Hy hie der op rekkene en op wachte. Miskien soe it wol de lêste kear wêze kinne, want it gong helendal net goed mei him.
Nei dy wurden sykhelle syn pake djip en suchte. Hy seach De Lytsk oan mei syn noch altiten ljochtblauwe eagen dêr't it springerige hier fan syn wynbrauwen as it reach fan in spin boppe hongen. Se foarmen hast in netsje, want se waarden skerp ferljochte troch it lampke boppe it bêd. It wie in teskuord netsje dêr't miskien wol noait in spin west hie.
De Lytsk fernaam dat syn pake heel swier sykhelle. It folde de keamer, want it waard fan fjouwer kanten weromkeatst. Dêrtroch doarde er sels hast net mear te sykheljen. Hy woe de stilte tusken de twa gjalpen fan syn pake net fersteure. Heel fier fuort, achter de doar fan it keammerke, hearde er de sachte stimmen fan syn beppe en syn omke en muoike.
De Lytsk stie stokstiif, deun by dy lange en meagere holle. Hy koe neat sizze, en foaral net oer it pakje dat er bringe moatten hie. Hy skamme him in bytsje, dat er dy moarns dochs net even west hie. Syn pake hie der blykber op rekkene. Achter syn eagen fielde er de triennen, mar dy woe er no perfoarst net sjen litte, en foaral net oan syn beppe. Hy slokte in pear kear, want dat holp soms. Ek oan wat oars tinke koe se tsjinhâlde. Mar dat wie no hast net mooglik.
Syn pake seach him lang oan, en doe skeaten de eagen fan syn pake wer rêsteleas oer de holle fan De Lytsk hinne nei de doar fan it keammerke. Miskien ferwachte er wat, miskien woe er wat freegje oan de minsken achter dy doar. Miskien moast er ek wol nei it húske. Soks koe De Lytsk fansels net oprêde. Hy wist ek net oft syn pake noch wol rinne koe. Eins lei er al sûnt tiden yn dit keammerke.
De Lytsk frege syn pake oft er syn beppe roppe moast. Mar syn pake skodde syn holle fûl hin en wer. It like wol oft er skrok, en him opwûn oer de fraach. Syn holle ferweegde heftich fan lofts nei rjochts. In pynlike skuor luts út syn mûlshoeken wei nei syn gesicht. Mei syn lofterhân besocht er hoeden oan syn keel en hals te fielen. Mar dat mislearre. Miskien doarde er ek wol net rjocht, omdat it dêre tige tsjok en gleiïch wie.
De hân foel werom op it lekken. De fingers wiene tin en moai aardich smel wurden. Ek de hân fan syn pake like net mear sa breed as eartiids, en de pols hie noch mar de tsjokte en de omfang fan in gripestôk. Eins wie der neat mear fan oerbleaun.