lân moat taal, froulju en ideeën op 'e merk smite. Kinst alles op ynternet sette, en it mes snijt oan alle kanten. Ienfâldich en simpel. Godferdomme, ik skuor my de bûsen út. Ik haw niis it patintburo al skille, en moarn giet De Ank, no ja, De Sas dus, der hinne. Boddy-Aat foar de takomst fan it âlde lân. Bist der noch? - It is even stil, en ik nim noch in mûlfol.
- Frije minsken, - rop ik, - frije minsken en de fiktoarje begjint by De Grutsk op de rûchskerne fan de Grutstêd. Ja, prachtich, en dy neukmeter fyn ik de moaiste fynst. Dêr moatst patint op oanfreegje. -
De Grutsk gniist, en giet yn ien sike fierder. It heart allegearre by it pakket neffens him. Al dy fossilen dy't dy regressive taalpolityk fiere, moatte oan sa'n neukmeter. Der moat mear produsearre wurde, en de oarstaligen moatte gewoan foar it blok setten wurde. Der moat gjin subsydzje mear jûn wurde foar taalbefoardering, mar dat jild kin moai oergetten wurde nei it buro fan de taal- en literatuerhuorren dat wurket foar de âlde taal. Dy âlde dichters wiene net botte eroatysk, mar der binne wol oaren. En oars kin der oersetten wurde út de wat mear fleislike talen.
Froulju en manlju mei fersen en teksten op de bleate bealch kinne in trochbraak betsjutte yn it taalbewustwêzen. Lykas dy reinjaskes kinne der ek fideo's mei sokke taal- en literatuerakteurs op 'e merk brocht wurde.
Ik lis de hoarn wer even del, nim noch in slokje en wachtsje in setsje. Dan set ik my skrep, nim de hoarn en rop: - Wêr hast it idee wei, hoe bist der oan kommen, en wat hat De Ank der mei te krijen? -
Ik hear De Grutsk sykheljen oan de oare kant fan de line. De fraach oerfalt him miskien op dit stuit.
- Dat is literatuer, man. Datsto dat noch net troch hast. Soks kinst sa opskriuwe, en it hat neat te krijen mei it skoalplein, mei it doarp, of mei wat dan ek. Eins is it Boddy-Aat foardat it bestie. Ik haw dy dochs útlein wat ik wol mei dy njoggen hoeren, hoe't ik der sels oer skriuw, no ja, oantekens oer meitsje, en wat ik dy psyk foarhâld. Harkje, en sis my oft it past by dy knikkert- en oare skoalpleinferhalen. -