| |
| |
| |
Haadstik 48
In holle fol knikkerts kin net tinke
Nimmen hie sokke moaie kleurige knikkerts dêr't alle kleuren fan de reinbôge yn skitteren as de sinne der op skynde. Net ien op skoalle hie in omke dy't regelmjittich grutte oantallen kij op in boat nei Súd-Amearika brocht. Alteast net yn syn doarp, dêr't elkenien elk koe en dêr't it al tige apart wie as immen nei in grutte stêd yn it suden fan it lân gong, of ferhuze nei de mynstreek dy't heal yn België en Dútslân lei.
De lju yn it doarp libben dêr't se wurken. Reizgje die men hast net. Op syn heechst nei de haadstêd, dêr't elke wike de feemerke hâlden waard. Dêr kochten de opkeapers de kij dy't syn omke mei oaren nei de lannen yn Súd-Amearika brocht. Soms ek wol nei Grikenlân.
Op in snein hie De Lytsk se krigen - de prachtige knikkerts - doe't syn omke en muoike dy snein op besite kamen. Nei elke reis hie er in moanne frij, en dan kaam de folgjende tocht wer. Hy like hast in echte seeman, want syn ferhalen hiene allegearre mei de see te krijen.
As dy omke sa út en troch op besite kaam harke De Lytsk mei sân pear earen nei dy ferhalen. De nammen fan de lannen en de stêden dy't se besochten klonken as muzyk. It wie in oare taal, Spaansk neffens syn omke, en dy taal klonk wol de helte moaier as de twa talen dy't hy koe en brûkte. Syn omke koe in pear wurden yn dy taal, en dy brûkte er dan sa foar en nei. Dêrtroch feroare er eins helendal, en soms tocht De Lytsk dat syn omke net fan dizze wrâld wie, mar eins al thúshearde yn dat lân dêre oan de oare kant fan de oseaan.
Neffens syn omke dûnsen de lju yn de grutte stêden dêre lykas Rio en Bueno de hele dei op prachtige muzyk en yn kleurige bûnte klean. Dy kleuren sieten ek yn de knikkerts dy't er krige. As it ljocht der op foel dûnsen de kleuren meielkoar en om elkoar hinne. Foar syn eagen seach er dan de minsken yn de knikkerts dûnsjen. Ien kear hie syn omke sa'n ferske songen dêr't er neat fan ferstie, mar dat er as wyske altiten yn syn holle hâlden hie. As de knikkerts begûnen mei dûnsjen núndere hy dat deuntsje foar himsels. Soms raasde er lûdop Rio-Rio-Rio, en dan tocht syn mem dat it him yn de plasse slein wie.
Foar De Lytsk betsjutten dizze knikkerts dêrtroch folle mear as oare
| |
| |
glêzen stuiters. Dizze knikkerts libben. As er se rôlje liet hearde er de ferhalen fan syn omke, en seach er yn de tyskjende linen de bergen, de rivieren en de dûnsjende minsken op de grutte pleinen yn de haadstêden fan de lannen yn Súd-Amearika. Eins wiene de knikkerts ferhalen wurden dy't er meastens bewarre yn syn holle, mar dy't no yn in apart haakt netsje sieten.
Syn geheimsinnige Súd-Amearikaanske knikkerts - hy hie der nimmen wat oer ferteld - fleagen sa njonkelytsen dei en nacht troch syn holle. Hy liet se rôlje, hy hâlde se yn it skerpe sinneljocht. Hy koe der ek oeren nei sjen en fuortdreame yn de ferhalen dy't er dan betocht, of dy't yn him opkamen, omdat er se oait lêzen hie.
Op in stuit krige er yn 'e rekken dat de knikkerts pas echt unyk wurde soene as oaren der weet fan hiene, as oaren se seagen of se even yn har hân rôlje lieten. Se bestiene no eins mar heal, want gjin mins hie yn 'e rekken dat hy sokke moaie knikkerts hie. Hy moast dizze boartersdinkjes sjen litte, want dan soene se helendal libje, en krigen se earen, eagen en in mûle. No mochten se noch net echt meidwaan.
