| |
Haadstik 77
Der hinget in deade roek boppe it weet
Trije moannen nei't er yn maaie begûn wie by De Lep waard bekend dat de heit fan De Tjemsk al wer in oare boer socht. Nettsjinsteande dat hie er noch njoggen moanne te gean by De Lep. Mei him hie De Tjemsk senior al in pear kear in heechrinnende rûzje hân. It gong oer it mûnlinge kontrakt foar in jier. Neffens De Lep moast er op syn minst trije of fjouwer wykeinen fan de moanne melke, wylst de heit fan De Tjemsk bewearde dat er om it wykein frij wêze soe. Dy wurkwykeinen soene betelle wurde. No krige er allinne mar wat rudige molke ekstra foar syn hûshâlding. Dêr hie er gjin nocht oan, want hy mocht graach
| |
| |
keatse, fiskje en aaisykje. Op dizze manier koe er likegoed yn de golle sliepe, want sa waard er eins troch De Lep beskôge. As in stik boere-ark. En dat ferdomde De Tjemsk senior. Hy wie in opljeppende Bilkert. Hy hie de fûsten los oan de lea, it mes iepen yn de bûse as it der op oan kaam. Syn eagen skeaten fjoer as er lulk wie.
De Lep en hy hiene elkoar yn de twadde wike al mei de heafoarken achternei sitten. Letter rûn De Lep as er it fjild yn gong altiten mei in gewear oer it skouder. Hy fertroude de heit fan De Tjemsk foar gjin meter. It soe net de earste kear wêze, dat der immen yn it Aldmar fersopen waard.
It ferhaal gong fansels as diggelfjoer troch it doarp. It wie ek net de earste kear dat De Lep gesoademiter hie. Syn wiif spile ek net swak by. Dochs keas it doarp altiten foar De Lep. In arbeider en syn hûshâlding foarmen ommers allinne mar passanten foar ien jier. En De Lep hie macht. It heale doarp friet fan him. It gesin fan De Tjemsk waard nei de rûzje heal en heal negearre, en foaral de lytse De Tjemsk krige it swier. Sels op skoalle moast de rekken betelle wurde. Mar miskien hie it ek wol mei wat oars te krijen.
De Lytsk hie oeren lang nei de Tjemsk sjoen nei't er op in dei út syn bank sleept wie en tsjin de muorre plante. Tusken de buorden en de doar nei de gong. De meester sprong hast út syn fel en wist net mear wat er mei De Tjemsk oan moast. De hele moarn koe De Lytsk syn eagen net loskrije fan dy libjende pop tsjin de muorre.
Ek de oaren yn it lokaal lieten sa foar en nei har eagen oer De Tjemsk glydzje, dêr njonken it boerd foar de muorre. Hy mocht der net tsjinoan lynje, dat wie him út soarte ferbean. Der siet in pear sintimeter romte tusken de muorre en De Tjemsk. Mei syn kaartstôk hie de meester dat presys oanjûn. De Tjemsk stie mei syn gesicht nei de klasse keard. Yn de iene hân hie er syn heal opfretten podead en yn de oare it lesboekje dôrt er altiten letters, wurden en sinnen út oerskriuwe moast. De meester hie him noartsk it befel jûn dat er it boekje en it potlead op 'e hichte fan syn liif hâlde moast. Mei de earmen rjocht foar him út. Lykas slieprinners dogge. Hy moast de fuotten stiif tsjinelkoar sette en hy mocht him gjin millimeter bewege. Om syn skonken hie de meester mei kryt in rûnte lutsen. Hy like sa in stjonkende paddestoel yn in hekserûnte foar ien jonge.
| |
| |
As De Lytsk lang nei De Tjemsk seach krige er it gefoel dat er dêr sels stie. Ek hy fielde it gewicht fan it boekje en it potlead op syn hannen. Stikem besocht er it mei syn eigen hân njonken syn bank. De Lytsk waard der in bytsje bang fan, omdat De Tjemsk sa út de fierte wei op in stânbyld begûn te lykjen. Hy beweegde helendal net mear. Hy hie ek wol wat fan in etalaazjepop dy't ommers folslein beferzen stie dêr't er delplante wie.
