je fan betochte tsjinstellingen.
Fakentiids hawwe dy saneamde tsjinstellingen mei domheid en koppichheid te krijen, en as men as maatskippij altiten mar temjitte komme moat oan soksoarte fan eigenwize gelykhawwers woe en wol der by my net yn. It liket wol oft er my belûke wol yn syn ideeën oer rjocht en ûnrjocht. Doch ik dat net dan nimt er ôfstân en skelt er my ferrot sa't er in pear dagen lyn noch dien hat oer de telefoan.
- Skriuwers as do, - sei er, - keutelje allinne mar wat ferhaaltsjes op papier, dêr't de goegemeente om laitsje kin. Wat moraal, in bytsje fermeits, wat mearkes oer Klaas Faak, in heale tyt en in kwart kul, foaral net te djip en folslein befêstigjend oangeande noarmen en wearden fan de grutte kliber mei de klam op de nije kosmos dy't de finen fan eartiids ynwiksele hawwe foar it kristendom. Literatuer is oars en moat oars wêze. -
As er njonken my stien hie, hie der op dat stuit in grouwe rachel op myn skuon bedarre. No skrabe er allinne mar de keel. Ik besocht noch oan te jaan, dat de literatuer dochs in funksje hawwe moast yn de maatskippij. Neffens De Grutsk wie dat in grandioaze opmerking, mar ferskeelden syn definysje oer de funksje en mines wol njoggentich graden. Troch soksoarte fan flauwekul as keunst en fermeits foar it folk en sa woe er him net mear op it ferkearde spoar sette litte. Itselde jilde eins ek foar de hjoeddeiske kritisy. De measten sieten noch yn it stadium fan de Dikke Trommel. Doe smiet er de hoarn derop, en sûzen my de earen.
In pear tellen letter skille er op 'e nij. Hy skeat daalk mei fjoer. - Asto mienst dat in boek fan dy De Mak ek mar in kromke mei literatuer te krijen hat, dan snapst der gjin grevel fan. Dy kloat ynformearret him by wat boeren, by in pear notarissen, by wat dûmnys en by in winkelman fan syn eigen soart. Hy wennet trije moannen yn De Jor, hat syn âlde god noch yn de binnenbûse en beslút dan dat er it doarp ken. Hy projektearret syn eigen ideeën op it doarp, neukt de doarpshoer en freget dan as lêste de âld-yntellektueel, en kranteman lykas hysels is - De Hyl dus - noch even oft it allegearre kloppet. En ja, hear, god is oan it kuierjen! Wy lêze neat oer De Popsken, oer De Nussen en oer De Hargen. En arbeiders hawwe helendal noait yn De Jor wenne. Soks neam ik fertsjusteremoanjen en ferkrêftsjen. -