(en)
fyts
trein
bus
radio
tillefoan
(en)
foto's
brieven
jas mei blauwe kapúsjon en reade strik
fallen tekens yn in lânskip fan beton:
gers siket him in wei troch nije groeden
(en)
dingen dy't weromkomme
faak foarbygeane soms
myn trix cuperus.
Wat in fers oars. Hy krijt de triennen yn de eagen. En dy De Triks net te ferjitten. Hy is benijd yn hokker oarde se tahâldt hjoed de dei.
Mar dan sit er ynienen wer foar it buro fan De Em, nei't er de lêste stikken fynt fan syn brief oan it haadburo fan de belêstingen, dêr't er útleit hoe't de foarken yn de boerekoal stean. Hy kin ommers net ferantwurdlik wêze foar ynkomsten fan besit - fan in wenarke op De Hern - troch ferhier, omdat dy wenarke by syn eks bleaun is. As sij dat ding ferhiert, en der dus oan fertsjinnet kin soks kwealik by syn ynkommen opteld wurde. En dan ek nochris in hûndert persint boete, omdat er der noait in wurd oer sein hat. It is godferdomme by de beesten om 't ôf. Wêrom is er doe ek net fierder gongen mei De Triks út de tún, byneed yn dat kloatepak fan syn pake. De Grutsk slacht mei de fûsten op de tafel. Dan lêst er wer fierder.
Syn eks hat beweard dat hy de opbringsten fan dy wenarke krige, omdat sij al in grutte alimintaasje ûntfong dy't er fan syn ynkommen ôflûke koe. Op dat stuit heart er har wer razen oer syn smoarge hannen, en hy freget him ôf wa't no eins smoarge hannen hat. De Em woe