De Lytsk soe bekend meitsje moatte dat er prachtige bûtenlânske knikkerts hie. Eins soe der ek mei boarte wurde moatte, want in knikkert koe him helendal knikkert neame as er mei him boartsje liet. Hy moast yn de striid smiten wurde. De spanning en de eangst foar ferlies makken de wearde fan de knikkert hûndert kear heger. De oergeunst fan de oaren joech sa'n frjemde útlânske knikkert de wearde dy't er fertsjinne.
Dat lêste foaral soe wichtich wêze. In stikje besit waard unyk as in oar it net hie, mar it wol sjen koe en oanreitsje. As dat net barde bestiene de knikkerts eins net.
No't De Lytsk der al dagen lang allinne sels mei boarte hie moast der wat mei dien wurde, want oars rekke de aardichheid der ôf. Hy woe der in bytsje mei pronkje. Deroer fertelle hie gjin doel, omdat se him net leauwe soene, en op syn minst sizze dat er in opskepper wie.
De gedachten oer sjen litte en net sjen litte wuollen him wol hast in wike yn syn kont om. As er nachts wekker waard fleach it knikkertprobleem him daalk troch syn holle. Soms seach er se troch de keamer silen. As kleurige ballontsjes. Hy wifele dagen oft er se meinimme soe nei skoalle. Thús hiene se it ferbean en brûk de prachtige stuiters by it
| |
| |
knikkerjen op it skoalplein. Se betsjutten in kadootsje fan syn omke, en se wisten ek dat er helendal gjin fûle en handige spiler wie. Se fûnen him wer ris te lyts foar sokke spultsjes.
Op in tongersdeitemoarn naam De Lytsk fiif fan de njoggen Súd-Amearikanen mei nei skoalle. Hy liet se grutsk oan in pear klasgenoaten sjen, en fertelde de ferhalen dy't der by hearden. It effekt wie noch folle grutter as wat er yn it foar betinke kinnen hie. Mei iepen mûle beseagen se de glêzen wûnders. Se leauden neat fan syn ferhaal dat se út Súd-Amearika kamen. Se lutsen de skouders omheech. Dy namme sei har neat, en oaren dy't it wol sawat wisten troch de wrâldkaart yn it lokaal koene har der neat by foarstelle. It wie in diel fan de wrâld op de kaart. Mear net.
De Lytsk fertelde oer syn omke, en oer it swartbûnte fee dat dêr hinne brocht waard. Dêroer hiene de measten wolris wat heard. Bollen brochten ommers ek in soad jild op as se nei it bûtenlân ferkocht waarden. Der wie krekt noch ien út Dumskal ferkocht foar tûzenden. Spesjale fleanmasines ferfierden dy grutte beesten. In foto fan de bolle út Dumskal hie op de foarkant fan de krante stien. Dy hong yn it lokaal. De grutske eigner, De Nat, stie dernjonken mei in grauwe segaar yn de holle. ‘Us bolle krijt it ferskriklik drok,’ hie er sein, ‘mar hy is noch jong en sterk en kin wol tritich kear op en del op in dei.’ Ek dat ferhaaltsje hong yn it lokaal. As De Jent en De Loet it liezen gniisden se altiten fluensk.
Nei al dy ferhalen feroare de hâlding fan syn klasgenoaten al in bytsje. Dy bolle út Dumskal stie ommers yn de krante, en der soe fêst wol wat fan wier wêze. Boppedat seagen se wol dat de stuiters fan De Lytsk folslein oars wiene as dy dêr't se mei op it plein boarten.
