Haadstik 54
Boddy-Aat mei gers
‘Moatsty foarstelle dat wy eartiids al dwaande wiene mei Boddy-Aat. Miskien kinsty it ek noch foar de geast krije. Ik kuiere mei in plûmke reid of in sprytsje gers oer it bleate bealchje fan De Ank. By de A-peallen sil it wol west hawwe. Hjoed de dei wurde bern foar sokke aktiviteiten opsletten, nei de psychiater stjoerd of terapeutysk behannele yn in klinyk mei wite muorren en mei minsken yn wite jassen. De âldelju fan sokke bern wurde as útskot bûten de mienskip setten. Mei de noarmen fan no hiene se it hele âlde doarp wol op terapy stjoere kinnen. Wy hâlden fan boartsjen en eksperimintearjen. Hawar, dat woe ik nochris neigean mei De Sas. Ynstee fan tatûaazjes wiene it reade en blauwe bolpinstreken. Ik woe neigean oftsto it noch yn dyn ûnthâld hiest.
Do seist datsto De Ank nei har fyftjinde-sechtjinde eins net wer moete hast. Dat kloppet, want De Ank wie doe al wat oerémis fan De Dêk, mei wa't se letter ek troud is. Dy De Dêk wie altiten wat oergeunstich op my. Ik wit noch goed dat er my ris mei it skoalswimmen yn Dryhús in pear kear heel lang ûnder wetter treau, ûnder it brechje tusken it djippe en it ûndjippe. Hy wie in pear jier âlder, en foaral op dat stuit folle grutter.
Ik koe him net de baas, en boppedat wie ik ek gjin wettertiger. Dêrnei hie ik it net mear sa begrepen op swimmen en swimbaden. Doe snapte ik neat fan De Dêk, mar letter krige ik troch dat er oergeunstich wie op De Ank en my. Fanôf de legere skoalle al wiene wy wat fereale opelkoar. Dêr koe er net oer. Ik fûn De Dêk in grizel, en miskien hie De Ank letter wol deselde gedachten, want se is al lang net mear by him. De Ank hat my letter opsocht doe't se dy De Dêk sjitte litte woe. Wy hawwe hjirre yn de Grutstêd oeren praten, wol trije dagen lang. Ik wist net presys wat se socht en wat se woe, mar wy gongen tegearre foaral nei it ferline werom.
Se wist noch krekt de dei dat wy ús earste diploma hellen, in tritich jier dêrfoar, en wy it fierd hiene op in bankje yn it park tsjinoer de bushalte. Ik hie dat al lang fergetten. Doe't De Ank even foar my troude fielde ik dat in bytsje as ferrie, mar sij hie ûngefear itselde gefoel hân