| |
Haadstik 61
Opsletten yn de beestetún
It rûn al tsjin fjouweren dy earste dei fan it nije jier. It waard al wat skimerich. De lêste bultsjes snie soargen noch foar wat ekstra ljocht. Se hâlden de nacht wat langer út it doarp. Salang't snie gjin wetter wurden wie fungearre it as ljochtboarne. Snie ite betsjutte eins dat je ljocht yn jins mage krigen. Doe't De Lytsk dat ris oan syn heit ferteld hie fûn dy dat er ophâlde moast mei sok frjemd praat. Ien De Gabtry yn it doarp wie wol genôch. Dy soe mei koarten wol opslúten wurde yn Dryhús. Soks waard der alteast grute. Mar De Lytsk hâlde fol dat snie ljocht sammele en útstriele. Doe rûn er it doarp yn. De wierheid koest no ienkear net om hinne. Ek syn heit net.
Op de buorren wiene syn maten - De Hend, De Kid en De Aan - al dwaande en boartsje mei de karbidbuskes dy't lizzen bleaun wiene. Guon seagen der ferskriklik út. Yndûkt, útelkoar sprongen of ynelkoar wâlde. Mar allegearre rûkten se lekker nei karbid. Se hiene har wurk dien yn de nacht fan âld op nij. De Lytsk hie it heard, nachts. De doffe
| |
| |
knallen, soms wol tsien kear achterelkoar.
Se besochten oft se noch in pear fine koene dy't net rampoai wiene, net útelkoar slein tsjin de muorren fan de âld pastorije of tsjin de doar fan de tsjerke. It measte karbid wie troch de snie te wiet wurden, der kaam gjin gas mear foar it ljocht. Mei folle lijen slagge it har en lit noch in buske knalle. It hearde dof, en it deksel fan it buske fleach mar in pear meter de dyk oer.
Ut en troch fûnen se in heal ûntploft rotsje. Dêrfan wiene se in bytsje bang. Se waarden noch net sa lang brûkt, en der waard sein dat se libbensgefaarlik wêze koene. Guon út it doarp hiene al in each ferspile. Eins beskôgen se ditsoarte fan plofark as noch gefaarliker as slachtersmessen.
De hele buorren lei fol oerbliuwsels fan it fjoerwurk dat ôfstutsen wie, en oeral stiene boereweinen en oar ark dat op it lân brûkt waard. Op it tsjerkedak stie in folsleine heawein. Fêst hiene se de aparte stikken der hinne tôge en de wein op de tsjerke wer ynelkoar setten. Nachts foar tolven, want dat easke de tradysje no ienkear.
De eigner fan de wein hiene se de moarns al sjoen. Doe't er op it lêst nei lang sykjen syn eigendom heech op it tsjerkedak stean seach hie er de dieders it alderslimste tawinske. Deaslaan soe noch in te sêfte straf wêze. Mar nimmen wist fansels wa't de dieders west hiene. Op sa'n nacht koe elkenien skuldich en ûnskuldich wêze. Yn de âldjiersnacht ferfoelen de gewoane wetten, en kamen de âlde gewoanten op 'e lappen. Der bestiene al genôch regels it hele jier troch. Ien nacht tizeboel hâlde it spul moannen lang wer yn 'e beage.
De Lytsk en syn maten kôgen alle fjouwer op in stik kauwgom dat se kocht hiene fan it jild dat se de moarns foar tolven opskarrrele hiene oan de doarren. Elkenien in lokkich nijier tawinskje betsjutte dat se sinten, stuorkes en soms sels in dûbeltsje krigen.
Underweis mei it nijjierswinskjen krigen se yn 'e rekken dat der nachts wer heel wat lju it slachtoffer wurden wiene fan de opslûpen jeugd. Guon bewenners fan it doarp dy't op in minne namme leine hiene se wer aardich te pakken hân. Yn dat frijnachtboartsjen barden der saken dy't troch it jier hinne net foarkamen. Rekkeningen waarden opmakke en dizze nacht ferrekkene, lykbreide of betelle.
