Haadstik 83
It proses wol in dieder
- Oer de foarm wol ik noch net tefolle neitinke. Yn it begjin. Dat komt letter wol. De foarm sil him sels wol skriuwe. Dat rint ommers lykop mei it libben. Lju dy't yn it foar al alles fêstlizze libje amper, want se hawwe skreppen om har doelen te berikken. Wat yn de bermen groeit sjogge se net. Se folgje it beton tusken de wite streken.
Foarmen deadzje, helje it piid derút. Foarmen berikke ek noait orgasmes. As ik tefolle fêstsit oan skema's, tiidslinen en ûntwikkelingen betsjut dat yn prinsipe, dat it observearjen en dellizzen fan saken en minsken net mear frij plak fynt. Ek hjir rint it lykop mei it libben. Kinst neat yn it foar regelje of it docht ûnderstek oan de kwaliteit. Ik freegje my ôf oft it perspektyf fan in jonkje fan tsien of alve jier op in stuit net remjend wurkje sil. Mar ek sokke jonkjes dreame. Dat wit ik mar al te goed, en se hawwe ek noch wol it fantastyske taalgebrûk dat noch net troch de hormoancn fan de puberteit konvergearjend nei de kloaten holpen is, of fakentiids ek troch it sittend en stinnend omlaach.
Miskien moat de ik ek wol yn ûnderskate persoanen ûnderbrocht wurde of yntrodusearre yn de fasen fan syn libben. Mar ek dêr sil it ferhaal - de stof- wol paadwizer wêze. It spontane moat út soarte syn gerak krije, want oars bart itselde wat de korrektor elke kear wer op it aljemint bringt. De korrizjearjende ik fan de frije ik, sis mar. It magyske gewisse. Dy ik soe mei ierde en oer ferdelge wurde moatte. It is saak yn 'e rekken te hâlden hoe lang oft er in funksje hawwe kin. Dêrnei moat it mes der plat ynstutsen wurde. En dan even draaie, en hupsakee, de swolm rôlet de strjitte oer. De jarrekolk yn, dêr't de rotten him daalk opfrette. Soart siket altiten deselde soart. Ek yn dit stik fan saken. Kearnpunt moat bliuwe it fêstlizzen fan it belibjen fan de sfear yn sa'n lytse wrâld troch sa'n tsienjierrich jonkje. Al it oare kin der mei te krijen hawwe, mar dy linen hoege net eksplisyt oanjûn te wurden. Men skriuwt úteinlik net foar analfabeten of debilen. Ik wol ek gjin dialektyske fragminten tsjin elkoaroer sette sa't yn ‘Styfmem Ierde’ bart. It proses rint sa't it rint, it giet sa't it giet. Polityk noch godstsjinst kinne der in soademiter oan feroarje. Dit is literatuer.
Ek de moralistyske noarmen dy't út godstsjinst en polityk ûntsteane