as in bedriging opsletten yn de freonskip.
Dêr't de echte bewenners en de huzen, de skoalle, de tsjerke en de buorkerijen by it doarp hearden - lykas de ivige beamkes en beammen - dêr bleaunen dy oaren in soarte fan ark lykas boereweinen en fytsen dy't ek altiten ûnderweis wiene en fuortsmiten waarden as se net mear doogden. Sa slim as it mei De Tjemsk ôfrûn wie barde net sa faak, mar ek De Lytsk koe him net yn it sin bringe oft er oait in echte freon hân hie ûnder dy ferhuzers. Mei guon hie er keatst, omdat se dat goed koene. Mar dêrmei hâlde it ek wol op. As er befreone west hie mei De Tjemsk hie it miskien net bard. Mar dy gedachte liet er ek wer gau sjitte.
Ut en troch kaam dat idee dochs werom. De Tjemsk hie eins mar amper yn it doarp wenne, sadat it nei in setsje fergetten wie. Mar yn it doarp wennen ek minsken dy't der al jierren tahâlden, en nettsjinsteande dat waard ek dêr raar mei omsprongen. Eins rûnen der wol mear De Tjemsken om. De Lytsk dreamde derfan, en waard dan swittend wekker. Der barden soms ferskriklike dingen mei dy minsken.
In pear moannen nei't De Tjemsk begroeven wie lei De Lytsk dy jûns draaiend en swittend op bêd. Dy middei hie er de stien sjoen dy't boppe op De Tjemsk setten wie. Der stie op dat er ferdronkien wie, en dat fûn de Lytsk in healwize tekst, omdat ferdrinke te krijen hie mei wetter.
De Lytsk tocht oan it famke fan De Pyst fan Kilpon dat yn it kanaal ferdronken wie. Letter sei De Pyst dat se wol wer in nij famke meitsje soene. As wie er in bakker fan bern. Neffens De Lytsk wie De Tjemsk smoard, want yn de dwinger stie gjin wetter. Dy siet ommers fol stront, mongen mei papier en oare rotsoai. Mar miskien koe it wurd smoare wol net op in grêfstien stean. Hy hie it syn heit-en-dy frege, mar dy seine dat er him te drok makke oer sokke dingen. Hy moast it mar ferjitte, en kom yn de goedichheid net by dy dwinger, want dan koe er nei ferrin fan tiid ek wolris ûnder sa'n heuveltsje bedarje. De Lytsk hie noait ferteld wat der yn skoalle bard wie. Gjin ien hie der letter eins mear oer praten.
De Lytsk makke him heel lyts en krûpte hast tusken de twa kessens. Syn motten fielden kâld en ek syn hannen liken wol stikjes iis. Hy stuts de fingers ien foar ien yn syn mûle sa't er winterdeis wol die nei't er de