Twa huzen wiene folslein swart ferve. It hûs fan De Tos en fan De Sin.
| |
| |
Op de foardoar fan dat fan De Tos wie in ûnderbroekje fan in frommes skildere, yn it wyt, en dêrtrochhinne stie in grut mes. Op it hûs fan De Sin stie yn reade meny it nazyteken oer in wite kat skildere. Ut de kop fan de kat spatten reade drippen en stjerren. De swarte kleur soarge derfoar dat it like oft se opbaarnd wiene. Foaral op in ôfstân yn de wite snie. De Tos en De Sin wiene beide dwaande en besykje de ferve op te romjen. Dat woe net rjocht slagje, want de ferve siet yntusken al djip yn de stien en yn it hout.
Fan De Tos waard sein dat er frouljusbroekjes fan de wasklinen snipte, en se letter ferkocht op de freedsmerke as er dêr mei geiten, hinnen, kninen en allerhande oar spul stie. Oaren bewearden dat syn frou se brûkte, want hy stiel allinne mar grutte maten. De frou fan De Tos wie moai aardich foars, en op har kont koest wol hynderkeride. De jonges gniisden doe't se de Tos dwaande seagen. Doe't De Tos dat yn 'e rekken krige flokte er har de dyk del.
It skilderijke op de doar fan De Sin snapten se better, want elkenien wist dat De Sin katten sammele. Dat wie yn de oarloch begûn, doe't er se oan de slachters ferkocht yn de omkriten dy't dan letter by heech en by leech bewearden dat it fleis yn de winkel kninefleis wie. Yn it doarp bewearden se dat fan de swarte feltsjes bontjassen makke waarden. Yn de oarloch foar de Dútsers en no foar de froulju fan de eardere swarthannelers. It dûbele krús oer de kat hinne fûnen se eins mar wat frjemd. Ien kear dea like wol genôch.
Yn de tún fan De Bor leine in pear weinen fol stront en dêryn stie in lange stôk mei de eigen flagge fan Snyp. Oan de flaggestôk wie in buordsje spikere; dêr stie wat op skreaun:
‘Hynders moatte tige sêft behannele wurde, mar froulju ek’.
Miskien sloech dat wol op it beslaan fan hynders troch De Bor. Dêr hie er in hekel oan, want as er in hynder oankommen seach yn de fierte begûn er meastens al te flokken. De jonges wisten dat skoan, en sadree't immen in hynder beslaan litte woe skeaten se nei de smidderij. ‘Even nei it flokbeest’ hite dat spultsje. De Bor sloech wolris in spiker yn it weake fleis fan in hynstepoat. In pear kear barde it dat sa'n hynder mei ien sprong ta de smidderij útfleach en de dyk útfjouwere. Ienkear sels om it tsjerkhôf hinne. De deaden hiene wol wekker wurde kinnen, sa mâl gong it. Dat fan dy froulju snapten se net.
| |
| |
It meast kranksinnige wat se dy moarns seagen fïïnen se it hûs fan de Drek. Dat wie folslein tichtspikere mei planken. De finsters en de doarren sieten sa ticht as in finzenis. As ekstra maatregel hiene se der noch kettings foarspand mei swiere hingelslotten. As De Drek der yn slagje soe en krij de planken der foarwei dan koe er noch gjin kant út, want dy kettings soargen derfoar dat it echt in finzenis wurden wie. Ek hjir hiene se in tekst betocht. Dy wie oer de planken en de stiennen fan de muorre ferve. De Tjit hie him fêst wer aardich údeefd. De Lytsk en syn maten liezen:
‘It dronken beest is opsletten yn de beestetún’
De Drek hie in soad bern en alles meielkoar like it soms wol wat op in beestetún. Miskien bedoelden se dat.
Doe't se de moarns foar it hûs stiene hearden se De Drek en de bern razen. It wie in heidensk kabaal. Se fûnen it net iens sa slim, want De Drek hie har gauris bedrige as er freeds skommeljend op de fyts en folslein lazerus fan de feemerk út de haadstêd kaam. Se weagen it net en rin op sokke tiden troch it smelle steechje dêr't De Drek wenne. Mar ek op oare dagen rûnen se hoeden by dat hûs lâns. De Drek hie ien fan har al ris in pispôt mei farske miich oer de bealch smiten. Dêr sieten se net op te wachtsjen. Se fûnen it helendal terjochte dat De Drek no ris goed oanpakt wie. Opsletten yn syn eigen beestetún. Prachtich dochs. De helden fan de strjitte, fan de nacht, fan it doarp eins, foar wa't se in hillich ûntsach hiene as lytskes, kamen yn in grutte groep op har tarinnen. Op itselde stuit wiene De Lytsk en syn maten dwaande mei in âlde molkbus dy't se ôfslute woene mei in rustich lid. Op de boaiem hiene se alle karbidoerbliuwsels sammele dy't se mar fine koene yn de lytse buskes. De boaiem fan de molkbus hie al in spikergat, sadat de lúsjefers letter daalk it gas fan it karbid berikke koe. It lid soe op syn minst by de bakker troch de bakkerij gean. Mar krekt doe't se dat útprebearje woene ferskynden de helden fan de nacht. De spikerders, de skilders, de strontkroaders, de tekstskriuwers, de sjitters en de akrobaten fan de klimpartijen nei de nokken fan de dakken. Se seagen se allegearre, de masters fan it skoalplein, de hearen fan it doarp, de kikkertsjitters, de hûnekneppelers en ek de favorite farnmen dy't der altiten om hinne strúnden. De Lytsk en syn maten waarden in bytsje bleek.