Guon kamen him op 'e lije side en seine dat er mei de knikkerts spylje moast. Hy koe der ommers grutte winsten mei behelje. Sa'n glêzen Súd-Amearikaan wie wis wol tweintich of mear gewoane klaaiknikkerts wurdich. Klas- en skoalgenoaten mei wa't er oars hast gjin kontakt hie, omdat se foar in part folle âlder wiene, besochten no de bêste maatsjes mei him te wurden.
De Lytsk fielde dat tige skerp oan, en hy wist dat it allinne mar te krijen hie mei de knikkerts. It betsjutte in tydlike freonskip, en miskien sels dat net iens. Hy woe der eins neat mei te krijen hawwe. Dochs wie
| |
| |
it ek wol wer opwinend. Even feroare er yn it middelpunt fan de skoalle, omdat er wat yn syn besit hie dat tige bysûnder wie. sels de bern dy't alles al hiene, omdat se genôch jild yn 'e bûse hiene, moasten it no tsjin him ôflizze. Dy bern fleach de oergeunst ta de eagen út. Hy seach it, hy koe it rûke, it stie op har gesicht te lêzen. Ek al wiene se no dan sa freonlik as it mar koe.
It ferhaal oer de bûtenlânske reinbôgeknikkerts fleach as diggelfjoer it plein oer en troch de skoalle. It berikte mei gauwens de heechste klassen. Dêr sieten de bern fan fjirtjin en fyftjin yn de seisde oant en mei de achtste klasse. Se hiene der ornaris wat langer oer dien en wachten oant se net mear learplichtich wiene. Yn it moarnsskoft die al gau bliken, dat ek De Runs op 'e hichte rekke wie fan syn wûnderknikkerts dy't noch moaier fonkelen as de toverkikers.
De Runs wie in dochter fan ien fan de grutste en miskien ek wol rykste boeren yn Snyp. De Runs wie grut fan stal, foars en al hast in frou, want alles wie rûn oan har. Sa beseach De Lytsk har dan ek, hoewol't se miskien noch mar fjirtjin of op syn heechst krekt fyftjin wêze koe.
De Runs hie in soad macht. Dat kaam troch har heit, by wa't moai aardich wat lju út it doarp wurken - sawol yn it foarhûs as yn it achterhûs - en dêr't sadwaande heel wat hûshâldings fan ôfhinklik wiene. It waard ek feroarsake troch de hâlding en it karakter fan De Runs sels. Se woe altiten baasspylje en har sin trochdriuwe. Foar De Jent en De Loet hie se ûntsach, mar de measte oaren koe se stjoere mei de eagen. Dy slikken har dan ek de kont ôf. De Lytsk wie net bang foar har, en woe har ek net de kont ôfslikje. Hy beseach har in bytsje as De juf Annach. Allinne de lêste wie freonlik en waarm, wylst De Runs út en troch kâld en noartsk oer it plein rûn. Se hie in ûntefreden mûle.
Yn it moarnsskoft begûn De Runs in praatsje mei De Lytsk. Dat die se oars hast noait, want se bemuoide har net mei lytse bern. Se lake breed en begûn oer syn aparte wûnderknikkerts. Har mûle en gesicht laken, mar yn har eagen lies De Lytsk wat oars. Mar miskien betocht er it sels ek wol. Hy lies dat se op 'e hichte wie mei wat er in pear wiken lyn by tafal sjoen hie yn de weet- en maisfjilden oan de noardkant fan Snyp. Achter har klean seach er op itselde stuit har spierneaken fel, wyt en roazich as fan in lytse poppe. Lykas de lytse baarchjes dy't syn heit opfokke woe yn it jisterke by it hûs.
| |
| |
De Runs lake iepen en breed, mar tusken de flaaikjende wurden hearde er ek de hurde dy't se wend wie te brûken as se winne woe en alles besitte. De Lytsk skrok, en waard in bytsje bang. Se like freonlik - hy fielde him hast wat fereare mei't se mei him prate woe - mar se wie it net echt. Se behannele him noch krekt net sa't se meastens de bern fan de arbeiders fan har heit geweken nimme koe, mar it ferskil siet him allinne mar yn har glimkjen. Der kamen mear bern op har tarinnen. Se hâlden har stil en seagen nei De Runs en him. Se wachten ôf. As foksen en oar lyts wyld. In liuw hie ommers altiten it earste rjocht. Dat stie yn de mearkes. Dat wist De Lytsk, en dêr moast er oan tinke doe't se dêre stiene.