De earste kear dat De Lytsk yn de haadstêd dy neimakke minskepoppen seach skrok er him hast in ûngelok. Dy sabeare minsken liken folslein echt, mar se sykhellen en beweegden net. By ien knipperen wol de eagen as de sinne der op skynde sa't ek it popke fan De Met die as se dy hin en wer skodde. No wie De Tjemsk feroare yn sa'n etalaazjepop. Hy makke reklame fear podeaden en boekjes.
Sûnt De Tjemsk op skoalle kommen wie - yn maaie fan dat jier nei de grutte folksferhuzings fan de boere-arbeiders - hie er op skoalle noch net sa'n soad dien. Al gau die bliken dat er net lêze koe, sadat ek it skriuwen allinne mar it oertekenjen fan letters ynhâlde. Rekkenje oant tsien mei syn fingers koe er in bytsje, mar al it oare fleach oer syn holle hinne ynstee fan der yn. Hy harke wol, mar hy wie net by steat om in ferhaaltsje nei te fertellen. Trije wurden achterelkoar sizze fûn er al folle. Meastens folstie er mei ien, en dat wie dan ek noch faak ja of nee. Yn it begjin besocht de meester om dit te feroarjen en te ferbetterjen. Neffens syn leeftiid soe er yn de fjirde klasse sitte moatte, mar mei wat er koe wiene guon earste klassers him noch de baas. De heit fan De Tjemsk ferdomde it en stjoer him nei in spesjale skoalle yn de haadstêd. It probleem waard dus mei de dei grutter. De Tjemsk soe him neffens De Lytsk wol ûngelokkiger en ûngelokkiger fiele. Mar dat wie net oan De Tjemsk te sjen. Hy liet it alteast net merkbite. De Tjemsk kaam as in frjemde ein op skoalle, en nei ferrin fan in pear moannen wie dat net feroare. It tsjinoerstelde barde eins, want hy stie folslein allinne.
Nei twa moannen wie De Tjemsk mei trije saken dwaande. Hy tekene foarbylden nei en soms betocht er sels wat; hy skreau letters oer út in skriuwmetoade of út lêsboekjes en hy rekkene fan ien oant tsien en werom. Soms feroaren de letters yn wurden en sels sinnen, mar hy wist fansels by god net wat er makke hie. Ek syn tekeningen ferskynden lykas fan al de oaren op de tekenbuorden yn it lokaal of oan de toutsjes
| |
| |
dy't der spesjaal foar ophongen wiene.
De Tjemsk tekene in soad sinnen en moannen en oan de lofterkant stie fakentiids in beamke mei trije tûken. Oan ien fan dy tûken hong meastal in deade ka. Oan ien poat, op syn kop. Dat diene de boeren ek, sei er, deade roeken en kaën waarden oan bamboestokken yn it weet setten. De Tjemsk jage op roeken en ferkocht se oan de boeren. Ien kear hie er roeke-aaien útbriede litten troch in hin. Hy hie de roeken opweide en opgroeie litten en dêrnei ek ferkocht. Hy makke se sels dea. Gewoan de strôt omdraaie oant der wat knapte. Dat hie De Tjemsk leard fan syn pake, dy't der ferneamd om west hie. Foar sokke ferhalen hie er wol de wurden. Yn 't begjin liet de meester him soks fertelle. As De Tjemsk dizze ferhalen fertelde yn de klasse jankte it famke De Met hast, en se bearde dat soks bistemishanneling wie. Dan gniisde De Tjemsk en stuts de tonge út. Dêrnei waard De Met noch lulker.
No stie De Tjemsk sels as in bamboestôk yn in rûntsje tusken de weetbern yn de klasse. As ien fan dy deade roeken yn it fjild hast seach er libbenleas it lokaal yn. De Lytsk hie soks noch nea meimakke. Hy hie it ek net fan de meester ferwachte, want dy wie yn it algemien tige freonlik. Hy tocht oan dy kear dat er nei de begraffenis fan syn pake sjen mocht. Yn it húske. Dit stokstiif stean betsjutte dus in straf, mar De Lytsk koe mei gjin mooglikheid betinke hokker strafber feit De Tjemsk op syn gewisse hie.
Fansels, De Tjemsk wurke net sa't de oaren wurken, en dêrom foel er der folslein bûten. Mar oft men dêrtroch strafber wie wist De Lytsk net. Hy twifele, want der sieten wol mear aparte bern op de skoalle, en der wiene genôch dy't net allinne sa stom liken as it achterein fan in ko, mar it ek wiene.
