hast foar de twadde kear yn de boskjes. It bloed kaam wer op gong en der skeat him in pynlike skuor troch syn foet. Hy joech in gjalp fan pine, en skrok op itselde stuit. Se hiene him miskien heard. Doe't er wer troch de kiker seach like alles feroare. De omkriten, en de film yn de lins.
De Lytsk seach De Runs, mar se wie it ek wer net. Alde bylden skoden derfoar en toveren in oare wrâld. Miskien wie it wol de echte wrâld sa't dy fakernôch oerhearske, him optwong en de baas spylje woe. Ek de lûden feroaren en hearden no mear by de ôfbyldingen dy't er echt yn it each krige. De kiker joech it treflik wer, en fan ynkringer feroare De Lytsk yn dielnimmer. Hy die mei yn de foarstelling dy't fanôf dat eagenblik gjin inkelde taskôger mear hie. Oan de iene kant makke it dat allegearre helderder, en oan de oare kant betize it him.
Eins woe er net meidwaan, mar hy moast wol. It duorre net sa lang, want ynienen ferskynde der in pinne foar de lins dy't it ferhaal fan de knikkerts op it doek skreau. Net mei inkt, mar mei ljocht. De Lytsk koe it hast net sa fluch lêze. Nei de pinne ferskynde der in kamera dy't as in koekjesparse foto's produsearre. Ofbyldingen fan himsels, fan de knikkerts, fan De Runs en fan al dy oaren.
De Lytsk wist no dat it net De Runs wie dy't foar it finster stie, mar dat se de samling foto's foarstelde dy't it ferhaal útmakken. Hy waard der op slach rêstiger fan, want it betsjutte dat hy no alles op in rychje hie. It wie fêstlein, en nimmen koe sizze dat er der mar wat op los fantasearre. De foto's mei de ljochtsjende teksten foarmen it bewiis.
De Runs wie in byldsje wurden op in foto. Foto's sieten ornaris yn in album en op 'en doer fergeaten de minsken dy foto's. De tiid makke har griis en feal, en oars de sinne wol. It stof soe der oerhinne falle.
De Lytsk fage it reinwetter fan de linzen foar de kiker. Reindrippen ferfoarmen de wrâld. Dat wist er gelokkich, en dêr wie er heel bliid mei. As it reinwetter ferdampt wie soe er alles wer gewoan sjen kinne en yn de wrâld omfytse. Miskien soe it knikkerjen sels wer mooglik wêze. Wa wit. Dochs woe er it knoopke fan De Ank nochris sjen, want hy wie der wis fan dat it doe net reinde, op it stuit dat er dêr mei in plûmke yn kitele. Doe lake er heel fûl.