| |
Haadstik 62
De hals moat in klokketou
De Lytsk stroffele oer de beesten yn it fjild. De mûzen en de ratten, de harmelingen en de fretten, de kikkerts en de hazzen, de einen en de dowen, en al dy oaren dy't der libben. Se kamen allegearre ta op de hitens yn de loft, op de knetterjende lûden en op de lôgjende fjoeren dy't kilometers yn de omkriten fan it doarp te fielen, te hearren en te sjen wêze moasten. Snyp lei dy nacht yn in oase fan ljocht, waarmte, lûd en fjoer.
Yn ien grutte stream fan beesten en minsken wie ek De Lytsk foar de yngong fan de tsjerke belâne. De doarren stiene wiid iepen, en yn de fjouwerkante romte achter dy doarren siet syn heit yn in hege learen stoel. Lofts achter dy stoel siet syn mem op in leech krukje. Se liet de breinullen as wylden tsjinelkoar oan tikje. De boarstrôk groeide nei elke fûleindige tik. Oan de lofterkant, fier achter syn mem, stiene syn beppe en in pear famyljeleden tsjin de muorre. Se stoareagen omheech.
Op 'e buorren foar de tsjerke bleaunen de minsken, en de beesten fan it fjild, razen en mâlgûlen. De ferskriklike hjitte makke alles en elk oerstjoer. It klokketou hong boppe it taffeltsje dêr't syn heit foar siet. It tou beweegde in lyts bytsje lykas de wizer fan in steande klok. De Lytsk
| |
| |
seach omheech en murk dat de ûnderskate solders fan de toer ferdwûn wiene. Dêrtroch foel syn each op de ûnderkant fan it ledikant fan syn pake-sûnder-stim. Underskate fûgels fleagen om it bêd hinne. De Lytsk knypte syn hân om de sulveren ryksdaalder yn syn bûse. Ek dy fielde tige waarm. De Lytsk miende dat se allegearre, útsein syn mem, beskuldigjend nei him seagen. Dêre yn de romte fan de toer. Se wiisden mei stekkende fingers, de gesichten stiene op ûnwaar, de hannen liken op fûgelklauwen.
It skeat troch De Lytsk hinne, dat hy de iennige wie tusken al dy razende, jankende en oansjasjende minsken, fûgels en beesten dy't al lang ôfskied nommen hie fan syn pake. Hy skrok derfan, want dat hâlde fansels wat yn.
Doe ynienen, yn in fraksje fan in tel helderheid, krige er yn 'e rekken, dat al dy fuotstappen fan it âlde hûs nei it âldste hûs, al dy fersiken om kleminsje en al dy eangsten oangeande de sulveren ryksdaalder om'e nocht west hiene. Noait soene se herhelle wurde kinne, omdat it allegearre foargoed yn it ferline opburgen wie. Ek al soe er yn in twirre fan nostalgyske langst alles yn gedachten op 'e nij belibje kinne. De wurklikheid lei net mear yn de takomst. Dy wie foarby, in herhelling wie útsletten. Se mochten dwaan wat se woene, him byneed ophingje, syn ûnderfining mei syn pake koene se net fan him ôfstelle. Dat siet yn syn kop, ek al raasden se as gekken om him hinne. Ek al soene se gatten yn syn kop boarje, de wurden dy't er mei syn pake wiksele hie koe nimmen werom fine. Dy wiene fan him. Mei de ryksdaalder lei dat oars.
Tusken al dat ljocht en fjoer, en middenmank dy razende en mâlgûlende minsken en beesten fielde er dat it yn syn holle en liif begûn te kreakjen en te sûzjen. Ek dat fûn er net daalk bysûnder of frjemd, want dat werkende er mar al te goed. Dy lûden sieten der altiten al, mar meastens sliepten se. No spilen se wol heel slim op, hy koe him der net oan ûntwine.
Meastens begûnen se op te spyljen as er him earne net thúsfielde en op in oar plak wêze woe as dêr't er op dat stuit wie. As it deistige ritueel en it goede fatsoen foar it ljocht helle waarden, of soms sels de goede manieren. Dan fielde er dat yn syn liif en yn syn holle. Op dat stuit woe er fuort. Dat begrepen se noait, sa't se in heel soad net snapten. Hy wie nijsgjirrich, en woe bygelyks witte hoe't de snie it ljocht sammele. Dat
| |
| |
waard frjemd en fertocht fûn.