Ien kear hie De Lytsk der by west dat syn heit in petear hie mei de mem fan De Runs. Syn heit woe in hynder brûke foar ien middei, en hy hearde de mem fan De Runs mei hast deselde stim sizzen dat soks fansels net om 'e nocht koe. Syn heit hie wat ferstuivere antwurde, dat er earder it hynder wol altiten sa brûke koe. Bits hie it frommes antwurde dat ek sij net fan de wyn libje koene. Op dat stuit kaam de heit fan De Runs der oan. Dy stjoerde har mem it hûs yn en syn heit koe in hynder útsykje.
De Runs prate no eins op deselde wize mei him sa't har mem mei syn heit prate. Ut 'e hichte, sabeare freonlik, mar foaral lytsachtsjend en miskien sels lytsmeitsjend. De Runs woe de knikkerts even besjen. It hearde hast as in befel.
De Lytsk wifele. Hy hâlde de hannen mei de knikkerts stiif tichtknypt yn syn bûsen. Hy slokte in pear kear, mar doe die De Runs in stap nei foaren. Hy rûkte de swiete rook fan har liif en dêr trochhinne dy fan de stâl op de buorkerij fan har heit. Under it hantwurkjen fan de fammen út de heechste klassen hie er dat ek al ris fernommen. Net allinne by De Runs. Oaren wennen ek op buorkerijen. It bedwelme him in bytsje en it makke dat er de wurklikheid fan it skoalplein foar in part fergeat.
Op itselde stuit dat har rook oer him hinne tearde begûn De Lytsk te twifeljen oft sij it wol west hie dêre yn it hin en wer waaiende weet op 'e seize by de mûne. Fan De Jent wie er wis, mar sij soe har dochs net ôfjaan mei sa'n smycht as De Jent, dy't tsien meter yn de wyn stonk. De stjonkende bok fan de pôle waard er neamd. Soks koe dochs net byelkoar ferkeare, de swietrook fan De Runs en de bokkestank fan De
| |
| |
Jent. Dat flokte mei al syn gefoelens fan skientme.
De Lytsk joech har de kleurige Súd-Amearikanen yn har hannen. Se lake gol, gibele in bytsje, wylst se de fiif kleurige knikkerts fan de iene hân yn de oare rôlje liet. Se kroande as in lyts baarchje dat op it lêst dochs de spien fan syn mem fûn hie. It brocht him ek de lûden yn it ûnthâld dy't in pear wiken lyn út it weetfjild kamen. It moast wol deselde De Runs west hawwe. Troch dy lûden wie er op it idee kommen dat der guon ferskûle sieten yn it weet. Dochs De Runs.
De Lytsk seach nei har lichem dat no yn in jurk ferstoppe siet. Mar tagelyk heugde him har neaken fel dat er doe fan tichtby sjoen hie. Hy woe har oanreitsje, mar op it lêste eagenblik skode er syn hân nei har hannen. Hy woe de knikkerts werom hawwe. Se hie se no lang genôch besjoen en hifke. Doe kaam De Runs noch tichter op him ta. Se rekke him mei har skammel, en in boarst fielde er tsjin syn holle. It wie ek sacht lykas dat fan De juf Annach in skoft lyn.