De Tjemsk like no in popke op in merke dêr't de opslûpen feinten op skeaten, of dêr't se hoepeltsjes om de holle smite moasten. Soms ek om de earmkes. Trije kear rekke, of trije hoepeltsjes teplak betsjutte in papieren roas as priis.
Ynienen hearde De Lytsk in djippe sucht. De mûle fan de Tjemsk foel iepen en op itselde stuit rûgelen it boek en it potlead út syn hannen foar syn fuotten op 'e flier. It knalde twa kear troch it lokaal. Sa stil wie it dêre. De Tjemsk sleat stadich syn mûle. Dêrnei knipere er even mei syn eagen. Doe noch in kear.
| |
| |
De Lytsk seach eangst yn de eagen fan De Tjemsk, miskien wie er ek wol wanhopich. Hy werkende de eagen fan de hûnen as dy opsjasse waarden mei stokken, buskes en stiennen. Mar miskien wie er sels ek wol bang, omdat er net rjocht troch krige wêrom't dit allegearre sa moast.
De mûle fan De Tjemsk luts in pear kear hin en wer, as woe er in mich fan syn gesicht jeie sa't hynders dat diene mei it triljen fan har hûd. Ek de lippen fan De Tjemsk trillen in pear kear. It like ek wol oft er kâld wie.
Yntusken stie de meester njonken syn buro. Hy rûn in pear stappen nei De Tjemsk en wiisde mei syn kaartstôk op it podead en it boek. Doe seach er de klasse yn dêr't elke bûgd siet oer in skrift of in boek. It wie noch altiten deastil yn it lokaal. Allinne it sykheljen wie te hearren. Meielkoar foarme dat ien lange sucht, of in twirre dy't simmers soms samar oer it fjild skeat.
Hoeden kipe De Lytsk troch syn eachhierkes nei de twa minsken foar de klasse. In gruttenien en in lytsenien. De master tikke mei syn stêk tsjin in earm fan De Tjemsk. Dêrnei klonk it as in skot út it gewear fan De Lep: ‘rjochtút’. De Lytsk tocht oan de saneamde gymlessen fan de âldknilmajoar De Dump. Dy raasde ek altiten sokke wurden, as stie er noch foar de soldaten yn Ynje. Ek dit wurd knalde tsjin de muorren en de souder. De Lytsk koe hast net mear sykhelje. Hy fielde it swit tusken syn hier en op syn foarholle.
It wurd wie noch net stilfallen tsjin de muorren, of de beide earmen fan De Tjemsk skeaten al nei foaren. Lykas by in marjonet dêr't de toutsjes fan de earmen spand wurde. De stôk fan de meester kitste wer op de flier, en doe hearde De Lytsk syn eigen namme neamen. Dy waard wol tsien kear weromkeatst yn it lokaal. Hy skrok him hast in ûngelok.
Stroffeljend oer syn skonken foel er heal út syn bank en reesde nei foaren. Rjochts stie De Tjemsk en lofts de stôk fan de meester. Hy doarde net heger te sjen as de hân dy't dy stôk fêsthâlde. Oan de rjochterkant rûkte er de stank fan miich en stront. Doe kaam de stôk Stadich yn beweging. Hy bleau hingjen boppe it boek op 'e flier en wiisde der nei. As wie it in plaatsje út Ot en Sien dêr't in aap oan it ketting siet. Yn de daksgoate. Dat seach de Lytsk earst, en doe pas it boek op de flier.
| |
| |
De Lytsk luts de holle wat omheech en moete de eagen fan de meester. Dy knikte like spastysk as it beest fan De Baarch, De Jar. De Lytsk begreep dat hy it boek fan de flier pakke moast. Hy gong troch de knibbels en naam it boek yn beide hannen. It like swierder as it wie. Doe't er omheechkaam murk er dat de stôk mei him omheech gong. Flak foar syn noas. De Lytsk die in stap tebek. De stôk wiisde nei de hân fan De Tjemsk, joech der in tik tsjinoan, sadat dy hân him iepene en de fingers har spraten as by in robot. Noch altiten waard der gjin wurd sein. De stank oan syn rjochterkant rûkte er no noch better. Der rûnen brune strieltsjes by de skonken fan De Tjemsk lâns. Se einigen yn syn sokken.