Foar de lju fan Snyp bestie der mar ien ferbân, en al it oare waard as kranksinnich en ôfwikend besjoen. De measten leauden net yn tsjerken, mar as it der op oan kaam folgen se deselde iensidige opfettingen. As De Lytsk oars tocht, oars die en witte woe hoe't it siet dan waard dat faak feroardiele as ferkeard tinken, ferkeard hanneljen en ûnnatuerlike nijsgjirrichheid.
Foar syn spontaan flokken, laitsjen, praten, skellen en draven bestie gjin romte. Yn syn eagen barde dat allegearre sûnder lang neitinken en kaam it streekrjocht út syn liif en holle. Dêr kreake it dan ûnbidich. Soks barde altiten op ûnferwachte eagenblikken en plakken. Dan lôge it fjoer omheech. En dat fûn de Lytsk spannend, dat netferwachte. It like soms in dream. Soms waard er warskôge dat er op dy wize maklik oer de tonge gean koe, mar dat makke him eins neat út, want it betsjutte ommers dat er bestie en net op it tsjerkhôf lei. Dy minsken koene noait oer de tonge gean, omdat se noch allinne mar út neitinzen bestiene. Op it tsjerkhôf wie elkenien hillich wurden, mar wol hartstikke dea.
Dat ôfwizen fan it netferwachte, of it frjemde, hie er it noait mei lykfine kinnen. Likemin snapte er dat oaren faak skuldich ferklearre waarden. As er wat dien hie dat net yn 'e heak wie betochten se in foarbyld, dat ferskriklik like en fakernôch út it deistige libben opdûkte. By de buorlju, op 'e buorren of út de krante. It foel altiten bûten de eigen muorren.
Soms wie de Lytsk mandelich oan in fyt, mar syn maten waarden as de betinkers oanwiisd. Hy wie hillich. Syn skuld bestie derút, dat er meidien hie. Se tochten echt dat hy neat betinke koe. Dan krige er wol op syn bealch, fan syn heit meastens, mar dat barde om him wer yn it rjochte spoar te krijen. De oaren waarden mei har útwrydske gedrach en gewoanten de echte fjurkestokers. De Lytsk hie der in ferdomd hekel oan, want hy wist frekte goed dat er soms ek skuldich wie, en ek bûten de weinspoaren fan de hege moraal rûn dy't de grutte minsken seine nei te stribjen. Syn âldelju benammen. Mar as puntsje by pealtsje kaam skeaten se der gjin donder mei op, want al dy saneamde earlikheid waard net omsetten yn genôch jild, of frijheid. Der bestie altiten in tekoart. Dy wetten fan earlikheid en fatsoen smieten dus neat op. En dy hâlding begreep hy no wer net.
| |
| |
Wat De Lytsk as boartsjen beskôge waard faak daalk omskreaun as in besmetting mei de bakteriën fan de wylde dyk en de buorren. Troch syn âldelju. Dêrtroch waard er in soarte fan ingeltsje dat flater op flater sloech. Se tochten dat it net út himsels komme koe, omdat se harsels skjin fielden. Mei't se him as in ingeltsje beskôgen hoegden se ek net nei te tinken oer oare ferklearringen. De wrâld wie ferkeard, en troch dy wrâld belâne hy te faak op sydspoaren, yn ûnderwâlen en yn frjemde hannen. Dat moast dan bestraft wurde. De straf dy't hy krige hiene oaren faak fertsjinne. Miskien de wrâld sels.
Se seagen alles út har eigen beheinde wrâld dy't meastens deselde rûne hoarizon sjen liet. Troch de smelle statyske lins feroare it útsicht allinne mei't de seizoenen fjouwer kear jiers wikselen. Dat jilde eins foar it hele doarp. It wie tige maklik om jin skansearre of oantaast te fielen as jinsels ôf te freegjen hoe't it kaam. Weardeoardielen waarden basearre op foaroardielen. Twifelje en wifelje die men net. Yn in wrâld dêr't de kij elke moarn en jûn molken wurde moasten bestie ek gjin romte foar soksoarte saken. In ko iet ommers ek gewoan troch, en dan wie it mar it bêste jin dêr by oan te slúten. Gebalt oan de kop koe men ornaris net ferneare.
