reinbôge yn har opsleaten.
De fûlskinende knikkertrûnte feroare yn ien grutte spegel, dêr't alles hûndert kear útfergrutte waard. It âlde skoalplein kaam foar it ljocht dêr't de measte fan syn ûnderfiningen leine mei syn eigen glêzen bûtenlânske prachtknikkerts. It snijde him troch it liif, it pipe yn syn earen, en op 'e nij skeaten him de triennen yn syn eagen.
De Lytsk raasde, draaide him om en flechte by de muorre lâns en de beamkes. Hy woe se net mear sjen, hy woe se net mear hearre. Fuort fan dy hongerjende en laitsjende beesten. De triennen rûnen him oer it gesicht. Hy fong se yn syn hannen as wiene it de knikkerts út de magyske rûnte. Ien foar ien saaide er se nei de hollen fan it byld mei de twa koppen. Lykas de hûnen begûnen se te razen. Fan ferbjustering miskien, fan pine koe ek, want in pear troffen it doel.
Doe't er gjin triennen mear hie naam er de knikkerts út de rûnte. No feroaren de reinbôgekleuren yn ien reade opspattende kleur dy't him fermannichfâldige yn de loft en op de grûn. It geraas fan it byld makke plak foar it gerinkeltinkel fan glês dat út in finster foel. Heech boppe him hearde er de stim fan in frou.
De Lytsk seach omheech, en doe nei syn hannen. Yn de lofter hâlde er in fierrekiker en yn de rjochter lei noch in lyts kidelstientsje. De gerdinen fan it finster boppe him wapperen nei bûten. Glês lei njonken him yn it gers. De frou raasde no en stuts doe de holle troch it brutsen finster. It wie De Runs. Ek har nachtjurk feroare yn in gerdyn en waaide heal nei bûten. Achter har ferskynde in man. It like De Jent, mar it koe ek har heit wêze. Twa hannen pakten har fêst. Om de mul.
De Lytsk die in pear stappen tebek en rûn de boskjes yn. Hy die de kiker yn de grutte binnenbûse fan de liende reinjas fan syn heit. Hy wie bang, mar tagelyk fielde er ek in bytsje blidens. Alles wie noch net ferlern, hy hie al wat werom wûn, mei't syn stientsjeknikkerts doel troffen hiene. Thús hie er noch fjouwer reinbôgeknikkerts, en as it echt moast soe er it wiere ferhaal fertelle. De fjouwer koene tsjûgen wêze.
Fan in ôfstân seach er no ien foar ien kleurde ballonnen as fergrutte knikkerts út it iepen finster fleanen. Fiif kear achterelkoar. Dêrnei ferdwûnen ek de boarsten fan De Runs de loft yn. Sij feroare yn in keale beamstam, glêd en glibberich dêr't gjin mins yn klimme koe. Op har holle ferskynde in nêst dêr't in strânljip op siet. Miskien wie it in