De Lytsk die it boek ticht en lei dat op de iepen hân fan De Tjemsk. Op dat stuit seach er him even oan. Hy skrok, want de eagen fan De Tjemsk liken op dy fan in kat mei in blikje oan de sturt. Doe ferskynde ynienen de stôk wer foar syn eagen. Dy daalde stadich nei de flier. Boppe it potleadsje bleau er hingjen. De Lytsk gong wer troch de knibbels en pakte it potlead fan de flier. It wie oan de boppekant heal ôffretten. It soe bêst as kwast brûkt wurde kinne. Ek dit potlead hie De Tjemsk al hast wer opfretten. Elke wike friet er op syn minst twa podeaden op. As er ien fan sacht hout krige gong it helendal mâl. Dan koe er wol fjouwer oan yn ien wike.
De oare hân fan De Tjemsk hong al útspraat yn de loft. Hy koe it stompke der daalk op lizze. Oerdwers, want oars foel it wer tusken de fingers troch op 'e flier. De stôk sweefde no boppe syn holle en draaide nei de achterkant fan it lokaal. Dêr stie syn bank.
Achterstefoar rûn De Lytsk foarsichtich werom nei syn bank. Hy hâlde syn eagen strak op 'e stôk en de twa earmen fan De Tjemsk rjochte. Dy hongen alle trije yn de loft foar de klasse. Doe't er wer yn syn bank siet naam er syn pinne en lei dy op ien fan syn útsprate hannen. Hy woe fiele wat De Tjemsk meimakke. De Lytsk fielde him in bytsje skuldich, want hy hie op it lêst dochs mar it boek en it podeadsje yn de hannen fan De Tjemsk lein. De meester hie allinne mar it befel jûn, en hy hie net wegere.
De stilte en de spanning yn it lokaal wiene te fielen en te hearren. Se waarden grutter. Net ien wurke echt. Elk die mar sabeare. Ek de meester dy't wer foar syn buro siet stoareage stom op it skriuwblêd. De
| |
| |
stôk hong wer oan de spiker njonken it boerd en beweegde noch in bytsje.
De Lytsk murk dat de spieren yn syn earm en hân hurder waarden. Se diene sels in bytsje sear. Ek syn sykheljen like net mear fansels te gean. It triljen fan syn hân hie ynfloed op syn hele lea. Yn syn boek en yn syn skrift op de bank seach er de eagen fan De Tjemsk. Yn syn earen klonken noch de knal fan de stôk en syn namme dy't as in skot it lokaal ynfleagen. Syn keel, tonge en lippen fielden droech. It hie der wol fan oft de souder omleech kaam. Dy drukte hast op syn holle, sadat er net mear goed nei De Tjemsk sjen koe.
Dochs besocht er it wer en sjoch skean út syn eagen nei foaren dêr't alles barde. De Lytsk skrok tige, want it lichem fan De Tjemsk makke frjemde bewegingen. Soms sakken syn earmen ynienen omdel, mei skokken en netkontrolearre, lykas in poppekastpop op 'e merke dy't as in houten hispel dûnse op de muzyk fan in draaioargel. It boekje en it podeadsje foelen net wer op 'e grûn, want dy hâlde De Tjemsk no fêst mei syn fingers.
Nei't de earmen foelen besocht De Tjemsk se wer omheech te krijen. Mar ek dat gong net sûnder skokken en spastyske bewegings. De Jar wie der neat by fergelike. Ien earm skeat troch oant syn holle. De Tjemsk koe op dat stuit it boekje amper fêsthâlde. Nei dy eksploazje sakke de earm stadich nei ûnderen oant er wer hoarizontaal foarút stuts.
Doe't dat foarelkoar wie begûn de oare earm te bewegen. Eins op deselde wize. It heal opfretten podead fleach as in pylk út in bôge in pear meter nei foaren, bleau even yn de loft hingjen en foel doe op de flier. It lytse podeadsje makke it lûd fan in stien. Elkenien yn de klasse skrok omheech. Troch it lichem fan De Tjemsk rûn in ridel, as wie er yn in slang feroare dy't foarút skeat. As in ein yn de loft dy't troch De Lep oansketten wie. Letter kamen der noch twa fan sokke spiraalbewegings.
