er ynienen foar har mei in hûn oan in ketting. Fansels, de man hie har oansprutsen op har yn syn eagen ferbeane died.
De diskusje oer it besit, oer it eignerwêzen en oer de wearde fan in artikel-461-buordsje wie uteraard op neat útrûn. Dan koest likegoed mei Jehova-tsjûgen of finen yn de slach, want se leauden noch altiten dat ien saneamde wierheid de hele wierheid wie. As argumint brûkte de man sels it grien gejank fan de fûgeltsjefanaten, in groep dy't dyselde eigner yn it ferline wol skite koe. Want der mocht fansels net praat wurde oer tefolle keunstdong of tefolle gewoane stront. De legitimearre bazen rûnen wer ris lykop mei de opportunisten fan de griene maffia.
De Grutsk hie op it lêst syn nocht, hy woe aaisykje, en frege de man oft er godferdomme oplazerje woe, want hy diskusiearre meastens op jûntiid of yn de nacht. De fint begûn doe mei syn hûn te driigjen, mar doe sloech it fjoer echt yn de fleispanne. De Grutsk helle syn mes foar 't ljocht en sei dat er sa'n hûntsje as it moast mei ien haal de strôt útsnije soe. Syn eagen spatten ek fjoer.
De man seach wol dat it him mienens wie en bedimme in bytsje. Hy bewearde dat er de plysje wol skilje soe. De Grutsk winske him súkses, en hâlde him foar dat ek hy net mear lân nedich hie as foar syn begraffenis. Twa fjouwerkante meter kear oardel makke eksakt trije kúb. Doe gniisde er lûd. De hûn blafte as in wyld en de man biet syn lippen hast midstwa. ‘trije kúb’, hie De Grutsk noch roppen doe't er ôfsette, ‘en dan meist dyn hûn ek noch meinimme’.
Letter, yn de kroech fan Rypslop hie er de kastlein der op ferge hoefolle lân as er hawwe woe as er it foar it sizzen hie. Ek dy man woe eins wol wat ekstra pûnsmieten, want lân en boeken hâlden harren wearde neffens him.
De Grutsk rekkene him de trije kúb foar, mar de kastlein bewearde dat er ta jiske werombrocht wurde woe. Dat wie him altiten foarhâlden. Ut jiske berne, en dus ek ta de jiske weromkeare. Dy jiske moast opfongen wurde, en dy soe er troch in pear griene ekologen as keunstdong útstruie litte oer syn lân. Wat mear lân de mins hie wat better it foar it miljeu wêze soe bewearde de kroechbaas.
De Grutsk begreep syn tinkwize net helendal, mar nettsjinsteande dat felisitearre er de man mei syn geniale oplossing. Ut him koene ommers