De gruttte groep bleau op in pear meter fan har ôf yn in heale rûnte
| |
| |
om har hinne stean. Tusken har stie de molkbus yn de midden. It lid siet der noch mar heal op. De Loet wiisde op de molkbus en bewearde dat sa'n bus gjin boartersguod foar bern wie. De bus stie stiif fan de rust en dêrtroch koe er as in granaat útelkoar spatte. As se dea woene moasten se dat foaral besykje. De Kid woe der wat tsjinyn lizze, mar doe kaam De Jent nei foaren en trape de bus mei syn swiere learzen de buorren oer. De bus rôle de dyk del en bleau yn in hage hingjen. It lid lei yn de berm. De Jent lake húnjend. Dat die er altiten as er immen in streek levere. De Kid krûpte werom yn syn fel en slokte de wurden dy't er noch sizze woe troch. Tsjin De Jent koe er net op.
De Lytsk en syn maten gongen byelkoar stean en seagen mei spyt nei de molkbus dy't op syn kop yn de hage hong. No't it lid derôf wie koe al it gas fuortstreame. De Kid ornearre dat se mar it bêste opskrasse koene, want de aardichheid wie der op dizze wize fansels ôf. Protestearje of der tsjinyn gean hie gjin doel. Se hiene it net sa stean op dy grutten. Ek sij koene samar it slachtoffer wurde lykas al dy oaren dy't se al sjoen hiene yn de rin fan de dei. Dy ûngelokken stiene foar neat, se soalden samar ien de opfeart yn.
Op it stuit dat se har omdraaiden en fuortrinne soene kamen De Jent en De Runs nei foaren. Se setten har de foet dwers, letterlik hast. Beide hiene se in doas yn har hannen. Dy doazen wiene moai tichtbûn mei rolladetou fan de slachter. Op de boppekant fan de doazen lei in boskje tûkjes fan in krystbeam. Doe kamen ek De Gats en De Dons elk mei in doaze nei har ta. Ek dy doazen seagen der prachtich út. Oan de sydkant fan de doazen stie in namme, hast yn deselde kleuren as de fersiersels op de huzen, en de letters liken op de ferhaaltsjes op de buordsjes fan De Bor en De Drek. No wisten se yn ien eachopslach wa't de teksten betocht en skreaun hiene.
De helden fan de buorren, en in pear heldinnen, gongen no yn in hast sletten rûnte om har hinne stean, sadat se har mei har fjouweren noch lytser fielden as gewoanlik al it gefal wie. De grutten hiene har blykber nedich. En dat wie eins tige frjemd, want meastens waarden se as stikjes stront yn de berm fage. Dêr't de helden de baas wiene koene sij mar opsoademiterje. De helden hiene altiten de pest oan de lytskes, want se hâlden net fan potsjekikers. De Lytsk moast faak oan de magneten yn in fytsdynamo tinke. Soms lutsen dy neielkoar ta - en fêst as
| |
| |
der spikers yn de omkriten leine - mar meastal fleagen se útelkoar. Gratte en lytse koene elkoar helendal net ferneare. Miskien seagen de grutten har no as spikers.