De meester ferweegde net. Hy tekene mei in potlead figuerkes op in stikje tekenpapier. Dat die er ek as er pineholle hie of yn himsels siet te dreamen. De Lytsk frege him ôf wat der no barre soe, want der lei wer wat op 'e flier. De meester gong net stean, de kaartestôk bleau hingjen, de oanfal waard útsteld.
| |
| |
De Tjemsk stoareage nei syn lege hân dy't er al wer rjocht nei foaren stutsen hie. Beide hannen wipten om de safolle sekonden omheech. Miskien misten se it lykwicht no't de iene leech wurden wie. De Tjemsk draaide syn holle nei rjochts en op itselde stuit ferdraaide ek de meester syn holle. Harren eagen moeten elkoar in fraksje fan in sekonde. De Tjemsk skrok. Hy ferweegde syn holle daalk nei lofts. Dy holle skeat in bytsje tefolle troch, mar even letter stie er dochs wer rjocht tusken syn skouders. De meester seach noch hieltiten. Hy sei neat, en hy die neat. Hy seach allinne mar nei it libben byld dat De Tjemsk sa njonkelytsen wurden wie. Doe begûn de meester mei de achterkant fan syn potlead op de tafel te tikjen. It like op it ôftellen fan de wynhûnen foardat se achter de echte of de sabeare hazze jeie mochten. It hie ek wol wat fan it oanjaan fan de maat by it sjongen. De Lytsk werkende lykwols it sankje net. Der wie ek nimmen dy't it ferske meinúndere.
It tikjen fan it potlead hie wol ynfloed op De Tjemsk. Hy begûn stadich hin en wer te bewegen. Miskien werkende hy it ferske wol. Fan lofts nei rjochts, soms fan foaren nei achteren. De meester krige it yn de rekken en paste it tikjen oan by de kadâns en it ritme fan De Tjemsk. Soms fluch, dan wer stadich. Ek luts er út en troch syn wynbrauwen omheech, en dan iepene er ek syn mûle op in kier. As woe er wat sizze. Mar dat barde net.
De Lytsk fielde dat syn gesicht read waard. It bewegen fan De Tjemsk en it tikjen fan it podead makken him ûnrêstich. En nitelich. Ek in bytsje bang. Hy slokte in pear kear, en hy krige wat langer wat mear meilijen mei De Tjemsk. Syn mage draaide as skommele er sels hin en wer yn syn bank. De Lytsk tocht oan de beammen om it tsjerkhôf hinne dy't in skoftke lyn omslein wiene. Foardat se tsjin de grûn klapten draaiden dy ek sa frjemd hin en wer. In pear kear tocht er dat in beam falle soe, mar op it lêste eagenblik kaam er dochs wer omheech.
It lichem fan De Tjemsk wykte wat langer wat mear nei bûten, nei foaren en nei achteren. Syn gesicht skynde út in fjoerreadens sa't De Lytsk allinne noch mar sjoen hie by it ûndergean fan de sinne. Simmers achter de seedyk. De eagen fan De Tjemsk stiene bol en liken op dy fan in ko, of fan in hazze yn it stikeltried. De Tjemsk sykhelle gâns flugger as gewoanlik, soms hâlde it op en skodde syn liif. Op syn foarholle leine tsjûke drippen swit.
| |
| |
Ferbjustere seach De Lytsk dat De Tjemsk wat langer wat mear bredere rûntsjes om syn eigen middelpunt makke. It gymbeest De Dump soe him fêst as foarbyld foar elkenien oanwiisd hawwe. De Tjemsk like sa linich as lekken. De kaken fan syn holle beweegden as dy fan in fisk as dy mei in heak yn 'e bek op it gers lei nei de siken te gapjen. Syn eagen begûnen no op dy fan in blinenien te lykjen as er gjin bril op syn noas hie. Allinne it wyt fan de eagen kaam nei foaren, it blauwe wie ferdwûn.
Doe hearde De Lytsk de gjalp dêr't er eins al op wachte hie. Noch noait hie er sa'n kriten heard, ek net yn it slachthûs fan de slachter. Fuort dêrnei droande de flier. De Tjemsk hie net wer út syn draai omheech komme kinnen en klapte tsjin de houten flier. As in sek ierappels lei er foar it middelste boerd. Stil. It boekje wie de klas yn flein.
Even wie it deastil nei dy ferskriklike dreun. De klap galme noch yn it lokaal en yn de hollen fan de bern. De Lytsk fielde de hurde flier yn syn knibbels. Doe begûnen in pear learlingen te razen, te mâlgûlen en te wizen. Guon mei beide hannen. In pear gongen op de treeplanken fan de banken stean. Dêrnei noch folle mear. Se stampten mei har skonken, skopten tsjin de sydkanten fan de banken.
