Haadstik 55
Wy steane ornaris mei lege hannen
De Grutsk sit tsjinoer de ynspekteur fan de belêsting yn in platte stoel foar in grut buro dêf't de man him achter ferskûlet. Hy liket op de boer yn de aaisikersfideo dy't er op de televyzje setten hat. Op syn lân mei net socht wurde. Oeral steane buordsjes mei ‘Ferbean oerhinne te rinnen’.
Dy ynspekteur hat deselde harsens, itselde figuer, in grimmitige mûle en hurde eagen. De fingers fan syn hannen hat er ynelkoar stringele. It buro is netsjes opromme. Alles ferskynt as in fjouwerkantsje. It spul leit op steapeltsjes en yn prachtige rychjes. De Grutsk freget him ôf hoe't sa'n ien mei syn frou neukt. It bêd opromme as in buro, tink. De frou netsjes útstald yn in symmetryske foarm, ôfstoffe, skjinwosken, opmakke, de skonken op in kier, en foaral de eagen tichtmitsele. It hier leit oer it kessen spraat en de earmen dernjonken. Sa't in hûn lizzen giet foar syn baas, slikjend mei de tonge om de wiete bek.
En dan wurde de klean opteard op in stoel lein, oer it bekling hongen, en dêrnei wurde de hannen ûnder de kraan wasken, it ljocht dimpt en rint er nei it fuottenein fan it bêd. Sokssawat moat it wol wêze, as op in skilderij fan Magritte. Poer, koel, wreed, saaklik, en foaral leech.
Achter de man hinget in skilderij oan de muorre. Rysplantsters mei de skonken yn it wiete fjild. Aaisikersfjilden sjogge der oars út, want de froulju hjirre meane gjin gers. Dy lizze yn it âlde lân yn fjouwerkante bêden en hâlde de wacht of wachtsje.