like er krekt De Fet dy't sa ferskriklik hurd fytse koe, en ai in kear de rûnte fan Rypslop wûn hie. Kweade geasten seine dat er yn de lêste rit ek kopspikerkes struid hie en allinne dêrtroch winne koe.
De Lytsk skode wat mear nei lofts, achter de peal, sadat nimmen him yn de rekken krije koe.
De optocht kaam no hurd tichterby. De trommels klonken lûder en lûder. It tempo fan de trommelslaggers fermindere. Dêrtroch feroare it ritme.
Achter de optocht rôlen in pear lju in lege kabeltonne fan sa'n oardel meter breed en in heale meer heech achter de stoet oan. Dy hearde der blykber ek by. De lêste man hie in flagge foar syn liif. It wie de sjouwer fan it keatsfindel, De Gal, seach er ynienen. Hy werkende no mear minsken út it doarp.
Foar De Nus bleaunen se stean. De Lytsk hearde geraas en gebalt en doe ferhegen de trommelslaggers it tempo wer. It alleegerop fan De Dump klonk nei ûnder it betonnen dak fan de dwinger.
Se spilen en songen it folksliet, dat altiten by tige bysûndere barrens foar it ljocht kaam. Petten, klotsen en inkelde huodden ferhuzen nei de hannen. It folksliet mei it getrommel brocht har werom nei de tiden dat it ûnwaar foar master opsloech en de razers en de fjochters de wetten foarskreaunen. De tsjerkeferskes hiene dat ritueel wat feroare, mar de measten fûnen dat dochs mar wat weak en sêft geëamel. In oargel helle it ek út soarte net by in grutte trommel. Wat minder wurden, wat better.
Der hong ûnwaar yn de loft. It waard fersterke troch de slaggen op de trommels. Ek it strontbad reagearre. It siede en buorrele mear en mear. Neidat it folksliet ôfrûn wie, en elkenien trije kear allee, allee, allee raasd hie - ûnder tafersjoch en lieding fan De Dump - rûnen trije manlju mei it byld op de barte nei foaren. It waard optild en nêst De Nus setten. Dêrnei ferhuze ek it twadde byld op de twadde barte, en dat belâne oan de oare kant fan De Nus. De minsken gongen yn heale rûnten om de trije bylden stean. Foar de bern en de beesten, dêrachter de froulju en dan de manlju.
De Gal gong as findelsjouwer foar de trije bylden stean. Hy brocht de Farskegroet mei de lofterhân. Der hearske in hast serene stilte no't ek de trommels swijden. Achter de bylden stie De Dump. Hy hie in swart