de reinbôge foar it ljocht tovere. En dyn mûle myn namme rôp. Triljend yn de skammels, draaiend yn dyn swit, en op de fjurrige lippen fan dyn alsjend each de stream fan brutsen huning loskaam. Dy't ik stadich preau. Doe draaide ik mei myn tonge noch ien kear heel foarsichtich om dyn lytse faam. Do kroandest en trillest noch wat nei. Dyn lichem foel werom yn de skarnieren.
Foarsichtich draaide ik dy op dyn liif, streake dyn rêch, dyn rûne heuvelbillen en luts in spoar fan swit troch de gloppe tusken dyn broadsjes. Myn hannen skoden dyn skonken wat fansiden. Ik rekke licht de swollen eachlidden fan dyn doaske. Ien foar ien. Dyn billen wipten wat omheech. Blank en ljocht yn it skimerjen fan de ûndergeande sinne. Waarm wie it dêre. Tropysk hast. It kacheltsje gleonread.
Doe skode ik tusken dyn skonken mei myn finger fan dyn langst. Streekrjocht ûnder de roas. Myn hannen omfetten dyn billen en rôlen se fansiden. Ik bûgde, en glide doe mei dy grutte spien yn it fieleach fan dyn lea. Djip, en djipper. Do skoktest op en del, en seidest ja. En nochris ja. Myn skonken sleaten dines byelkoar. Ik omfette dyn boarsten en skode noch wat fierder. Do wiptest op 'e nij dyn billen op en del. Yn in tel of wat fûnen wy ús wenstich boartersritme.
Wiest allinne noch mar kut en kont, sa't ik werombrocht wie nei kul en kiel. De waarmte bruts, ik naam de lytse faam tusken wiis- en middelfinger. It swit stode oer de lekkens. Mei it sproeien fan myn sied yn de ferwulven fan dyn liif befrijde ik my fan lân en wetter. Do sochtest om de lêste siken. Wy fleagen fuort. Sekonden, fêst in pear minuten. Ferbûn yn liif en lea. Ultym geniet yn de alderlytste dea.