It gong al lang net mear om dy rudige fiif tûzen gûne - dat wist er sels ek ferdomde goed - it wichtichste wie wat dy ûngelok flikte doe't er him dy moandeis skille hie. Dy komamoandei om sa mar te sizzen.
De Grutsk rint nei de tafel en siket it ferslach dat er doe makke hat, en dat tusken de papieren fan it belêstingfabryk lizze moat. Hy hie it hierskerp opskreaun, omdat er der letter fan beskuldige waard, dat er dy belêstingrobot oer it buro skuord hie doe't er net omlyk woe yn syn eagen. Twa ambtners hiene him neffens it rapport wer yn syn stoel setten en de fingers wer moai ynelkoar frissele. sels dat koe er net mear. No ja, sokssawat ûngefear. De Grutsk gniist yn himsels. As men de fingers mar ynelkoar ferstringelet, dan liket alles pais en free. Ja sjoch, dêre is it al. Hy nimt it ferslachje mei en giet op syn matras lizzen. Op de televyzje heart er de aaisikershymne fan De Hylk, ek sa'n lyts mantsje dat graach grut wêze wol. Dy sil syn fingers ek wol ynelkoar ferfrissele hawwe. Dat feroarsaket krûme gedachten. De Grutsk skatteret. Dan begjint er te lêzen:
= Op moandeitemiddei, de fjirde fan de fjirde, haw ik de hear De Em skille mei it fersyk it petear fan de tiisdei de fyfde fan de fjirde op te skowen nei op syn minst in wike, mar leaver twa wiken, letter.
Ik haw de hear De Em útlein, dat myn soan yn koma lei sûnt sneintenacht tolve oere - as jo wolle sûnt moandeitemoarn om nul oere - en dat er oant dat momint (it wie tsjin fjouweren de middeis) noch net út syn antybiologyske sliep wekker wurden wie. Myn soan krige liters en liters focht en penisilline.
Ik haw de hear De Em ferteld oer de hektyske nacht, de deaderit troch de stopljochten mei Janis Joplin yn har Mercedes oan it stjoer sis mar, oer de spanning, oer it jonge famke dat gûlend oan syn bêd siet, en oer myn skiljen mei de famylje en sa. Ik haw ek melding makke fan de kranksinnige saken dy't der dy moandeitemoarn barden, dy't folslein it tsjinoerstelde wiene fan de kâlde emoasjeleaze sifers yn de belêstingformulieren. Fan in brûzjend fet bloed feroarje jo net yn in heale dei yn in spikerbak mei skerpe sifers. Dy dei barde der wat dit oanbelanget tefolle fan it goeie (of kweade, want it is mar krekt hoe't jo soks ynterpretearje wolle).
De Frou út de binnenstêd stapte tsjin seizen de moarns it sikehûs yn en