It aparte gedrach fan de grutten en de tipelsinnige doazen wurken no as magneten op De Lytsk en syn freonen. Dy grutten woene eins neat mei har te krijen hawwe, mar se hiene har dochs ek wer nedich om held te wêzen. As der gjin bewûnderers en skytbroeken bestiene koene de helden it fansels ek wol skodzje. En dus moasten de lytskes sa út en troch ynskeakele wurde. Dy wiene bang foar de brute krêft fan de grutten, en fakernôch stiene se dan ek op in feilige ôfstân te sjen. Soms mei de klompen yn de hân, sadat se op sokken flugger ferdwine koene. No barde presys it tsjinoerstelde. De helden erkenden har as in part fan de buorren. Sterker, de grutten hiene har nedich. Se mochten meidwaan, noch sterker, se moasten wat foar harren útfiere. De fjouwer nijjiersrinners fielden har net helendal op har gemak, mar oan de oare kant wiene se ek wol wer wat fereare mei it fersyk dat De Runs dien hie.
It wie yntusken donker wurden, de strjidampen spatten oan mei har bleke neonljochten. Alle gesichten feroaren yn wite maskers. Elke útdrukking fan eagen en mûle ferdwûn. De fjouwer lytskes bleaunen wat ôfwachtsjend en skou stean. Se seagen wer nei de fjouwer goedferpakte en fersierde doazen. Der waard heel foarsichtich mei omsprongen. De Runs stompte De Jent yn syn side. Hy moast it útlizze.
De Jent seach har allegearre skerp oan, sadat se wol harkje moasten. De Runs hie allinne mar sein dat der wat dien wurde moast. De Jent die it oars, en gong der gewoan fanút dat se wat foar har opknappe soene. Hy fertelde, dat sij meielkoar noch in pear krystpakketten makke hiene foar lju dy't in wike earder oerslein wiene of dy't se net berikke koene. De helden woene graach dat sij mei har fjouweren de pakjes nei dy minsken brochten. Sels koene se dat no net dwaan, omdat se de earste dagen wat út it sicht bliuwe moasten. Der wie moai aardich wat bard op âldjiersnacht. Se soene it wol sjoen hawwe. En De Jent wiisde om him hinne.
De fjouwer lytse helden knikten iverich. Fansels, se hiene it al sjoen, en se begrypten skoan dat de grutte helden de earste dagen wat yn it skaad bliuwe woene. De Jent knikte. Sa wie it mar krekt. Hy wie bliid dat se
| |
| |
it yn 'e rekken hiene. Dan begrepen se ek wol dat sij, de helden, de doazen net bringe koene.
Yn it doarp koest elkoar hast net foarby rinne. As se op in goeie foet stiene mei de helden fan de buorren, dan hiene se dêr letter faaks profyt fan. De helden makken foar in grut part út hoe't it der om en ta gong, sij brutsen de dwerslizzers - as se dat woene - en sij makken wol út wa't meidwaan mocht en wa net. De Lytsk en syn freonen koene in pear foarbylden fan bern dy't wat âlder wiene. Dy hiene gjin libben, want se waarden elke kear op 'e nij oan de tsjerkedoar spikere of ophongen yn de kastanjebeam njonken de brêge. De grutte helden kikten op de man oan it krús, en foaral op de lju dy't dat foarelkoar krigen hiene. Se woene net minder wêze. De Ben, De Ants, De Oan en noch in pear koene der fan meiprate. As ien net keatse koe, net goed ride, net ljeppe, of wannear't de âldelju har oars as oars hâlden dan waard it libben yn it doarp in seldsume ferskrikking. Nettsjinsteande de grutte eare dat se ynskeakele waarden fielden se ek twifel. Mar wegerjen like in ûnmooglike saak.
De Lytsk en de oare lytse helden lieten de fraach fan De Runs en De Jent yn har omgean. It like net ûnlogysk, dat der mei krysttiid in tal lju fergetten wie, dy't dêrtroch gjin kryststikje krigen hiene. Dat barde elk jier, en soms moast de skoalle der letter noch foar soargje. De Lytsk en syn freonen stimden ta en soene de opdracht útfiere. It koe allegearre noch krekt foar seizen. It doarp wie net sa grut en dêrtroch maklik te berinnen.
En sa rûn De Lytsk even letter foarsichtich mei in fersierde doaze yn syn hannen troch it doarp. Hy moast nei syn eigen pake, de nifelpake, dy't slim siik wie. De moarns hie De Lytsk him net sjoen doe't er syn beppe in lokkich nijjier winske. Syn pake koe net mear sa'n soad ferneare, en boppedat wie De Lytsk hastich, omdat er foar tolven by safolle mooglik lju lâns woe. Nei tolven jilde it jildsammeljen net mear.