Yn in omsjoch wie it in kabaal fan jewelste sa't allinne mar yn it swimbad te hearren wie. De lûden keatsten werom fan de muorren en de souder. It gong mâl.
Doe gong de meester stean, naam de kaartestôk fan de spiker en sloech dy in pear kear plat op syn tafel. Tagelyk raasde er fûleindich, mar dat koe gjin mins ferstean. De swypkjende stôk op de tafel en it hurde lûd fan dy slaggen makken wol safolle yndruk, dat elke leading wer sitten gong en yn himsels en de bank weromkrûpte.
Foar De Lytsk syn eagen fleagen noch de bylden fan de hin en wer draaiende De Tjemsk. Hy gong stean en rûn nei de doar oan de achterkant fan it lokaal. As wie er ûnder hypnoaze brocht. Hy seach allinne de kruk fan de doar. Hy hearde dat der raasd waard, mar syn earen ferwurken gjin wurden mear. Dêr bûnsde allinne mar syn hart. As hie er in pear slaggen foar de harsens hân. In pear minuten letter stie er mei de klompen en de jas yn de hannen op sokken op it skoalplein. Even helendal allinne. Doe kamen ek de oaren. De Lytsk hearde in
| |
| |
soad lawaai. Mar dêr boppe-út ferskynde elke kear wer de lêste gjalp fan de Tjemsk en de fûle knal doe't er tsjin de grûn knalde.
It skoft duorre tige lang. Der kaam in taksy dêr't se De Tjemsk yn leine. Op de achterbank. Hy like wol dea. De Lytsk doarde der hast net nei te sjen. Neidat de auto fuortried begûn de skoalle wer. De juffer út de earste trije klassen wie meigongen, sadat de doar tusken de lokalen iepen bleau. De meester moast no twa klassen yn 'e rekken hâlde. Oer De Tjemsk waard neat sein. Op de flier stiene noch wat krytstreken, in part fan it hout wie noch wiet. De stôk hong wer oan de spiker. Op it boerd stiene twa wurden:
houten jezus
It wie de bynamme fan De Tjemsk. De Lytsk seach der ferbjustere nei. Hy die neat, hy siet mar wat foar him út te sjen. En sa sieten der mear yn it lokaal. Syn fuotten en hannen fielden kâld. Hy koe net iens in pinne tusken syn fingers hâlde.
De Tjemsk kaam net wer op skoalle. Earst lei er yn it sikehûs, en letter rûn er thús om of yn de fjilden fan De Lep. Yn de buorren kaam er hast noait mear. Gjin ien wist oft er no op in oare skoalle siet. It like wol oft De Tjemsk noait bestien hie, op skoalle siet en deade roeken en kaën tekene.
In pear moanne nei de foarstelling yn it lokaal fertelde de meester op in moarn, foardat de lessen begûnen, dat De Tjemsk dea wie. Se skrokken. Hy wie fersopen yn de strontdwinger oan 'e dyk nei Rypslag. Hy warskôge nochris apart foar dy dwinger. It wie dêre libbensgefaarlik, dat wie no ek wol wer dúdlik. It stie oanjun mei grutte letters. Mar de Tjemsk hie noait lêzen leard. Spitich, oars hie it miskien net bard. Se waarden allegearre útnoadige foar de begraffenis. De Tjemsk hie úteinlik dochs op skoalle sitten en learling west.
Op de dei dat De Tjemsk begroeven waard kaam de wyn út de rjochting fan de dwinger. It stonk ferskriklik. It wie deselde stank dy't de Lytsk rûkte doe't De Tjemsk foar it boerd stie, mei de hannen foarút. Ut skoalle wei gongen se yn optocht nei de tsjerke. De Lytsk hie thús neat sein, it wie ommers in gewoane skoalmiddei.
De Lytsk hâlde op mei tinken doe't er dêr rûn, mei de oaren. Om it
| |
| |
hôf. Hy waard hast gek fan it tinken. De baar dêr't de kiste fan De Tjemsk op stie hie fjouwer hannen. Dy stutsen ek foarút. Doe die De Lytsk syn eagen ticht. Hy moast ek mar net mear sjen, want sjen hâlde yn dat der ek allegearre wurden omheech kamen. Ynienen begûnen de minsken te sjongen. Hy hearde it tikjende potlead, dat de maat sloech.
|
|