| |
Haadstik 81
De Geile aap
‘frou en man skriuwe tegearre in ferhaal oer prekers, poëzijútlizzers, oer skoalmasters en opfieders yn de literatuer, yn it koart sein, oer de dûmny's fan de literatuer, mar tagelyk binne se sels ûnderdiel fan in ekshibysje en boartsje se mei de grinzen fan noarm en fatsoen bûten de literatuer, dy't soms ek wer yn dyselde literatuer foar masterke opslacht. In man en in frou op in bankje yn in prinslike tún.
sij
Wy sitte dus net op in bankje, en binne ek net yn de prinslike tún. Ik fyn it prachtich hear, mar de lêzer wurdt sa ôfgryslik ferneukt. Tinkt my.
hy
Literatuer is foar in grut part ferneukerij. Dy bank en dy tún binne eins metafoaren. Dat wolle de lju, dan sjogge se wat, en dan kinne se wat tinke, want suvere abstraksjes komme de measten fakentiids net oan ta (ik gean der fansels wol fanút, dat se ek tinke as se lêze). Bygelyks: - Goh, wat gesellich, dy twa dêre op dat bankje, dêre yn de prinslike tún. - Guon hawwe der faaks sels wolris sitten, mei in hân yn in gulp en twa fingers yn in tredde each. Bygelyks.
it gerdyn giet iepen, de trommels roffelje.
En dan streamt it publyk de ekshibysjeromte yn. It binne meast bekende en minder bekende skriuwers, byldzjend folk, kritisy, ambtenaren, luzen, útlizzers en lêzers fan gearfettings yn de deiblêden en de wykblêden. Ek stappe der in stikmannich klerken om.
| |
| |
Elkenien set daalk ôf op de midden fan de seal. Dêr is in poadium boud, en op dat bouwsel stiet in mênske kiste. Dêrfoar, op in krukje, sit in frou. As in pop? As in etalaazjefaam? It wytferve mombakkes dat yn it blaupearskegiele ljocht opspringt pleitet foar it lêste. De eagen lykje echt, mar mei dit ljocht is alles tagelyk echt en ûnecht. Ek it publyk feroaret troch it ljocht. De titel fan de ekshibysje is “dea nei de dea”. It publyk is ûnderdiel wurden fan de ekshibysje. En dat wie har yn it foar net ferteld.
De frou is klaaid yn in strakke boddy mei majo, oan har fuotten sitte in pear puntige swarte pumps. It gesicht is wyt ferve, de mûle read, de eagen blau, de wimpers swart. Mar de leserljochtmasine feroaret it algeduerigen. Op har holle stiet in fjouwerkant lampke dat in rinnende tekst sjen lit, letter foar letter. Achterelkoar foarmje se de wurden “de geile aap”. Stadige lêzers krije der gjin byt oan.
(De frou sjocht guon fan it publyk twifeljen, se sjogge har lang yn de eagen, oaren reitsje har oan en fiele de waarmte fan har fleis en har soppige dielen, se skrikke, mar in pear knipe ek yn har titen en yn har skamtelippen, in inkeldenien hat ûnderfining mei opblaashuorren want dy drukt daalk op de sjook, en de frou wol him eins foar syn kloaten skoppe, mar se hâldt fol want de opdracht sjit har noch krekt op tiid troch de kop, rydboskje docht se, har kutspieren spanne har).
abstrakt of konkreet?