De Lytsk wist net sa'n soad fan de wetten fan de molke dy't op tiid en oere út 'e spienen lutsen waard. Hy hie ek gjin weet fan de strûpen en de kûlen dêr't de folwoeksenen fan it doarp mei te krijen hân hiene, of fan de fier en djip ferstoppe wûnen ûnder de klean, dy't yntusken al lang oerwaakst wiene mei nij fel, âld swit en blauwe plakken.
Ek de ferwachtingen dy't se fan him hiene koe er gjin sicht op krije, want se fertelden neat oer de eigen winsken dy't oait opspile hiene, dy't yntusken miskien op de rûchskerne yn kompost omsetten waarden foar de bern, of bedobbe ûnder meters slyk en grint. Fruchtbere winsken dy't nei in pear hûndert jier miskien wurklikheid wurde soene.
Hâlding en gedrach fan no dy't miskien te krijen hiene mei dy âlde winsken dobberen sadwaande as boatsjes sûnder stjoer yn har libben. As se him in kompas jûn hiene, dat se oait brûkten, of noch út en troch yn hannen namen, dan hie er it miskien better foar it ferstân krigen. No fûn er dat se mar wat doelleas yn alle rjochtingen fearen. It waar, en foaral de wyn, joegen te faak de rjochting oan, sadat de measten gauris fêst sieten en oan leger wâl wennen. En dan kaam der grif wol immen
| |
| |
foar it ljocht dy't de skuld krije koe. De Lytsk krige al gau yn 'e rekken dat er syn eigen kompas útfine moast, of meitsje litte troch ien fan syn pakes.
De Lytsk seach himsels net as in ferlingstik fan de minsken mei wa't er opgroeide, dy't miskien ferwachten dat er presys sa hannele as de oaren, dy't ek tochten dat er sa prate soe sa't elk die. Mar oan neibouwen en herheljen hie De Lytsk gjin nocht. Papegaaien fûn er yn in beestetún wol aardich, mar se koene eins allinne mar sizze wat oaren al betocht hiene. It waard him wolris foar de fuotten smiten dat er fêst fergetten hie hokker stront him skiten hie. Foaral as er miende dat er in moai ferhaal fertelde oer wat er earne lêzen hie. De ferhalen fan Jules Verne fûn er prachtich, mar as er dy oan oaren opleppele namen se him dat soms kwea ôf. Hy moast mar moai gelyk bliuwe oan al dy oaren, want dan paste er as in puzzelstikje yn dat fjouwerkante wrâldsje mei deselde hoarizon, mei deselde sinne en griene greiden fol mei kij. Mei de molke fan dy kij wie er grut wurden, en dat moast er foaral net ferjitte.
De Lytsk seach gjin inkeld systeem yn wat soms goed wie en in pear dagen letter folslein ferkeard. It makke him ûnwis, en wat skou. Elke dei dy krityk op syn brea-itersbuordsje makke dat er syn wille kwyt rekke en dat er net mear sa faak bliid wie. Hy dreamde der nachts fan. Nachts koe ommers alles, want dêr bestiene gjin gewoane regels en gjin folwoeksenen dy't him ôfremje woene. Soms winske er dat it foargoed nacht wêze soe, sadat er dei en nacht sliepe mocht en de dreamen de iene nei de oare troch syn kop fleane litte koe. Ek nachts barden der ferskriklike dingen, mar dy liken folle echter, en nimmen wiisde letter skuldigen oan.
Al heel gau waarden minsken feroardiele en fûnen dêrnei de eksekúsjes plak. In kidelstientsje troch in finster koe al grutte gefolgen hawwe. Hannen waarden soms op it slachtersblok setten en der ôfslein as wiene it bargepoaten. Utbonke koene se tsjinje foar it sop.