De Lytsk trille en luts syn hân werom. Hy fielde har liif en hy murk dat se eins net sa'n soad ferskeelde fan De juf Annach. Hy fielde de waarmte fan har liif troch de stof fan har jurk. Ek dy waarmte wie hast itselde. Wylst De Runs de knikkerts noch altiten hin en wer rôlje liet troch har hannen mompele se in pear wurden. Oaren koene der fêst neat fan ferstean, mar foar De Lytsk betsjutten se hast tongerslaggen. Se fertelde tusken noas en lippen dat se De Jent noch neat ferdútst hie, mar dat soe al barre as hy net mei de knikkerts boartsje woe. De Jent soe it der net by sitte litte, dat koe er wol begripe. De Ants hie it ek al ris murken. Se woe him hoedzje foar De Jent, mar dan moast der wol spile wurde om de gouden Súd-Amearikanen. De Runs luts har eagen byelkoar ta spleetsjes, en lake sabeare mei de mûle. Se like ien en al freonlikheid.
De Lytsk trille in bytsje. Hy fielde de waarmte om syn holle, want hy wist dat er gjin inkelde kâns hie en fersmyt har befel. As De Jent him yn hannen krige koe er it wol ferjitte en rin noch gewoan troch it doarp. In fijân fan De Jent waard troch elkenien skoudere.
De Lytsk fielde har liif en har skonken. Alles ferweegde, ek om him hinne. It like wol oft de oare bern om De Runs hinne dûnsen. Miskien kaam it ek wol troch de triennen yn syn eagen dy't der sa mar yn sprongen. De Runs hie de knikkerts yntusken de iene nei de oare wer yn syn hân rôlje litten. Hy moast sels de kar meitsje. Fêstspikere troch
| |
| |
De Jent oan in beam of in ljochtpeal, of knikkerje mei de toverknikkerts. It grimele De Lytsk foar de eagen.
Doe stelde De Runs út en set ien fan de glêzen stuiters yn. Lûd, sadat elk it hearre koe. Om knikkerts moast spile wurde, oars wiene se ommers net echt. De Lytsk knikte. Syn ja klonk as in mokerslach yn syn holle. Hy skamme him foar himsels. Doe't er De Runs ien glêzen knikkert joech trille syn hân. Eins woe er helendal net knikkerje, se moast se sa mar nimme. Mar De Runs lake en joech him de knikkert werom. Nee, se soene der om knikkerje. Se stelde tritich tegels út, dan hiene se beide likefolle kâns.
De Lytsk fielde de eagen fan de skoalbern, sels yn syn rêch. Se wisten noch neat, mar se soene it mei gauwens yn 'e rekken krije. Hy rûn nei de muorre fan de skoalle en besocht de ôfstân tusken it doel en it pikkersplak ôf te tellen. Dat mislearre de earste kear. Hy wie tefolle op 'e doele. De twadde kear slagge it him en tel de tritich tegels. Fanôf dy tritich tegels mocht De Runs op syn heechst tsien gewoane knikkerts rôlje en besykje de glêzen Súd-Amearikaan te reitsjen. As it har net slagge krige se noch fiif kear in kâns en rôlje fan de fiifentweintichste tegel. As ek dat net slagge soene de fyftjin klaaiknikkerts foar De Lytsk wêze. Dat wiene de spulrigels dy't elkenien koe.
De Lytsk lei de glêzen wûnderknikkert op de midden fan de ienentritichste tegel. De sinne tovere de kleuren foar 't ljocht. De Lytsk hie pine yn it liif en wie deabenaud. Mar tagelyk fûn er it ek spannend, want elkenien seach nei him. Hy krige ek wer in bytsje hoop, want tritich tegels wie op it lêst in grutte ôfstân. Allinne hele tûke knikkerers koene tritich tegels lang streekrjocht oerbrêgje mei in fleanende knikkert. Yntusken stie de hele skoalle der om hinne. It like wol in folksspultsje op 'e merke as guon oan it toulûken wiene. Dan sjassen se de lûkers oan. Miskien soe dat hjir ek wol barre. Aansens as De Runs har earste klaaiknikkert rôlje moast.