(de skriuwer wifelet hjir no al, en it ferhaal is noch mar krekt begûn, want de grinzen wurde hjir fansels ferlein, en de fraach kin steld wurde oft dit wol opfiedend-skjin is)
sij
Dat bankje is it kontrast mei wat der letter bart, tink, dêre yn dy koperen seal op dy ekshibysje dêr't ik foar dy kiste sit. Yn it swart, op in kruk.
hy
Ja, yn it neaken-swart, mei dat lampke en dy leeljeljochten.
| |
| |
sij
As al dy geile dweilen oan my plukke, yn my omdolle. Al dy wiven oergeunstich nei my sjogge, trochrinne en de manlju meislepe. Want, want? It binne ordinêre wettersekken!
hy
Ja. Mar it bart dus op dat bankje, yn ús koppen, de koppen fan de psychopaten, neffens de prekers. Noait yn it echt. As yn in film, fier fan it eigen bêd, de eigen bern en it brochje nachts oan it fuottenein mei de skimmelige teannen. Sa'n foarm kikke se op. Dat is fakmansskip, en foaral begrypber. Konkreet ek, want dat is it wichtichste.
realistysk of ûnwêzentlik
(in echte skriuwer smyt sok smoarch praat derút, want de lêzer wurdt hjir op 'e doele brocht, de gek oanstutsen, omdat de prekers al lang opburgen binne yn it kabinet)
Se is dus dea, de frou. Alteast, sa komt se foar de mannichte nei foaren. Guon flokke (sân kear, want mear is neffens de kontrolegroep fan de bibleteken net tastien), oaren lústerje ôfwaaid praat, stekke fingers yn gatten, mar de frou bliuwt dea. In pop. In bekende kommentator âlet dat it frjemd is dat it al wer in moai wiif is dat it spul op gong bringe moat. Wêrom no net ris in prachtich matroaske fan tolve jier mei de kont omheech. Diskriminaasje slacht ek hjir wer foar master op. Altiten wer dy froulju mei dy ferfelende berchtoppen oan de boppekont of oan de ûnderkont.
literatuer, lektuer, pulp
(hjir komt dalje op, dit kinne de krityske klerken noait slûpe litte, want it kostet har harren baan, dit wurdt der sûnder pardon útsnijd; hjir komme ommers alle brune assosjaasjes om 'e hoeke kypjen, sadat de CD-ers yn har kullen knipe sille, hjir is de skriuwer te partikulier dwaande en hy ferjit hjir syn taak yn de maatskippij, want literatuer mei noait
| |
| |
reklame meitsje foar bygelyks pederastery of oan hokker kwea guon skoalmasters har dan ek skuldich meitsje)
Der stiet fanseis mear op de tentoansteliing. Bylden, skilderijen, objekten en in tal kollaazjes. Ien prachtige springt derút: bealgjende, frettende en sûpende Feestgongers om in tafel dêr't yn de midden in al slachte en heal opfretten kristus oan syn peal hinget mei in teskuord boesgroentsje en in heal slipke om de bonken. Yn syn kul stiet in nazystjêr. De titel is:
“de earste fan seis miljoen”.
Us kommentator stiet der gobjend, sobjend en lobjend nei te sjen. De dea as grutte bliidskip, as ien grut orgasme. Yn in hoeke fan it skilderij wurdt in baasoersetter dy't krekt in bûging makket foar in moaie dame lykas de pop foar de kiste, troch in geile bok te grazen nommen. Yn syn oersetwurk hat er dit noch nea meimakke (of weilitten..., want dy âlde geiten, gekken en Griken!). Mar ek dizze ûnderfining, dêr't de hals fan in wynflesse noch bleek by ôfstekt, sil letter út soarte fertuten dwaan yn syn masterwurken.
wy moatte wer fluensk skriuwe
(prachtich, prachtich, de skriuwer genietet, mar hy wit ek dat de skriuwer fan de grutte Pake net sa fier gongen is, wylst it tusken de rigels te fielen wie dat de geiten de froulju ferfongen, hy wit ek dat de skriuwer fan de Feestgongers desennia lyn al útmakke is foar in skriuwer dy't tefolle eale dielen omslingerje lit, en hy wit ek ferdomde goed dat de skriuwer oer de sekte yn syn lêste boek ferhipte hoeden omsprongen is mei de grutte soan yn it heale slipke, want..., want..., sa leit de wrâld der no ienkear hinne, en dan de skriuwer mei al syn Freonen: fluensk, fluensk, fluensk praat net te min, want soks leveret faker de earepriis op as nullen yn in tyt, en dêrom is de skriuwer sa bliid mei de ienentritich stimmen oer de literatuer, want dat betsjut dat der hjoed de dei dochs heel wat mooglik is ((dy stimmen sizze dat de geile apen en bokken folslein akseptearre binne)), op papier nimt de skriuwer oan, want as dat de wurklikheid wurde sil dan hawwe wy aansens ek neat mear oan al dy dna-testen en-ûndersiken, oer stambeammen wol er dan noch net iens prate).