De Lytsk hie ien fan dy eksekúsjes sels meimakke en mei eigen fergrutte eagen sjoen. It grutte mes dat bedoeld wie foar De Loet hie streekrjocht it each fan de slachterssoan trochboarre. Triljend stie it letter te pronk, en dagen dêrnei wie de blauwgrize knikkert yn de holle fan dy jonge it bewiis dat alles mooglik wie yn Snyp. Knikkerts hiene al in
| |
| |
bysmaak, en dêrnei wie it ek net sa frjemd dat der eagen oer it skoalplein rôlen.
De eksekúsje hie foar De Lytsk in warskôging wêze moatten. In folwoeksene strafte ûnder de eagen fan de bern it iene each fan ien fan dy bern. Noch sa'n akkefysje en se rûnen allegearre blyn yn de wrâld om sa't de bruorren De Sid sûnder earen en mûle yn de ivige stilte omstipten. Prate en antwurdzje mei de fingers diene dy twa. Gjin mins kaam der tusken, en fan skellen hiene se út soarte gjin lêst.
De Sin luts katten de tonge út 'e bek en stoofde se letter neffens de ferhalen yn de fleispanne. De Lytsk tocht dat de bruorren De Sid foar straf itselde oerkommen wie. Guon seine dat de Dútsers har it brânizer op 'e bek setten hiene, omdat se fjouwer Joaden op de heasolder ferburgen. De Iel hie se ferret foar fiif gûne it stik. As De Lytsk sokke ferhalen hearde wie er soms bang, dat er syn eigen tonge trochslokke of opfrette soe. Op sa'n stuit doarde er hast net te iten. Dan waard de eartepanne in orkaan fan fjoer dy't er net mear oanreitsje koe. Nei twa oeren stie syn leppel fêstferzen omheech yn de tsjûke griene blabber.
It lôgjende fjoer om him hinne brocht al dy saken boppe wetter, alteast yn syn holle werom. Hy hearde op 'e nij it janken fan de twa protters dy't oanelkoar fêstbûn troch De Loet en de Jent yn in fjurke smiten wiene.
It swit bruts him út no't er it mâlgûlen en janken fan de minsken en de beesten hearde. Dêrtrochhinne knettere it fûleindich baarnen fan it fjoer. Miskien wiene se fan doel en smyt de lju yn de flammen, lykas mei âld en nij. Ek dan barden der ferskriklike dingen. De Lytsk moast der hast fan spuie, it kreake ôfgryslik yn syn holle en yn syn liif.
Doe seach er de wizende en pjukkende fingers fan syn heit, dêre yn de grutte stoel foar it taffeltsje mei it slingerjende tou derboppe. Hy moast nei foaren komme. De Lytsk die ien stap en doe skeat de kots him yn syn keel. Hy slokte, mar it bleau yn syn noas hingjen. Even letter stie er foar it taffeltsje. Mei in handige beweging slingere syn heit it klokketou om syn hals. It benaam De Lytsk hast de siken, want it tsjûke tou hong moai aardich strak.
De Lytsk moast om de safolle tellen in sprankje meitsje, sadat it tou en hijsels wat romte krigen. As er omheech fearre koe er sykhelje. Syn beppe gniisde grimmitich tsjin him. Syn mem seach nei de flier en
| |
| |
sloech de breipinnen noch fûler tsjinelkoar. Syn heit ferklearre op hege toan, dat er de hân út syn bûse helje moast. Mar De Lytsk hâlde de hân stiif oprôle yn syn broek. Hy woe de sulveren ryksdaalder beskermje. Dêr hiene se neat mei nedich. De ryksdaalder fielde heel waarm en ek in bytsje wiet. Syn hân switte.
De Lytsk skodde mei syn holle. Troch temin lucht koe er gjin wurd útbringe. Hy sleat syn hân noch stiver om de bûsdoek dêr't de ryksdaalder yn siet. Mei syn oare hân pakte er it tou fêst boppe syn holle. Hy woe de oandacht op wat oars bringe. En dat slagge eins daalk, want in pear tellen neidat er it klokketou yn syn hân hie begûn de klok te slaan. Ien, twa, trije fûle slaggen. Elkenien skrok en seach omheech.
