- Wolst earst net even ien hawwe? - freegje ik. Se wibelet noch op itselde plak hin en wer, as beweecht se op in motorke yn har liif.
- Nee, nee, wy drinke net ûnder it wurk, - seit se. - En as ik dy wie soe ik ek mar ophâlde. De flesse is al heal leech, aansens kinst neat mear foarelkoar krije. -
Ik gniis en beslút ynienen it spultsje fan De Grutsk mei te boartsjen, lykas eartiids op it skoalplein. As De Grutsk my útprebearje wol, dan kin er it krije sa't er it wol. Miskien leveret it ek wer nije ynsichten op, en ferhalen foaral. Ik laitsje har ta, en sis dat ik dêr noch noait lêst fan hân haw. Dan skink ik myn gleske helendal fol en rin nei de tafel. Ik freegje har hoefolle oft twa oeren opbringe moatte. Ik nim in slok en sjoch har tantsjend oan.
- Dat hinget der fanôf- seit se, en se draait har om en sjocht nei bûten. Se sjoot mei har billen dy't der lykas har skonken wêze meie. Dan knopet se har jaske los en lit dat fan har skouders glydzje. Se draait har wer om en komt as in model yn in moadesjo op my tarinnen.
Foar de tafel bliuwt se stean. Se sjocht my gnyskjend oan.
- It is mar krekt watsto wolst, - giet se fierder. - Mar lit ien ding dúdlik wêze: ik frij geef! Sjoch hjirre, - en se smyt in slúfke sulverpapier op de tafel. Ik nim it yn myn hannen en lês:
-- sêft en geef, fr. taalburo (p.r. g.j-hûs)--
Ik skuor it slúfke iepen en rôlje de finger út. Hy is beprinte mei de pompeblêdeflagge. Prachtich, prachtich, hast sonde om him te brûken. En hy rûkt ek noch lekker. De âlde dichter sels hie it net betinke kinnen. Ik blaas him op en lis der in knoop yn. Op de tafel bliuwt er moai op en del dûnsjen.
- Bist ien fan de beweging, tink? - sis ik, en ik sjoch har nochris op en del oan. - Ik miende altiten dat se dêre fan dy pudding- en ierappelkoppen hiene, mar sa't ik no sjoch slacht ek dêre de fernijing ta. -
- Ja, dat hast goed ret. Under lieding fan De Mak en De Hon - de eardere antyrevolúsjonêren - binne se no mei in nije revolúsje begûn. De Grutsk is adfiseur wurden, omdat er yn syn toer in soad ûnderfining hat mei allerhande talen en minsken. Kultueren foaral. En dêr giet it om, de kultuer. De minsken binne minder wichtich. Mar it giet noch