| |
| |
sij
Dy foarm dêr't se op kikke wurdt troch de kosmysk ynspirearre lju omskreaun as liturgysk.
hy
De kosmysk ynspirearre lju?
sij
Ja, de kosmysken. Se skriuwe klums yn de kranten. Se brûke noch wol deselde symboalen, mar it is folslein kosmysk. Ik sil dy wol even in stikje foarlêze:
“God bestiet yn ferhalen, parabels, lieten en gedichten, yn foarmen dêr't oer neitocht is, yn taal dy't wat te sizzen hat. Wa't god benei komme wol, kin net sûnder foarmen. Literatuer en liturgy binne sokke foarmen. As it goed is, reitsje se elkoar.”
No, wat seist?
hy
Poppestront!
sij
Poppestront?
hy
Ja, noch slimmer as tritich-fjirtich jier lyn doe't de hele reutemeteut fol poppestront it eksperimint yn de literatuer nei gichem holp en as blasfemysk beskôge: dy skriuwers waarden omskreaun as gekken, grapmakkers, siken fan geast en ôfwikelingen. Sels yn de offisjele geskriften. Sokke ferbline waansinnigen skoden ommers de liturgy oan 'e kant. Sij hâlden har fêst oan de stront mei stientsjes dat sa moai yn de
| |
| |
skoalboekjes stie. Foaral de ferhalen oer de âlde stamgenoaten sloegen foar master op. Fier foar de jonge mei it teskuorde slipke leauden se al mei hert en sinen, faetsoenliker folk as dat foarteam hat der nea wer bestien. Hjoed de dei wurdt der noch wol oer skreaun. As men dat lêst skammet men jin foar wat der op 't heden bart. Minsken moatte wer oan de poppestront.
sij
Neffens my wolle de kosmysken de skriuwer fan de sekte werom prate yn harren kamp. Dat hawwe se mei oare grutte skriuwers ek besocht. Wer werom nei de pôt fol stront mei stientsjes. Se kinne it net sette dat sokke skriuwers de konsekwinsje fan har skriuwen nimme en de kosmyske wurklikheid nei it lân fan de fabels ferwize. In skriuwer is ommers syn eigen autoriteit mei syn eigen autonoom boek. De skriuwer hat syn eigen aap op it skouder, dy kin neat mei twaddehânsapen.
hy
Dat is al wat oars as dy liturgy. In aap is ommers de ultime metafoar foar de grutte geilens, yn elke literatuer. Foar de skriuwer fan de sekte is god sa geil as in aap, en sa krijt de grutte folksskriuwer dy't foar it gerjocht komme moast, omdat syn haadpersoan de godezel neukte yn syn geheime gat (en letter frijsprutsen is yn it ferneamde ezelsproses), dochs noch folslein gelyk. De ezels fan de kosmysken stjonke, omdat harren geheime gatten net genôch brûkt wurde. Dy skriuwwrâlden lizze fol mei kadavers, omdat de liturgy ferskimmele is, sadat alle spontanem en fantasije oan bannen lein binne. Dêr kinst mei goed fatsoen gjin kul mear yn stekke.
