him. Der moat spile wurde, want it skoft is samar foarby.
It twadde spultsje is noch net begûn of De Kor, it fanke fan de haadmaster, rint troch it spylfjild. Se rint achter in lyts berneweintsje. Eins hat se dêr neat te sykjen, want se sit noch net iens op skoalle. In pear spilers freegje, smeke hast, en raze dan oft De Kor opdonderje wol. In bakkert foar de kop betsjut foar sa'n lytse opdonder hast in wisse dea. Op syn minst in gat yn de kop dêr't in bakkert maklik yn ferdwynt. Mar De Kor lûkt har nearne wat fan oan en bliuwt dôfhûdich yn it bakkertfjild omrinnen.
Der is romte genôch op it skoalplein om earne oars mei dy rotkiste op fjouwer houten tsjiltsjes te rinnen. Mar hawar, dan moat se it sels ek mar witte. It spultsje moat fierder, de tiid fljocht foarby.
As ik myn bakkert smyt - hy hat hast de snelheid fan in keatsbal dy't opslein wurdt - rydt de bernewein fan De Kor krekt yn de baan dy't de bakkert nimt. De bakkert slacht dwers troch de sydkant, sadat de hele wein De Kor út de hannen slein wurdt. De pop dy't der yn leit hat ek in gisel krigen, want se leit foar lyk op it skoalplein. Se mist in each en in earmke. De Kor begjint te mâlgûlen en te janken en draaft nei hûs dêr't har heit oan it kofjedrinken is. Ik bin blij dat De Kor sels net in each en in earmke mist.
Har heit ferskynt even letter op it plein en stjoert ús sûnder wat te freegjen de skoalle yn. Middeis moatte wy nei skoaltiid twa oeren siferje. Om healwei seizen ferskynt de heit fan De Lip en raamt de lokaaldoar iepen. Hy raast dat it godferdomme no wol genôch is. As der straft wurde moat kin er dat sels wol. Hy wâldet nei De Lip, skuort him út de bank, jout him in skop ûnder de bealch, en sa stowe beide ta de skoalle út. Op itselde stuit begjint de klok te lieden. Wy wurde frij litten. Der is hast gjin wurd sein.