ferhaal te skriuwen moat even presys witte hoe't de rollen hjirre ferdield binne. Hy sil him leare. Sa'n útfretter dy't mient dat er him brûke kin. Hy sil no wol tige oantangele sitte mei it ferhaal oer De Sjof. Hy sil wol djip neitinke oer syn eigen heit. Miskien iepenet dat neitinken him de eagen oangeande de funksje en it plak fan de literatuer yn de maatskippij. Fêst sit er noch helendal bûn oan de sjippes en de sûpengrottenbrijferhaaltsjes fan de sekteprysters.
It ferhaal oer it kniperjend each sil er him wis stjoere. Miskien tinkt er dan wol dat er dwaande is mei in ordinêre guodkeape leafdesroman, en sil er opmerke oer de telefoan, dat er it allegearre wat te direkt opskreaun fynt, dat er de metafoaren mist. Ja, de metafoaren fan de kritisy tink, dy't teksten besjogge as fokfee dat foldwaan moat oan de easken fan de kommersy en de smaak fan it publyk. Molke mei in bytse fet, en fleis dat gjin kiezzen en tosken mear nedich hat. Dy metafoaren sil er grif op it aljemint bringe.
De Grutsk sjocht wer nei de fideo fan de eilannen. Meters bleat fleis wurde útstald. Ut en troch krijt de sjogger in ympresje fan klean. Ek dy besteane noch. Boppe neat, ûnder neat, en yn de midden in lytse oantsjutting dat men net te krijen hat mei fokfee en slachtfee. De kamera fljocht as in helikopter by de floedline lâns. It kommentaar jout oan dat der ûnderskate soarten strân besteane. Foar famyljes, foar pearkes yn allerhande soarten, foar neakenrinners dy't dan wer ûnderferdield binne yn heterofilen, homofilen, lesbofilen en pedofilen. De lêsten hawwe in geel plaatsje yn it ear, sadat se elk eagenblik trasearre wurde kinne. De bern mei wa't se wille hawwe moatte in pleister op 'e kont hawwe dy't grutte eangst- of gefaarsinjalen útstjoert nei de sintrale yn ien fan de hotels oan it strân. Der kin dan daalk oarder op saken setten wurde. De Grutsk sjocht dat der moai aardich wat hop-hop-hynke boarte wurdt.
It lêste stik strân is bedoeld foar de wat breed en foars útfallen froulju en manlju. It sil wol bedoeld wêze foar it estetyske belibjen fan de fakânsje dêr't minsken wat langer wat mear elkoars soartgenoaten opsykje, nimt De Grutsk oan. It bringt him werom nei de nacht dêr't de ramplasanten fan De Nik en De Ry him selskip hâlden. Dat ferhaal soe ek wol nei syn útfretter kinne, miskien wurdt er dan helendal sûn en wat kritysker.