(Mar wy moatte werom nei de ekshibysje, want dêre sille grutte dingen barre, de taspraak fan it fenomeen fan de keunst moatte wy goed yn ús earen knoopje, opsûge yn ús harsens:)
- Oanwêzigen, freonen en freondinnen, leafsten en eksleafsten, ik bin ferskriklik bliid dat jimme der binne. Foaral mei de skriuwers bin ik bliid, want dy kinne hjir no ris sjen, yn it echt, wat der mear mooglik is
| |
| |
as de sljochtweihinne ôfprintsels fan de wurklikheid dy't se sels de wrâld ynstjoere. -
(de ynlieder sykhellet, en op dat stuit begjint der immen te razen, te flokken: acht kear, en dat is op himsels al ferskriklik, want ien kear tefolle, en it docht al gau bliken dat it ien fan de bekende publisisten is, dy't itselde opleppelet wat al yn de ienentritich stimmen stiet: “ûnhuer, plat, fyn, wreed, rabiaat seksisme, fiis, eang, om te koarjen, smoarch, masturbaasjeobjekt, ferkrampte kutten, sloppe kullen”, en doe wer flokwurden, njoggen kear sels diskear!).
(Fansels, de seal wurdt breinroer, en der wurdt oan alle einen en kanten tsjinyn raasd, de ynlieder hapt as in fisk yn de blabber nei lucht:)
“Ast godferdomme dyn bek net hâldst slaan wy dy hjirre ek oan it krús sa't dêre yn 'e hoeke op it skilderij bart, en snije wy dy oan moatsjes; stik dweil, stik stront, stik joad, stik homo, stik swart ûnbenul, geiteneuker, spiritussûper, strontbuit, kankerlijer, réaksjonêre pederast.”
(Dit moat oars, dit kin sa net yn in fatsoenlik boek, wy moatte fan dy fint ôf, wy litte him troch fiif man ôfmeitsje, dat past ek wol wat by de oanfretten man; en sa bart it, want al ridlik gau wurdt de publisist tsjin de muorre slein, oan barrels, mar net ien wynt him op, want it leserljocht makket der in nij skilderij fan, en tagelyk rint de spanning moai omheech, it offer is brocht, oars in moaie sêne foar dat boek oer dy âlde stamgenoaten, en elkenien sil no wol begripe dat it der allegearre yn thúsheart).
De ynlieder hat wer lucht:
- Ik sei dat skriuwers oer it ginneraal reproduksjes de weareld ynstjoere, fan in keunstwurk is der mar ien. Sjoch nei de muorre, se ûntsteane soms samar spontaan. Dat soe mei boeken ek barre moatte, want dan hawwe jo gjin lêst fan belearjende en bekearjende kommentators, fan útlizzers dy't miene dat in gedicht in soarte fan technysk ynelkoar setten masine is, en dan kinne jo frij en autonoom skriuwe. Jo hawwe gjin reet te krijen mei de wet, mei de moraal en mei de noarmen fan aller- | |
| |
hande sekten. Ynsekten! Dat hat noch noait wat opsmiten, want men slacht elkoar dochs de harsens yn, of ôf, oan smots, hartstikke dea. En dêroer giet it hjir. Harkje nei de deade frou foar de kiste: jim sille de wrâld hearre, jimme hearre jimsels. Hymjende bokken, stinnende geiten en toarre oersetters dy't oarmans produkten ferkrêftsje. Op nei de arena, op nei it gefjocht foar rjocht. En hjirmei is de tentoanstelling folslein iepene. Ik haw sein. Ik tankje jimme. -
sij
Ja, alles goed en wol. Oan de iene kant pleitsje de kosmysken foar de liturgy fan it ferline, en oan de oare kant rinne se heech mei it boek oer de ferneamde sekte. Yn de ienentritich stimmen stiet sels: “Alles wat er skriuwt is wier, omdat hy it skriuwt”.
hy
Dat kloppet dus presys. De skriuwer is foar de kosmysken de plakferfanger op ierde, in soarte fan paus dus. It lege gat dêr't de kosmysken ynienen foar stiene neidat se harren fêste stjêr fuortsketten hiene, wurdt opfold mei liturgy, mei de skriuwer fan de sekte en mei in aap. Dat boek is dus de nije liturgy, it nije grutte hillige boek.