Bûten foar de tsjerke begûnen se noch fûler te razen en te roppen. Mar syn heit kaam lulk út de stoel omheech en sette it tou fêst oan in heak. Doe luts er opljeppend de hân út de bûse fan De Lytsk. Dy hân hâlde er noch stiif om de bûsdoek mei de ryksdaalder sletten. Der sprongen triennen yn syn eagen. Hy wie lulk, hy wie teloarsteld en hy skamme him ferskriklik. Hy fersette him, mar tsjin de folle sterkere earm fan syn heit koe er neat begjinne.
De minsken, de fûgels en de beesten fan it fjild raasden, jankten en mâlgûlden - der bestie gjin ferskil mear tusken dy trije soarten - doe't syn heit de fingers fan de hân fan De Lytsk de iene nei de oare achteroer tearde. Alle fiif de fingers kreaken en knapten yn de skarnieren fan syn hân. In fûle pine skeat him troch syn earm en it skouder.
Earst foel de bûsdoek op it taffeltsje en dêrnei rôle de sulveren ryksdaalder út it reade katoen op it houten blêd fan de tafel. De wjerklank fan it hout waard fermannichfâldige yn de romte fan de toer. Elkenien koe hearre en sjen wat der barde, want de doarren stiene wiid iepen en it lôgjende fjoer ferljochte as in skynwerper de yngong fan de tsjerke.
Doe't syn heit de hân fan De Lytsk iepen bruts wie it stil wurden op 'e buorren, sadat it lûd fan de ryksdaalder dy't op de tafel klettere as in skot út de toer kaam. Dêrnei like it wol oft elkenien tagelyk sykhelle fan ferromming. In flymjende twirre skeat út 'e buorren de tsjerke yn. Einlings wie it safier, en kaam de sulveren dief foar de rjochter.
De mem fan De Lytsk stoppe fan skrik mei it breidzjen. Se seach in tel of wat nei de reade bûsdoek en it sulveren juwiel. Syn heit naam de ryksdaalder as in hillich relikwy yn syn hân en lei him doe yn de mid- | |
| |
den fan it taffeltsje. De bûsdoek smiet er yn in hoeke fan de toer.
In tal famyljeleden en syn beppe kamen mei swarte gesichten en driigjend nei foaren. Se wiisden op de âlde munt en seagen De Lytsk ferneatigjend oan. Dêrnei draaiden se de holle omheech nei boppen dêr't syn pake noch altiten hin en wer skommele yn it sweevjende ledikant. De fûgels fleagen der ek noch hyltiten yn rûntsjes om hinne. Guon skeaten út en troch ûnder it ledikant lâns. It soene wol swellen wêze dy't de michjes fongen, sadat syn pake dêr gjin lêst fan hie en rêstich sliepe koe.
De Lytsk luts syn spieren strakker en besocht yn it tou omheech te klimmen. Dan soe er wat mear romte krije om te sykheljen. Wat heger er klom, wat losser de knoop om syn hals wêze soe. Hy smoarde hast troch temin lucht en troch al dy lulke gesichten en eagen dy't op him rjochte wiene. Hy tocht dat syn hals yntusken like tsjûk wurden wie as dy fan syn pake doe't er dy nijjiersjûn by syn bêd siet. Likemin as syn pake koe ek hy gjin wurd mear sizze.
Bûten op strjitte, yn de hele buorren, wie it mûsstil wurden. Allinne it fjoer lôge en kreake. It publyk seach nei de foarstelling. It like sirkus, en it wie in sirkus. Soms foel der in stik stien út de toer en dan joechheide it folk. As foel der in trapezerinster kapot yn de pyste, dêr't it seagemoal read kleure. Bloed spruts de fantasije oan.
Nettsjinsteande it fjoer fielde De Lytsk de kjeld út syn skonken wei omheech kommen sa't er oait meimakke hie doe't er yn de bargesleat fan De Bom sprongen wie en it iis noch lang net út de fearten ferdwûn. Al syn útsteksels rekken beferzen en folslein gefoelleas. No befrearen syn fingers om it klokketou, sadat er hingjen bleau. Hy hearde en seach hast neat mear. Hy bedarre wer oan de tafel yn de keuken.
