hândoeken. Nei in pear minuten binne de doeken like waarm as it fel fan syn soan. De Grutsk snapt dat dit dus gjin bliksem jout.
Hy skillet op 'e nij en easket dat de wykeinpik mei gauwens komt. Dy stribbelet earst noch tsjin, mar De Grutsk beweart, dat syn soan gjin inkeld teken fan libben mear jout. Hy oerdriuwt net, want it is ferdomme hartstikke wier. De pik seit ta dat er komme sil. Dêrnei skillet er De Gud dy't as ferpleechster op in ambulânse rydt. Dy tinkt nei syn ferhaal dat de jonge fêst bewusteleas is, en as er ek reade pjukjes op it liif hat, en fierder op syn lichem, sil it wol meningitus wêze. Se seit ta dat se der mei gauwens wêze sil. Mei de auto en de sjofeur.
Even letter stiet de wykeinpik yn gedachten nei syn soan te sjen en freget De Grutsk oft de jonge miskien in spuiter is. Hy ûntlient dat oan de reade flekjes op syn earmen. De Grutsk batst deryn en wiist de kloat der op dat spuiters reade groeden op 'e ieren hawwe. Dat is hjir net it gefal en dit moat dus wol wat oars wêze. Hy triuwt him in earm lyk foar syn snuffert. Op dat stuit rint De Gud al by de trep op. Achter har komt de sjofeur yn syn wite overall.
De Gud befêstiget har miening. De wykeinpik twifelet noch, mar De Gud wachtet net op syn beslissing en sij en de sjofeur bine syn soan op in lúkse ljedder mei touwen. Syn soan moat streekrjocht nei it sikehûs. De Grutsk fljocht achter har de trep del en start syn hierauto, dy't er gelokkich noch net werom brocht hat. De wykeinpik stiet it allegearre mei ferbjustering oan te sjen. Hy seit tsjin De Grutsk, dat er mar net te hurd ride moat, want dat it by nacht libbensgefaarlik is. Dy ambulânse rêdt him wol allinne. De Grutsk flokt in pear kear, en byt him dan ta, dat hy - de pik - mei syn kloatehâlding fêst wol noait ien rêde sil. Hy wiist him noch op de doar dy't iepen stiet en raast dat er de doar ticht dwaan moat. Dan reest er ek fuort.
De Grutsk kin de ambulânse krekt byhâlde. Mei in hûndertensechtich kilometer op de telmasine reze se troch de nacht. Troch stopljochten oft se net besteane. Syn hert kloppet, hy flokt, hy raast, en set de radio wiid iepen, en tagelyk ek de ruten yn de foardoarren. Dy sirene foar him hat wol wat help nedich. Janis Joplin sjongt oer har Mercedes en de iensume god yn har liif, en De Grutsk swart by dit prachtige ferske dat dy pik der oan giet as syn soan it net hellet. Oan it mes, ek dy fint mei syn bline wykeineagen.