sij
It tsjinoerstelde fan literatuer dus, want literatuer makket de leechte faak noch leger, ropt de twifel op, en kreëarret in wrâld dy't ek bestiet. Literatuer en hâldfêst flokke.
hy
Ja, lykas ús bankje, ús hûs, en de koperen seal mei de ekshibysje.
sij
Yn de prinslike tún.
| |
| |
hy
Juster.
sij
Of earjuster.
hy
As in literêre realiteit.
sij
Dêr't earnst en boartsjen trochinoar rinne.
(Gefaarlik wer, no't foar poppestronters en ekspoppestronters it grutte boek oer de sekten as in soarte fan liturgyske bibel omskreaun is, de hillige kosmysken ôfmakke wurde en omskreaun as ien grutte binde fariseeërs, wat se fansels wer werom kenne yn it boek oer de sekten, sadat de noch hilliger skriuwer mear wurdt as allinne mar in plakferfanger, sadat konkludearre wurde kin, dat net dizze skriuwer dat betocht hat, mar de kontsjeslikjende godsikers sels, en dêrút folget dat in hillige altiten it slachtoffer wurdt fan fluenske eagen en ynelkoar tearde hannen, op knibbels fansels, want o boarre, boarre, boarre...).
De mûle fan de frou ferweecht, en de metaalachtige stim jout alle wurden werom dy't troch de taskôgers sein binne. Dy lige der net om, en by guon besikers rint it bloed nei de kop. Sok smoarch praat soe de ferneamde publisist net iens betinke kinne. Nei safolle jier hat de mins wer echte hillige teksten nedich.
Mar dan giet de frou stean, rint it trepke op nei de kiste en strûpt har de klean fan it liif. Under de blaupearskgiele ljochten fan de leser. It folk streamt ta, want no sil it heve. Ynienen sjogge se njonken de kiste ynstee fan bleate billen, titen en oar fleis in rammeljend bonkerak. Wat waarmte, fleis en geilens wêze soe, is in steand geramte. De frou ferlûkt
| |
| |
de mûle. Se gniist, se laket, se hunet, de frou is keimst en literatuer wurden. Guon hawwe de hel yn, omdat de steande kullen ommenocht om har hinne sjogge en allinne mar de fersegele konten fan de wettige oare helten fiele. En dat hawwe se no al sa faak by de ein hân.
(Ek hjir wifelet de skriuwer, want skriuwers litte de dea altiten mar wat omtoarkje, de dea is hillich, dêroer kin net mei spot skreaun wurde, dêrfoar wurde paradizen betocht yn de plakferfangende yndustry; mar ferdomme, it past hjir, it moat hjir, it iennige wat oer de dea sein wurde kin is:
it stjonkt!
(en net sa'n bytsje ek)
(De frou docht it deksel fan de kiste iepen en stapt deryn, de bonken klapperje, der is gjin muzyk. Ek gjin applaus. It folk wachtet, want yn elkenien ferskynt de ynpompte refreinrigel: “soms stiet immen op út de dea, wylst dêrfoar de stank net te fernearen wie”. It liket in begraffenis, de stilte kin opskept wurde mei lege hannen.)
(In skriuwer moat út en troch de lêzer foar lul sette, him op 'e siele traapje, him it koperen fatsoen fan kul en kut skraabje. Ja? Allinne mar in fraach, mear net).
(De fraach is noch net steld of it antwurd komt al omheech. Ut de kiste. De frou stapt as in folslein ripe frou op it poadium. Se draait as in mantsjeknyn nei alle kanten, lit har bewûnderje, foaral de fleizen klean dy't oan har fêstgroeid binne. Ien kear, twa kear, trije kear en dan klimt se in trepke op. Giet sitten, op in trachter as in blikken húske. Se liket in neakene tulp. En dan?