By dy tafel yn de keuken begûn en eindige altiten alles. De Lytsk iepene syn eagen. Heel stadich en sleau. Hy wie bang. Om syn keel snoerden kettings mei skerpe kralen syn keel ticht. De kachel fonke, en it wetter dêrboppe yn de sektsjettel fluite. Mar nimmen gong stean en helje de tsjettel út it fjoer. Sels de eagen kniperen net mear. De wurden wiene fallen en hiene har yn de tafel boarre. De krante waard eindeleas iepen en ticht teard, as wie it in doar dy't troch de stoarm yn de skarnieren hin en wer slein waard. En kreake. De Lytsk fielde in sûzjen yn syn earen, ritmysk, op de maat fan de tikjende breinullen en it knysterjen
| |
| |
fan de krante. Hy woe dat er earne oars wie. Hy koe it stúmjen en it swijen al lang net mear ferneare.
Alles wat der bard wie kaam foar de safolste kear werom nei't de krante op de flier foel en de nullen net mear tsjinelkoar tikken. As skerpe bajonetten stiene se op him rjochte. Op de tafel lei wer de sulveren ryksdaalder, en neist dy prachtige kop mei krollen fan kening Willem I ferskynde de holle fan syn pake. En dêryn seach er de eagen, mei dêrom hinne de rûgeljende wurden dy't de âldman sacht lústere hie. Se sweefden om dat bleke en ynfallen gesicht, en ferdwûnen letter yn de mûle fan de hingjende figuer oan de krúsbalken op de ein fan it houten ledikant. Op it behang mei koweblomkes.
Mar De Lytsk koe as er no woe of net neat fertelle. Hy siet opsletten yn de tasizzings oan him fan wa't er de sulveren ryksdaalder krigen hie. Hy wist ek neat fan libjende mosken yn in krystpakket, dat troch him in wike te let besoarge wie. Hy seach allinne mar de twa hannen fan de âldman dy't meager en wyt de munt oan him jûn hiene.
En no leine dêre njonken dy oare hannen ek syn eigen hannen op de tafel. Dêrboppe hong it hurde swijen, it ieuwenlang wachtsjen op syn antwurd. Mar dat soe noait komme, ek al krige er de brânizers fan de Dútsers op syn mûle.
Syn nifelpake hie sein dat er der op rekkene, dat De Lytsk it begreep, en tasei dat er it heel skerp yn him opnimme moast doe't er him op syn hert bûn en ‘sis neat tsjin dyn beppe’. De Lytsk hie knikt. Foaral dat lêste koe er noait priis jaan. Ek net oan de soan fan syn pake. Dat hie er tasein, en dat bleau foar altiten jildich. Op de fraach fan syn heit wie gjin antwurd mooglik, en dus swijden se allegearre.
Der bestiene gjin wurden mear. No, moarn en foar ivich net. Dêre, op dat stuit oan dy hurde tafel, keazen se net syn partij, mar har eigen of miskien wol in hele oare partij, en dan wie it noch folle slimmer. Miskien dy fan de famylje, of fan it platte fatsoen. Dat fielde De Lytsk lûpsuver oan.
De feilichheid wie feroare yn ûnwissens en twifel. Dat betocht er net allinne yn syn holle, dat fielde er yn syn hele fel, yn al syn spieren en senuwen. As se tochten dat er it sulveren juwieltsje stellen hie, dan moasten se dat mar tinke. Hy koe net bewize dat it út soarte net sa wie. Wat er ek sei, se leauden him dochs net.
| |
| |
De Lytsk krige yn 'e rekken, dat lústerjende en hast al deade hannen sterker wêze koene as wat oaren foarskreaunen, as wat de tradysje, de buorlju of it fatsoen fan immen easken. De wierheid hie in soad kanten. Soms fleach dy de loft yn, soms rekke dy ûnder de grûn of yn it lôgjende fjoer fan de buorren. In inkelde kear hong it jin as in klokketou om de hals. Mar smoare yn de opeaske ferkearde wierheid hie De Lytsk noch gjin ferlet fan. Se koene deafalle. De oaren.
|
|