De Lytsk gong achter de tegel mei de glêzen knikkert sitten en die de skonken fansiden om de knikkert fan De Runs op te fangen. Foar him op in tsien meter ôfstân seach er De Runs. Se hie har jurk omheech skood en lei mei ien knibbel foar de lêste tegel. Hy seach har billen ôfstekken tsjin de reade tegels. Sa hie er har ek sjoen doe't se mei de knikkerts yn har hannen boarte. Mar doe nie it te krijen mei it weet- | |
| |
fjild. Ek it boartsjen mei de kikkerts skeat him yn it sin. Doe siet har jurk ek healwei har billen. Miskien beskôge se him ek wol as in opblaasde kikkert en hie se de stientsjes út de kattepûl ynwiksele foar de klaaiknikkerts.
De earste tsien rôljende knikkerts troffen gjin doel, mar eins hie De Lytsk it net iens goed troch. Hy fong se op tusken syn skonken, mar dat it spultsje al echt begûn wie krong noch net ta him troch. Hy waard hin en wer slingere tusken de ferbjustering en de opwining. It like wol oft er koarts hie. Hy seach De Runs mei knikkerts smiten, mar it hie der ek wol fan oft se kluten út it weetfjild nei him tagoaide. De Lytsk rekke op 'e doele, en waard bang. Hy telde automatysk de smiten knikkerts dy't tusken syn skonken bedarren. Yn in omsjoch hie De Runs tsien knikkerts op him tarôle. Doe gong se stean en telde fiif tegels werom. Se knibbele op de seisentweintichste.
De Lytsk seach har op him takommen, mar earst hie er net goed troch wat der oan de hân wie. Guon bern raasden, oaren fjurren De Runs oan. De Runs gong foar de tredde kear troch de hoksen. De earste knikkert fan dy tegel mislearre. No seach er dat De Runs sekuer mikte en har hân hin en wer ferweegde om it goeie spoar te krijen. De knikkert kaam mei in grutte snelheid oer de tegels op him tastowen. De Lytsk hearde in kitsend lûd en doe spatten de knikkerts beide in kant út. De taskôgers raasden, mâlgûlden en jûchheiden. Se rûnen op De Runs ta en winsken har lok. It wie har slagge.
De Lytsk bleau heal yn 'e sûs sitten. Hy sammele de tolve klaaiknikkerts. De glêzen Súd-Amearikaan lei tsjin syn rjochterklomp. Hy stoareage der nei. De sinne tovere alle kleuren foar 't ljocht dy't der yn sieten.
Op dat stuit stie De Runs foar him en stuts har hân nei foaren. Se lake in bytsje húnjend, spotsk miskien. De Lytsk pakte de glêzen knikkert en lei him yn har hân. Troch de triennen achter en yn syn eagen fermannichfâldige de knikkert him ta trije, en noch folle mear. De omstanners raasden troch en se fregen om in twadde spultsje. Miskien rûkten se wol it bloed dat se sa út en troch nedich hiene. Yn de hjerst foaral. As der troch de jagers jage waard op einen, hazzen en alles wat libbe yn de keale fjilden. Bloed joech krêft foar de kâlde winter.
