Haadstik 51
De brillantinekop fan De Lip
Ik skilje De Grutsk en fertel him myn ferhaal oer de bernewein fan De Kor, oer de sûkerbiten dy't er feroare hat yn bakkerts en oer de Hopsweinen dy't elke snein nei de sneinsskoalle moasten.
Hy begjint te laitsjen en freget hoefolle oft de bakkert opbringe moast oan postsegels. Ik negearje de fraach en sis, dat ik it in aardige ferrassing fyn, mar dat ik net yn syn knikkertferhaal leau.
Dan laket er helendal en beweart dêrnei dat de lêzer út soarte gjin weet hat fan wierheid en ûnwierheid. Hy wol hawwe dat ik lêze moat mei de eagen fan in sljochtweihinne wykeinlêzer. Foar sa'n lêzer makket it neat út oft dy rotkarre no ynelkoar slein wurdt troch in sûkerbyt of troch in bakkert. De Grutsk leit út dat er de bakkert yntrodusearre hat mei't dy tsjintwurdich net mear brûkt wurdt. Boppedat, in bakkert hat ek mear fan in kûgel. Troch it neamen fan de sûkerbyt komt ek de opslach foar it ljocht. Dat gebiet soarget foar oare ferhalen dy't foar in part los stean fan it skoalplein. Foar him is dat plein as plak fan hanneling it wichtichst. Dêre barden de meast absurde saken, en net allinne mei knikkerts en bakkerts. Foar guon betsjutte it skoalplein in slachfjild, foar oaren - faak de stomsten op skoalle - it fjild fan de oerwinning.
De Grutsk bringt my yn it sin dat De Jelk elk skoft mei in echt autostjoer yn syn hannen sabeare autoridend oer it plein skeat, dat se ris besochten en hingje De Klap op oan de wetterpiip by it fytsehok, dat bygelyks De Lip simmer en winter yn in koart gymmestykbroekje op gympy's en mei brillantine yn it hier op skoalle ferskynde. Hy luts dat broekje altiten omheech oan syn boarst ta. En dan die er gymmestykoefeningen. En wat te tinken fan De Krap dy't al in te koarte poat hie troch berneferlamming, en dus kreupele, mar dy't ek nochris in stien oan de oare bûn waard, sadat er hast helendal net mear foarútkomme