It publyk heart in gerûs fan wetter, even mar, want dan daalt yn it skynsel fan gieloranje ljocht waarme rein oer it folk dat sjocht, dat harket, dat fielt. In wetterfal, in fontein dy't dampen troch de seal jeit. De frou miicht oer de hollen fan de lju yn moaie pakken en glinsterjende jurken. De frou besijkt de hele tentoanstelling, en glimket, en gniist, en laket, en skatteret.)
| |
| |
hy
Ja, dy ekshibysje, dêr't alle poppestronters en ekspoppestronters bemiigd waarden, foaral de skriuwers en net te ferjitten de kritisy ûnder harren, en doe as gekken nei it boekeskriuwfabryk fleagen.
sij
Dêr't har hear teminste noch fatsoenlik klaaid wie, en net elkenien op him omslikke, oan him friet en him ôf- en útsûgde, dêr't de befoarderer fan de literatuer al te geile sênes út de boeken skrasse moast.
hy
Dêr't Maria út leafde foar de dea einlings ris yn it echt har kut brûke mocht, en mei har grutte freon in realistysk paradys yn glydzje soe.
sij
Dêr't de Hillige Trêske fan Lizejeu no ris de skilen fan har sjook skile koe en har de fingers ôfslikje mei de dipsaus fan it geniet.
hy
Do dus!
sij
Ja, en do as aap foar fjouwerentweintich oeren op ús ekshibysje fan it geniet.
(Ja, ja, in tritich jier lyn dus, doe't de ferneamde strider en skriuwer foar de frijheid masturbearre by it lêzen fan dizze leafdessêne, en dêrnei it boekje yn de iepen hurte smiet, omdat syn frou ynienen brimstich yn de doar stie, wylst yn syn nekke de apen op en del giselen, en syn frou dochs mar begûn mei it foarlêzen fan it heechliet).
| |
| |
No't de frou leechmiigd is giet se wer stean, en seit:
- Ik bin de wei, ik bin de wierheid, en ik bin it libben. -
Dêrnei bûcht se foar it folk dat allegear nei itselde rûkersguod rûkt, en se linet mei de earmtakken op 'e kiste wylst se har kont fier achterút stekt. Op dat eagenblik springt de fjouwerentweintich-oere-aap nei foaren, draait him ek in pear kear yn it rûn, en seit:
- Ik hâld fan it libben, fan de wierheid en fan de wei. -
Dan bespringt er, lykas de bok op it skilderij fan de ferneamde oersetter, de frou. Op har holle begjinne wer ljochtsjes te flikkerjen. De krekte lêzer kin it miskien benei komme:
(“Wolle jo ek in geile aap?”)
(De skriuwer is bliid dat it sa skitterjend eindiget, en dat it folk trochkrijt dat it as ûnderdiel fan de ekshibysje deselde wei op moat, mar dat hoecht net mear op papier, de fantasije fan de modale lêzer is grut genôch om no fierder te silen op dizze foarstellings; de fraach moat wol steld wurde oft der dochs net te folle skrast is troch de skriuwer).
hy
Sa hiene wy noch nea yn ekshibysje stien.
sij
It hie wol wat, fûn ik. Dy kiste, it publyk, miggeljende miich en achter my in geile aap.
sij/hy
En dan te witten dat dit eins in kollaazje is fan stikken dy't yn de rin fan de jierren weilitten of skrast binne yn de romans fan wichtige skriuwers, omdat se net realistysk genôch wiene, flokten mei de histoaryske wurklikheid, it literêre fatsoen en de liturgy. Yn de geile aap as literêr fenomeen, de metafoar foar de grutte leafde, is de aap te faak kastrearre en dêrtroch hingjen bleaun yn de fase fan it grutte bern mei de lytse
| |
| |
popkes. Dy barbykultuer hat tefolle te krijen mei de mummys yn de liturgy fan de kosmysken. Wy pleitsje foar de aap yn de literatuer, want apen wiene wy en apen sille wy bliuwe.’
|
|