Syn beppe en syn omke en muoike dy't der by ynwennen fûnen it ek net frjemd, dat er daalk wer ôfsette. Syn heit-en-dy hiene him wol ynprinte, dat er ek nei syn pake moast om him in goed nijjier te winskjen, mar op sa'n moarntiid wurken oare wetten en regels. Dêrfan hiene syn âldelju gjin ferstân. Boppedat kaam er der al faak genôch mei't er om 'e dei de krante en soms in tiidskrift omwikselje moast.
| |
| |
Hjir liezen se wer oare as de pake dy't allinne wenne.
Fierder fûn De Lytsk it ek wat frjemd en eins yslik sa't syn pake dêre heel bleek en meager yn syn bêd lei. Hy koe noch allinne mar lústerjend prate. Syn stim wie hast ferdwûn, en dat hie neffens syn heit te krijen mei syn sykte. Hokker sykte syn pake hie waard eins noait oer praten, mar De Lytsk hie it net oandoard en winskje immen dy't der sa hinne lei in lokkich nijjier. Dat spile ek mei doe't er de moarns sa hastich wie.
De Lytsk koe dizze pake net sa goed as dy oare. Foar't er sa slim siik waard kaam er der ek net sa'n bult. Hy koe net sa goed mei syn beppe opsjitte. Dy wie altiten oan it kommandearjen en se hie faak wat op him oan te merken. De Lytsk fûn dat se syn pake ek min behannele, want dy moast him as er wiet en smoarch by de boer weikaam yn in kâld skuorke omklaaie. Soks fûn De Lytsk net aardich. Syn beppe woe dat alles skjin bleau, modder en drek koe se net oer, wylst neffens him mei wat wetter alles maklik skjinmakke wurde koe.
As er dêr kaam doarde er hast gjin foet te fersetten. Neffens syn beppe gong er ek faak op de ferkearde stuollen sitten, en hy siet neffens har mei syn fingers oan dingen dêr't er net oan komme mocht. No ja, hy fielde him dêre net op syn gemak, en ûngelokkich. Hy moast sels foar't er oer de drompel stapte syn klompsokken útdwaan en syn sokken ôfslaan. Ien kear hie er de sokken ek mar útlutsen, want dy sieten fol mei strie en sjef. Doe bearde se helendal mâl, en bewearde ek noch dat er smoarge teannen hie. Doe't er dat letter oan syn mem fertelde wie dy poerrrazend. Syn heit fûn dat syn eigen mem wol wat gelyk hie. Skjinne fuotten wie heel wichtich. Mar dy fûn meastens dochs al dat syn eigen mem folle better wie as de mem fan De Lytsk. Dat geâldehoer oer dy beppe waard de Lytsk heel senuwachtich fan. Hy hie de skurft oan rûzje, en hy fûn syn heit in lul dat er syn eigen mem sa geweldich yn de hichte stuts. Eins hie er wat meilijen mei syn pake en ek mei syn mem.
Doe't De Lytsk folluk rôp en syn beppe de doar iepen die seach se him ferbjustere oan. Se snapte net dat er der al wer wie. Foar de twadde kear op ien dei. Se beseach him wat erchtinkend. Neidat er útlein hie hokker opdracht er op him nommen hie waarden har eagen helendal kopkes op stokjes. Syn pake hie mei krysttiid al wat krigen, fan de
| |
| |
krystkommisje fan de tsjerke. Hy woe it earst net iens hawwe, omdat ien fan de leden fan de kommisje de frou fan syn boer wie. En dat fûn er in skynhillige dweil, omdat dy him helendal net bekroade om de minsken dy't foar him wurken. Dy fine sauskes hie er gjin ferlet fan, hie er sein. Se hiene him ek noch noait opsocht.
De Lytsk soe him dus wol fersinne, tocht syn beppe. Miskien moast er wol earne oars hinne. Syn beppe woe it pakje fan him oernimme en lês hokker namme der op stie. Mar de Lytsk hâlde it stiif beet, en sei dat er it persoanlik bringe moast. Dat hie de opdracht west, en mei't er de moarns noch net by syn pake west hie soe dat no moai tagelyk kinne. Dat koe se dochs net wegerje. Hy hie de klompen en de klompsokken al foar de doar setten op it stoepke. Hy fielde de kjeld troch syn sokken. De winter siet al goed yn de stoepstiennen.
|
|