foaren. Mei't se lyts wie foel dat op. Doe't se ien kear siet kaam se net heger as syn kin. Se lei syn hannen om har boarsten, want se wie kâld sei se. Hy stoar tûzen eangsten, foaral doe't syn lytse man ek noch frjemde meneuvels makke. Hy wie der sljocht mei oan.
In dei letter siet De Bet tusken de knibbels fan De Jon. Dy knypte yn har om, seach er fan in ôfstân, en De Bet skattere as in seefûgel. De Grutsk wie bliid dat se net wer tusken syn knibbels sitten gongen wie. Eins fûn er De Djok folle aardiger, mar om dêr no daalk yn om te knipen fûn er ek wat oerdreaun. Mar miskien hearde it wol sa, en hie it te krijen mei bygelyks it ôfdroegjen fan messen en it iten mei foarken ynstee fan leppels.
Letter begreep De Grutsk dat se it sjoen hiene yn de bioskoop. Yn de films waard fakentiid ek omraak yn it fleis omknepen. Sa like it alteast yn it begjin, doe't er wolris nei in film gong en yn it donker alle hannelingen fergrutte op him takamen. Ek in film feroare yn in soarte fan eilân dêr't it doarp neat mei te krijen hie.
De Grutsk giet oan syn tafel sitten, siket syn pinne en in stik skjin papier. Hy skriuwt.