fan de âlde opfeart. De beferzen fisken op in tsien sintimeter fan de oerflakte sliepe gewoan troch. De froastige pearsk oansette gesichten begjinne al mear en mear it stadium te berikken fan fûlgloeiende houtkacheltsjes. Nei elk healoere piksjitten moat in romerke de kjeld bestride, de fingers soepel meitsje en de spieren beweechliker. De drank makket dat de oermoedichheid foar master begjint op te slaan. De weddenskippen fleane elkoar hast nei de strôt. As it dêroan lizze soe koe men de hele snein wol dwaande bliuwe.
Op in fyftich meter ôfstân sjonge de leauwigen en de opportunisten - mar wa wist yn dy tiid it ferskil tusken dy twa? - de âlde popferskes út de fersliten dampige boekjes. Fansels, De Sym achter syn oargel hearde de piksjitters razen en flokken, mar as it te mâl gong skuorde er syn oargel der ien oktaaf oerhinne, sadat op it bleate each en gehoar de twaspjalt yn it doarp keunstmjittich ferstoar yn de oanheljende lûden fan it oargel fan De Sym en syn sonoare stim.
Yn beide kampen wedden se op it gelok. Foar de neiste takomst, of foar de ivichheid. Drank en wiven, dy soene der wêze, dêrfan wie elk oertsjûge. De Grutsk slacht fan wille op de beklingen fan syn stoel. Hy fielt de planke ûnder syn kont, lykas eartiids, mar de piksjitters lûke him oer de pinegrins hinne sa't er eartiids de flymjende pine fergeat mei't hy en De Kid it boekje oer ‘De Swarte Non’ liezen. Op de achterste bank, dy inkelde kear dat er ris mei syn freon dat âlde gebou yn gong. De swarte non. Noch kin er syn kul fiele, hurder as de planken dêr't se op sieten. In swart boekje mei in heal neaken non op de foarkant. Neffens De Kid moast De Tres der sa útsjen.
De Grutsk sjongt it âlde piksjittersferske, en wiist nei de stiennen op it tsjerkhôf as de kamera dêr oerhinne sylt. Dêr lizze se, de âlde piksjitters. Hy wit it noch krekt, en herhellet de nammen lûd foar himsels. Sjoch, De Syb, De Jet, De Kok, De Wal, De Jon, en dêre, Jezuskristus, twa boppe opelkoar. Heit en soan. De grutte meunsters út it âlde doarp. De Kul en De Bol, de grutste piksjitters dy't der oait west hiene. Foaral op âldjiersdei sloegen se ta. Der hoegde mar wat te barren of se skuorden in oar it hier út 'e kop. Prachtich. En dêre, De Kuk dy't syn piksjittershout altiten dagen yn de griene sjippe lizzen hie, sadat it sa glêd waard as in stik sunlight. Piksjitte ferdomme, kom der ris om op sa'n modern belêstingfabryk. Se hawwe de taal der net iens foar.