De Lytsk gong stean, syn knibbels fielden slop. Hy skodde mei de
| |
| |
holle, en woe fuortrinne. Mar doe kamen de oaren nei foaren en foarmen in rûnte om him en De Runs hinne. Hy koe gjin kant mear út, en hy fielde de hite siken fan al dy bern tsjin syn holle. Hy seach al dy reade koppen foar him, foaral dy fan de soannen fan de slachter. Hjir koe er noait tsjin opbokse, hjiroan koe er net mear ûntkomme. Hy siet finzen tusken liven dy't bloed rûkten. Al dy bern wiene jagers wurden. Ek De Runs liet dúdlik blike dat ien Súd-Amearikaan net genôch wie. Se seach him oan en foarme mei har mûle de namme fan De Jent. Dat miende er alteast, mar miskien seach er sa njonkelytsen ek wol spoeken. De Lytsk helle in twadde reinbôgeknikkert út 'e bûse en lei him op de midden fan de tegel dêr't ek de oare lein nie foardat er eigendom waard fan De Runs. Diskear hie De Runs net tolve knikkerts nedich. Al mei de tredde skeat se de glêzen reinbôge fansiden. Ien glêzen unike waard ynwiksele foar trije weardeleaze guodkeape klaaiknikkerts. De Lytsk bleau as in stiennen byld op de tegels sitten. Hy fielde spyt en lulkens tagelyk. Mar tsjin al dy oansjasjende bern koe er neat begjinne. Se raasden al om de tredde. Dy ferlear er nei fiif skotten mei de klaaiknikkerts.
De Lytsk slokte syn triennen troch. Nei de fjirde ferliespartij seach er wanhopich om him hinne. Hy werkende deselde gesichten fan de hûnegiselers. Se raasden op deselde wize. It nie der wol fan oft se him opfrette woene. Hy koe gjin kant út. De Runs lake triomfantelik. Fjouwer Súd-Amearikanen hie se al. Fan de leavichheid fan in tsien minuten lyn wie neat mear oer. Se nie in wreed gesicht krigen. De Lytsk koe de triennen net mear trochslokke, se rôlen no oer syn gesicht. Doe't se dat seagen waarden de taskôgers helendal gek. Se raasden ‘hy jankt, hy jankt, hy jankt’. Guon dûnsen op har klompen.
De Lytsk siet as fêstmitsele op de tegels. Sûnder skonken, want dy fielde er al lang net mear. It geraas om de fyfde reinbôgeknikkert begûn. De lûden skeaten him troch de holle. Syn mage luts byelkoar en die ferskriklik sear. Hy hâlde de knikkert stiif yn syn hân en hope dat de skoalleskille begjinne soe. Mar dat barde net. Syn keel luts ticht, hy koe hast net mear slokke en sykhelje.
Alle bern kamen nei foaren, pjukten oan syn hier en lutsen oan syn klean. Twa pakten elk in klomp en soalden dy op it dak fan de skoalle. De Lytsk tocht dat er smoare soe. Hy woe de lêste Súd-Amearikaan yn
| |
| |
de kliber smite. Dan koene se der mar om fjochtsje. Op it lêste eagenblik hâlde er syn hân tsjin. Se koene ommers wol sa wyld wurde dat se allegeare oer him hinne foelen en him útelkoar skuorre sa't er wol op plaatsjes sjoen hie út de Romeinske tiid. Dêr skuorden liuwen minsken yn hûndert stikjes. Dit like hast itselde.
Op it lêst lei de Lytsk de fyfde glêzen stuiter op de tegel, tusken syn skonken. Hy seach wol fiif lizzen. Hy koe net iens mear goed sjen. Hy gong stean en sette ien sokfoet achter de knikkert. Doe makken se de baan frij.
Mei't syn eagen heal ticht sieten seach er allegearre earmen en hannen dy't knikkerts smieten. Se groeiden en groeiden, se kamen mei hûnderten op him ta. Tagelyk. En it like wol oft der út syn holle ek knikkerts rôlen. In pear hannen pakten syn holle en skodden dy hin en wer. Se woene noch folle mear glêzen knikkerts hawwe. Mar dan koene se ommers better nei de soan fan de slachter gean. Dy hie op it lêst in echtenien yn syn holle. It waard him swart foar de eagen. Hy seach helendal neat mear.
Doe't er wer bykaam siet er op balen strie op 'e midden fan de terp oan de oare kant fan de buorren en de skoalle. De Lytsk hearde de skoalbel dy't trije kear skille. Hy wist net oft er wol nei skoalle gean soe. Hy woe net opfretten wurde troch al dy beesten.
|
|