritisy en lezers. Hy bemiicht alles wat weardefol is. As ik der net om tink brûkt er ek noch saken út it âlde doarp dy't ik him fertel, as ik fan betinken bin dat guon foarfallen yn in oar en minskliker ljocht setten wurde moatte.
Neffens my sjocht De Grutsk oeral konkurrinsje. Hy tinkt dat De Psyk syn ferhalen brûkt, en fêst hat er ek al in skean each op myn aktiviteiten. Ik krij allegearre koarte stikjes, foaral oantekeningen en teoryen oer de literatuer. Mar yntusken docht er him ûnnoazeler foar as wat er sjen lit, wit en fan doel is.
Ik moat opsjitte. Hy is net te beroerd en publisearje kommentaar fan my dat ik him stjoer. Plagiaat is altiten dat wat letter yn printe foarm ferskynt. Dat die fiifentweintich jier lyn al bliken doe't De Gab syn roman earder publisearre as De Koek. Jezuskristus superstjêr, ik moat der mei de bealch plat foar. Noch even lêze wat er oer literatuer seit.
- Skriuwen is it oan ien tried wei meitsjen fan in kar tusken it iene of it oare, it kedizen oer mooglikheden dy't ûndersocht wurde en dy't op it lêst in resultaat opleverje dat befrediget. Dat resultaat is fansels in diskutabele saak, omdat elk lêst sa't er makke en foarme is. Mar in